Oeds fan Fierwei tichteby minsken

RYNK BOSMA –  De knypeach fan no slacht in brêge tusken de tiid dat Odysseus neffens Homerus omdoarme troch in wrâld fol gefaren op wei nei hûs en de tiid dat Fierwei it Kultureel Haaddoarp fan Frikelân 2018 is. Mei Oeds fan Fierwei as alter ego fan dy sa ferneamde Grykse held fan doe en […]

Earnigens, freonskip en heldemoed

HIDDE BOERSMA – De earste kear dat ik hearde fan Tolkien syn The Lord of the Rings wie yn ‘e kibbutz yn Israël, yn 1999. Tegearre mei Oliver út Kolombia en Pavel út Tsjechië bewenne ik dêr in keamer yn it húske mei de namme The Cuckoosnest. We sieten de middeis nei it wurk op […]

Fryske grindpunkers helje út nei ‘orange cheeto’

ARJAN HUT –  Yn it Bibelboek Iepenbieringen kundigje de sân toeters fan de apokalyps de ein fan de wrâld oan mei in searje rampen dy’t de minskheid hap foar hap útrûgje, as straf foar harren sûnden op benammen it seksuele en religieuze mêd. Drummer Bart fan De Hûnekop en bassist/gitarist Sietze fan Icepick hawwe dêr […]

Wat in ûnderfining!

KLAAS RUSTICUS – Yn ‘e moannen dy’t oan ‘e offisjele iepening foarôf giene, hong der in opmerklike, wat aparte sfear yn ‘e stêd. In sfear fan spanning dy’t bern hawwe kinne yn ‘e dagen foar harren jierdei. Foarbygongers seagen inoaren glimkjend yn ‘e eagen, sûnder werkennen. In glimke fan in dield geheim dêr’t eltsenien him by belutsen fielt […]

Dobberjend muzykteater as oerfleanende guozzen

RYNK BOSMA –  De grutte giele bank dobbert aansens fan plak nei plak as dekôr fan de foarstelling Zout West  dy’t yn Starum  útein sette. Neam it dobberjend muzykteater dy’t yn tsien foarstellingen syn ljocht skine lit oer de ‘Zuiderzee’, de ‘Zuiderzeewet’ dy op 14 july 1918 der troch kaam. Pealtsjes út de skiednis dy’t […]

Kariljonpoëzij mei flearmûzen en pizzakoeriers

ARJAN HUT – As it oan de hjoeddeistige foarsitter fan 50Plus lein hie, dan sieten de goed fyftich besikers freedtejûn op it Hofplein yn de rein te harkjen nei beierdmuzyk en foardrachten fan Fryske dichters. Doe’t Geert Dales boargemaster wie, woe er ommers de Wilhelminabeam omlizze litte foar in better útsjoch fanút syn wurkkeamer. Mar […]

Sa heavy metal as Ronnie James Dio

ARJAN HUT –  “Dit is gjin heavy metal mar perfekte pop”, skriuwt Jacco de Boer op syn Facebook oer Prequelle, de nije Ghost. Itselde sentimint ek yn de kommentaren op metalblog Blabbermouth, ’this is not metal’. Mar Ghost is fansels sa heavy metal as Ronnie James Dio.   Melodieus, ferliedlik en folslein heavy sa’t ‘our […]

In ‘Jammerlijck Klaachlied’ yn Warkum

RYNK BOSMA – De aksje yn de foarstelling Een Jammerlijck Klaachlied yn de St. Gertrudistsjerke yn Warkum begjint al betiid. De minsken steane om de Waag hinne as der ynienen rebûlje is. Skipper Hendrik Pruyt wurdt opbrocht, om’t hy in Menist is en dus yn de eagen fan de Spanjaarden in ketter.   In skiednisleske […]

Nije canon Fryske literatuer

JOSSE DE HAAN –  Yn de wike dat ien fan de grutste wrâldskriuwers ferstoar – Philip Roth en syn alter ego’s – krige ik de Koarte Skiednis fan de Fryske Literatuer (‘Salang’t de beam bloeit’) yn mar leafst fjouwer talen. Roth – literatuer pur sang – en de Koarte Skiednis? Ik haw sa myn twifels no’t […]

Dat dy boer dat dien hat!

HIDDE BOERSMA –  De master fan ‘e Fryske oersetters is fansels Klaas Bruinsma. It is syn missy om de eare fan ‘e Fryske taal te rêden: as de taal dan úteinlik ferdwûn is, kinne lettere generaasjes sjen dat it Frysk in taal wie dêr’t serieus yn wurke waard.[1] Oan dizze mânske operaasje draacht Eric Hoekstra […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.