Presintaasje Famke fan snie

TJITSKE VAN DIJK – It is sneintemiddei, it is prachtich maitiidswaar. Der rinne in soad minsken op ’e dyk yn Warkum. In hiel oantal dêrfan blykt, krekt as ik, ûnderweis nei ‘Op De Hoek Van De Stal’, nei de presintaasje fan de dichtbondel Famke fan snie van Paul van Dijk.   Dan draacht Paul foar […]

Boarrelpraat

GERBEN DE VRIES – Dat it omslach tige bekend foarkomt, is noch net it slimste.  Yn 2001 publisearre Korrie Korevaart Ziften en zemeleknoopen. Literaire kritiek in de Nederlandse dag-, nieuws- en weekbladen 1814-1848. Op it omslach is in skilderij út 1826 ôfbylde, makke troch Tjeerd Eernstman. It heart ta de kolleksje fan it Frysk Museum […]

Ik ben ik en jij bent jij

ELSKE SCHOTANUS – Role Model, in koproduksje fan it Uterske produksjehûs foar jong talint DOX en goreograaf/teatermakker Nicole Beutler (Nicole Beutler Projects), is in dûnskonsert rjochte op in publyk fan tolve jier en âlder. It tema is – de titel seit it al – rolmodellen en dan foaral it besykjen sels sa’n rolmodel te wêzen. […]

Kâlde kuier yn fuotstappen Tsjêbbe Hettinga

RYNK BOSMA – Burchwert ‘Gisele troch de glêzen swipen fan ‘e westewyn’, sa dichtet Tsjêbbe Hettinga healweis de jûn, wylst de minsken yn syn fuotstappen troch it doarp Burchwert kuierje. Allinne kaam dy wyn dizze kear op sneon 17 maart fan it easten en de gefoelstemperatuer, om mar ris in nijmoadrich wurd te brûken, kaam […]

De lêzende mins: In wek

KAREN BIES –  “Net op it iis komme!”, warskôgje ik myn soan, krekt as Eelke Lok altyd sei tsjin de jonge ferslachjouwers as se de doar út gongen (ek by tweintich graden boppe nul). Mar ik mien it, want it is net fertroud. Boppedat lês ik op dat momint in boek dat begjint mei in […]

Ernst Bruinsma yn Op en út

Understeande boeken bespruts Ernst Bruinsma koartlyn yn Op en út, it kultuerprogramma fan Douwe Heeringa foar Omrop Fryslân: Julian Barnes, ‘Het enige verhaal’. Vertaling Ronald Vlek, Atlas Contact. www.atlascontact.nl Ferdinand de Jong, ‘De tredde perioade’. Utjouwerij Bornmeer. www.bornmeer.nl          

Minimal Masters in melklokaal

SJOERD VAN METEREN –  […] ‘Mijn werk is puur. Het is mooi op een sobere en eerlijke manier doorzichtig.’ […] – Harmen Abma (1996) Het is een mooie tentoonstelling in een ruimte die bij uitstek geschikt is voor deze tentoonstelling: ‘Minimal Masters’, een selectie uit het oeuvre van Harmen Abma en Sies Bleeker. Als om […]

Prate yn de leechte fan in nije wrâld

ARJAN HUT – De bondel ‘Hingje net alle klean op deselde kapstôk’ ferskynt rûchwei in jier neidat Tsead Bruinja beneamd is ta Dongeradichter. Ien fan de gedichten, it lange ‘foarlopich lân’, wurdt in pear kear yn de wike fan it OBE-paviljoen ôf op de Aldehou projektearre. De twatalige útjefte (Fry/NL) is opmakke as in hantlieding, […]

Dûnsjend hout mei te min klean

RYNK BOSMA – Ek yn Mantgum mochten de boaten net farre en dat wie yn de oanrin nei de foarstelling De man dy’t hout dûnsje liet yn de Mariatsjerke tige spitich. Want sa moasten de besikers de moaie tekst fan it Intochtslied ‘Zomaar een dak boven wat hoofden/deur die naar stilte openstaat’ fan Huub Oosterhuis […]

Novelle fan in teloargong

EELTSJE HETTINGA – Ongezocht Ongeluk van Peter Handke is it boek dat my in klassiker wurden is. Sa by de jierren lâns haw ik it mear as ien kear lêzen. Soms kom ik it samar wer tsjin, lykas ferline wike doe’t ik, op ’e siik nei de ergens yn ’e hûs omslingerjende dichtbondel Het gesticht […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.