Gabrielle & Arjan Bedoele It Net Ferkeard 22-12-22

Harkje nei: Gabrielle en Arjan Bedoele It Net Ferkeard Gabrielle liet A.I. in blackmetal-tekst skriuwe, it risseltaat liket derop! Te goed? En wat bard der as it Mr. Roboto-programma jins redaksjonele taken oernimt? Yn de podcast #NetFerkeard giet it fierder oer de moaiste films fan it jier en Henk Dillerop fertelt oer De Vrienden Van […]

Jurre Kuipers, Marrit Boetje en Marije Reitsema winne FeRstival

HEARRENFEAN – Jurre Kuipers, Marrit Boetje en Marije Reitsema hawwe de 79e edysje fan FeRstival wûn, de Fryske foardrachtwedstriid foar learlingen út it fuortset ûnderwiis. Yn it Posthuis Theater op It Hearrenfean makken sy mei harren foardrachten de measte yndruk op de sjuery. Jurre Kuipers fan Piter Jelles Stedsgymnasium wie de grutte winner by de […]

Gedichten fan Mary Oliver (slot) : De Simmerdei

DE SIMMERDEI Wa hat de wrâld makke?Wa hat de swan makke, en de swarte bear?Wa hat de sprinkhoanne makke?Dizze sprinkhoanne, bedoel ik –dy’t út it gers tefoarskyn kaam is,dy’t sûker út myn hân yt,dy’t har kaken hinne en wer beweecht yn plak fan op en del –dy’t mei har grutte gearstalde eagen om har hinne […]

Gedichten fan Mary Oliver: Yn ‘e bosk sliepe

YN ‘E BOSK SLIEPE Ik tocht dat de ierdemy noch koe, senaam my sa leafdefol werom, hardonkere rokken skikkend, har bûsenfol koarstmossen en siedden. Ik sliepteas noait earder, in stienop it rivierbêd, neattusken my en it wite fjoer fan de stjerrenas myn tinzen, en se fladderenlicht as motten tusken de tûkenfan de perfekte beammen. De […]

Gedichten fan Mary Oliver: De blauwe hynders fan Franz Marc

DE BLAUWE HYNDERS FAN FRANZ MARC   Ik stap yn it skilderij fan de fjouwer blauwe hynders. Ik ben net iens ferheard dat it kin. Ien fan de hynders rint nei my ta. Syn blauwe noas jout my in triuwke. Ik liz myn earm op syn blauwe moanjes, pak se net fêst, meitsje allinnich mar […]

Gedichten fan Mary Oliver: In pear fragen dy’tst stelle kinne soest

IN PEAR FRAGEN DY’TST STELLE KINNE SOEST Is de siel taastber, as izer?Of is er tear en brekber, asde wjukken fan in mot yn de bek fan de ûle?Wa hat in siel en wa net?Ik bliuw mar om my hinne sjen.It gesicht fan de eland is like drôvichas it gesicht fan Jezus.De swan iepent har […]

Willem Winters, de uterwaarden fan de keunst

TEKST: JACOB HAAGSMA Perio is de meast eigensinnige útjouwerij fan hiel Fryslân en, wierskynlik, fier dêrbûten. In titel as Ite & skite seit al genôch – en oars de plaatsjes wol. Willem Winters hâldt op mei it útjaan fan sokke nuveraardige miniatuerkes en hat it spul oerdien oan Hans van der Heijde. Earder dit jier […]

Socht: nije berneboekeskriuwers!

Woest altyd al ris in berneferhaal skriuwe? Of miskien in berneboek? Liket it dy moai om dyn fantasije oan it wurk te setten? Mar hoe dochst dat? Hoe fier rikt dyn ferbylding? Hoe witst oft it geskikt is foar bern? Hoe skriuwst spannend of grappich of libbensecht? Wat wurket foar dy en wat perfoarst net? […]

Gedichten fan Mary Oliver: Wylde Guozzen

WYLDE GUOZZEN Hoechst net goed te wêzen.Hoechst gjin kilometers op dyn knibbelstroch de woestyn te rinnen út berou.Hoechst allinnich mar it sêfte wêzen fan dyn lichemhâlde te litten fan wat it leafhat.Fertel my oer dyn wanhoop, dan fertel ik dy oer dy fan my.Ûnderwilens draait de wrâld troch.Ûnderwilens lûke de sinne en de kristallen reindrippenoer […]

De Moanne nr 4 – De Kleau

Omslach de Moanne 4 2022

Neidat de hiele simmer de ferhalen fan seis skriuwers te lêzen wiene yn Ljouwerter Krante en op de webside fan de Moanne, is no alles moai bondele yn in spesjale útjêfte fan de Moanne: de Kleau. Nijsgjirrich? Bestel dizze edysje dan fia ynfo@demoanne.nl. Redaksje Wilbert Elting, Amarins Geveke, Tialda Hoogeveen, Kirsten van Santen Yllustraasjes Sietske […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.