Birdman

MARINTHE DE HEK –  Birdman is in film dy’t net troch special effects of hostage dialogen oan dy optreaun wurdt, it is krekt in film dy’t op ‘e eftergrûn meisûst. Yn it skynber yn ien take filme ferhaal folgje wy akteur Riggan Thompson (Michael Keaton), dy’t mei syn bewurking fan Raymond Carver’s What We Talk About When We […]

Reiner Kunze 80 Achtzig

BENNIE HUISMAN –  Job Degenaar besoarge begjin 2014 by útjouwerij Liverse in lytse blomlêzing út it wurk fan dizze Dútse dichter, berne yn 1933 yn it Ertzgebirge as soan fan in Bergarbeiter. Yn ‘e jierren nei de oarloch it befoarrjochte ferrin foar in jonge ‘mei in fin mear’: studearje oan de universiteit yn Leipzig, dêr […]

Klinke mei in healleech en in healfol glês

ARJAN HUT –  Fyftich jier lyn kaam Sido Martens op de ULO by Piet Kok yn de klasse. Dat wie it begjinpunt fan in muzikale reis troch it libben. In reis mei in knik der yn: fan begjin jierren tachtich oant yn de jierren njoggentich rûn Martens sa hurd mooglik by de muzyk wei. Mar […]

De myte fan it Bilt omearme

ABE DE VRIES –  Stimd slik hjit de bondel gedichten, skilderijen en foto’s dy’t dichter Hein Jaap Hilarides en byldzjend keunstner Hendrik Elings ferline jier yn it noardlike waadljocht útjûn hawwe. In Biltse titel foar in boek dat de noard-Fryske kust besjongt: de swiere klaai, it bûtendykse lân, de fiere útsjoggen, de leechte, it neat. ‘Stimd’ […]

Brekber: Fryske chick-lit?

NIENKE JET DE VRIES –  Brekber is it fjirde boek fan Hilda Talsma (1971). Talsma’s boeken kinne troch it omtinken foar relaasjes en leafde typearre wurde as frouljusboeken. Har eardere trije boeken, dy’t it libben yn in Frysk doarp omskreaunen, foarmen in trilogy. Hoewol’t Talsma foar Brekber in oare setting keazen hat, is der ek […]

Een trein later

ARJAN HUT –  Bûten stoarme de winter om it Ljouwerter stasjon, mar nettsjinsteande it waaralaarm streamde de boppekeamer fan Kafé Wouters tsjin fiven moai fol foar de twadde edysje fan ‘Een trein later’. It wie dan ek poëzydei, in dei dat de wiere kulturele fynpriuwers, de leafhawwers fan it marzjinale en de fuortstipers fan it […]

Ernst Bruinsma yn Op en út

Dizze boeken bespruts Ernst Bruinsma yn ‘Op en út’ fan Douwe Heeringa, by Omrop Fryslân: – Anne Feddema, ‘De triennen fan Cheetah’. Afûk, Ljouwert 2014, Boek fan de Moanne febrewaris. – Ester Naomi Perquin, ‘Binnenkort in dit theater’. Van Oorschot, Amsterdam 2014. www.vanoorschot.nl – Joris van Casteren, ‘Het station’. Uitgeverij Bas Lubberhuizen, Amsterdam 2015. www.lubberhuizen.nl

Roemelings Heiligen en Heren

GERBEN DE VRIES –  In dissertaasje is in akademysk proefskrift. De promovendus wurket fjouwer jier of langer oan dizze wittenskiplike ferhanneling en at er it fragenoerke by it promovearjen sels oerlibbet mei er himsels doktor neame. No binne der útsoarte dissertaasjes yn ferskate soarten. Yn de (ek wittenskiplike) parse wurdt de lêste tiid wolris de […]

Gekheid mei in serieuze ûndertoan    

SJOERD BOTTEMA –  Gerke is gek op auto’s. Dêr wit er alles fan. Hy hâldt in selsmakke autoplakboek by. Ynstee fan in ferhaaltsje foarlêze stelt mem him jûns foar it sliepen gean in pear fragen út syn autoplakboek. Sels wit mem niks fan auto’s. En Gerke syn heit noch minder. Mar dy ynteressearret him nergens […]

Bert Brandsma op reis met jazzlegende Chris Barber

ARJAN HUT –  Op je 84e nog maar eens op tournee gaan, het is niet veel muzikanten gegeven. Chris Barber, de Britse bandleider en trombonist, timmert al 65 jaar aan de weg en is nog lang niet uitgespeeld. Hij richtte zijn eerste band al in 1949 op en brengt nu samen met de Friese saxofonist […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.