• Baukje Wytsma, altyd novimber

    30 december 2022

    In Memoriam Baukje Wytsma (1946-2022) Skriuwster en dichteres Baukje Wytsma (Reduzum, 01-04-1946) is tongersdei ûnferwachts ferstoarn. Sy is 76 jier wurden. Foar de Moanne hat sy in protte moaie bydragen levere, wêrûnder it gedicht ‘Altyd novimber’ dat te lêzen is yn de lêste edysje fan 2022. Wytsma lit in ryk oeuvre nei oan Fryske berneboeken, lietteksten, musicals en toanielstikken. Bonkefeartliet Yn 1976 debutearre se mei Romke [...]

  • 30 december 2022

    In Memoriam Baukje Wytsma (1946-2022) 'Wyt ljocht dat op de dingen falt, in ûnmeilydsum.ljocht. Tiid en plak ferdiizje. Libben om ‘e nocht.' Nee, dit is net in passaazje út Wyt Ljocht, de meast resinte bondel fan Baukje Wytsma, mar ien út har foarige, Sân Wylgen (2010). Yn it earste fers fan Wyt Ljocht, in koarte skets mei as titel De Fal, is der skrik wannear’t [...]

  • 22 december 2022

    Harkje nei: Gabrielle en Arjan Bedoele It Net Ferkeard Gabrielle liet A.I. in blackmetal-tekst skriuwe, it risseltaat liket derop! Te goed? En wat bard der as it Mr. Roboto-programma jins redaksjonele taken oernimt? Yn de podcast #NetFerkeard giet it fierder oer de moaiste films fan it jier en Henk Dillerop fertelt oer De Vrienden Van De Bres Live. In weromblik op Nazareth yn de stêd [...]

  • 20 december 2022

    HEARRENFEAN – Jurre Kuipers, Marrit Boetje en Marije Reitsema hawwe de 79e edysje fan FeRstival wûn, de Fryske foardrachtwedstriid foar learlingen út it fuortset ûnderwiis. Yn it Posthuis Theater op It Hearrenfean makken sy mei harren foardrachten de measte yndruk op de sjuery. Marrit Boetje yn aksje. (Foto Piet Douma) Jurre Kuipers fan Piter Jelles Stedsgymnasium wie de grutte winner by de Starters, [...]

  • 17 november 2022

    DE SIMMERDEIWa hat de wrâld makke?Wa hat de swan makke, en de swarte bear?Wa hat de sprinkhoanne makke?Dizze sprinkhoanne, bedoel ik –dy’t út it gers tefoarskyn kaam is,dy’t sûker út myn hân yt,dy’t har kaken hinne en wer beweecht yn plak fan op en del –dy’t mei har grutte gearstalde eagen om har hinne sjocht.No tilt se har bleke ûnderearms op en wasket se har [...]

  • 10 november 2022

    YN 'E BOSK SLIEPEIk tocht dat de ierdemy noch koe, senaam my sa leafdefol werom, hardonkere rokken skikkend, har bûsenfol koarstmossen en siedden. Ik sliepteas noait earder, in stienop it rivierbêd, neattusken my en it wite fjoer fan de stjerrenas myn tinzen, en se fladderenlicht as motten tusken de tûkenfan de perfekte beammen. De hiele nachthearde ik de lytse keninkriken om my hinnesykheljen, de ynsekten, [...]

  • 3 november 2022

    DE BLAUWE HYNDERS FAN FRANZ MARC   Ik stap yn it skilderij fan de fjouwer blauwe hynders. Ik ben net iens ferheard dat it kin. Ien fan de hynders rint nei my ta. Syn blauwe noas jout my in triuwke. Ik liz myn earm op syn blauwe moanjes, pak se net fêst, meitsje allinnich mar ferbining. Hy gunt my de wille. Franz Marc stoar jong, [...]

  • 13 oktober 2022

    IN PEAR FRAGEN DY’TST STELLE KINNE SOESTIs de siel taastber, as izer?Of is er tear en brekber, asde wjukken fan in mot yn de bek fan de ûle?Wa hat in siel en wa net?Ik bliuw mar om my hinne sjen.It gesicht fan de eland is like drôvichas it gesicht fan Jezus.De swan iepent har wite wjukken stadich.Yn de hjerst nimt de swarte bear blêden mei [...]

  • 9 oktober 2022

    TEKST: JACOB HAAGSMA Perio is de meast eigensinnige útjouwerij fan hiel Fryslân en, wierskynlik, fier dêrbûten. In titel as Ite & skite seit al genôch – en oars de plaatsjes wol. Willem Winters hâldt op mei it útjaan fan sokke nuveraardige miniatuerkes en hat it spul oerdien oan Hans van der Heijde. Earder dit jier wie ik op besite by Willem Winters en syn frou [...]