• 14 oktober 2019

    RYNK BOSMA -  By tafal seach de Nederlânske skriuwer Arthur Japin yn de jierren njoggentich in deasike frou yn in praatprogramma op televyzje. De frou hie net lang mear te gean yn dit libben en socht in geskikte opfolger foar harsels sadat har man net allinne bliuwe soe. Dat tema brûkte Japin foar de roman De man van je leven dat ferline jier as toanielstik [...]

  • 7 oktober 2019

    ELSKE SCHOTANUS -  Al wurdt in toanielfoarstelling skreaun en regissearre – is tekst it fûnemint – al spylje foarmjouwing, ljocht, muzyk en technyk in wichtige rol by de yndruk dy’t in stik op it publyk makket, it binne de spilers dy’t it bouwurk oplûke. Yn de Tryaterfoarstelling Raze om protters, skreaun en regisearre troch Eelco Venema, binne dat Raymond Muller as de autistyske Doede, Aly [...]

  • 4 oktober 2019

    ELSKE SCHOTANUS -  It eazet as sa’n fjirtich man publyk út ’e auto stappe, ûnder de paraplu of mei de kapusjon oer de holle lutsen fan it parkearplak, oer it hôf op ’e doar fan it Sânfurder tsjerkje ôf stowe. ‘Gau nei binnen ta. Wat is ’t in waar net...’ Sy komme foar skriuwer, sjonger en muzikant Bennie Huisman dy’t dêr, twa jûnen achter elkoar [...]

  • 30 september 2019

    RYNK BOSMA -  Foarsichtich kinne je sizze, mar om’t hoeden in moaier Frysk wurd is, wurdt hjir dat wurd mar brûkt. En dat slacht dan op de útfiering fan it iepenloftspul fan Stifting Iepenloft Opsterlân. Dy stifting hie dit jier yn De Himrik it ferneamde Animal Farm fan George Orwell op it program en omdat de titel fan it boek fan 1945 in begrip is, [...]

  • 16 september 2019

    ELSKE SCHOTANUS -  Nei it súksesfolle ‘De Suvering’, twa jier ferlyn mei de fertutearze wettersuvering fan de eardere suvelfabryk as dekôr, bringt de Stifting Iepenloftspul Wergea dit jier op ’e nij lokaasjeteater. Diskear giet it om in harkspul. Mei de koptelefoan op fart it publyk yn trije preammen troch de Ringfeart om de ynpoldere Greate Mar. De ferteller fertelt it ferhaal ‘It lûd fan de [...]

  • 6 september 2019

    Understeande boeken bespruts Ernst Bruinsma op 31 augustus yn Op en út, it kultuerprogramma fan Omrop Fryslân: Hilda Talsma – De Onnie's en it hynstebal, Uitgeverij Elikser, €19,50 Ian McEwan – Machines zoals ik, oersetting Rien Verhoef, Uitgeverij de Harmonie, €24,90      

  • 2 september 2019

    ELSKE SCHOTANUS -  Stjer yn it tsjuster is de perfekte foarstelling foar Jorwert, it doarp dat mei syn jierlikse iepenloftspul alle jierren wer in enoarme cast oan spilers, musisy en dûnsers op ’e planken yn de notaristún wit te krijen. It stik is basearre op Lars von Trier syn film Dancer in the Dark, mei de Yslânske sjongeres Björk yn ’e haadrol. Al is it de [...]

  • 30 augustus 2019

    Understeande boeken bespruts Ernst Bruinsma op 10 augustus yn Op en út, it kultuerprogramma fan Omrop Fryslân: Saskia de Coster – Nachtouders, Uitgeverij Das Mag, €24,95 Elisabeth Day – Het Feest, Oersetting Eefje Bosch, Uitgeverij Ambo / Anthos, €22,99        

  • 12 juli 2019

    Understeande boeken bespruts Ernst Bruinsma op 29 juny yn Op en út, it kultuerprogramma fan Omrop Fryslân: Marga Minco – Het adres, 1957 Ad ten Bosch – De IJssel stroomt feller dan de Amstel, Uitgeverij van Oorschot, 2019