Kredyt izersterke ‘waan’ foarstelling

Gerrit Breteler

RYNK BOSMA –  Wanen wenje benammen yn de holle, sa folle wurdt dúdlik geandewei de foarstelling Kredyt yn De Bûnte Bok yn Ljussens. Kastlein Haaksma heart it ratteljen fan de bussen troch de daam, syn heit mei it hynder Bruno derfoar: In Belch mei Gelders bloed, Net al te wreed, net al te froed Net […]

Kimberley Piek overtuigt als Charlotte

RYNK BOSMA –  De voorstelling van de theatermonoloog Charlotte over de vier laatste dagen van Charlotte Corday is bijna even kort en krachtig als de sinistere, moorddadige guillotine op het toneel. Dat alles tegen een toepasselijke inktzwarte achtergrond en dat maakt het allemaal tot een beklemmende voorstelling. Kimberley Piek kruipt in de huid van Charlotte […]

Ernst Bruinsma yn Op en út

Dizze boeken bespruts Ernst Bruinsma by Douwe Heeringa yn it programma Op en út fan Omrop Fryslân, tsjin healwei tolven, fanút kafee De Bak. – Nelly Jongsma-de Jong, ‘Moard út it ferline’. KFFB, 2016. www.kffb.nl – Kira Wuck, ‘Noodlanding’. Podium, Amsterdam 2016. www.uitgeverijpodium.nl – Julian Barnes, ‘Het tumult van de tijd’. Atlas-Contact, Amsterdam 2016

De Eldering’s: pake en pakesizzer

GERBEN DE VRIES – Der hat in tiid west dat arsjitekten gjin keunstners wiene, mar gewoanwei ambachtslju. It eigenaardige is dat harren wurken – fansels ek kleurd troch it patina fan de tiid – gauris in mear keunstsinnige oanblik jowe as de gebouwen fan hjoeddeistige professionele arsjitekten. Mei oare wurden, in giele broek of in […]

Albert – Brusselske waffels – Camus

BAUKJE ZIJLSTRA –  Yn de jierren njoggentich wenne ik in jier yn Brussel, eins om in oplieding oan de toanielakademy te folgjen, mar dêr hie ik al gau myn nocht fan. Om yn myn ûnderhâld te foarsjen wurke ik as dosint by de taalskoalle fan Berlitz: Nederlânske les jaan oan expats fan multinationals. Yn dy dagen […]

Ruimtedier

SJOERD VAN METEREN –  ‘Het gaat om de interpretatie’ Bernlef   De nieuwe Nederlandstalige bundel van Elmar Kuiper heet Ruimtedier. Op het mooie omslag van Melle Hammer staat een echo van een baby in handstand in de buik van zijn moeder, met daaroverheen een röntgenfoto van het skelet van een vogel: de begin- en eindruimte […]

In folle bak foar advokaat Wim Anker

ELSKE SCHOTANUS –   Wat makket dat op it teaterkolleezje fan Wim Anker, tiisdei 8 maart yn de Ljouwerter Harmonie, achthûndert minsken ôfkomme? De priis sil it net wêze: it publyk telt grif €32,- del foar ynformaasje dy’t yn minder as gjin tiid op it ynternet te finen is. Ynbegrepen by de tagongspriis binne net allinne […]

Wohin rollst du, Äpfelchen?

ANNE FEDDEMA –  Boeken lêze? Ik bin der gék op en net allinne yn ’e fakânsjes hear. Tafallich wie ik, ein juny, krekt wer ris ta oan in boek fan de skriuwer Leo Perutz dus haw ik it ferline jier yn ‘e  simmerperioade lêzen. It liket my in goed plan om earst wat te fertellen oer […]

Joadekampen

GERBEN DE VRIES – In protte minsken hawwe noch altyd it idee dat sawat alle joaden yn de Twadde Wrâldkriich troch oproppen en razzia’s oppakt en strookrjocht nei Westerbork transportearre binne. Foar in wichtich part wie dat ek sa, mar der wie ek in kategory minsken dy’t earst yn in wurkkamp sieten. Oer dizze groep […]

Ik as lêzend minsk

GEART VAN DER MEER –  Ik ha de lêste tsien jier in fertalend minsk west: myn oersetting fan John Milton syn It Paradys Ferlern (1674) is ien fan myn grutste prestaasjes. Net dat ik de skriuwer en syn teology (hij woe Gods hanneljen tsjinoer de minsk rjochtfeardigje) sa graach lije mei – krekt oarsom, foaral […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.