• 20 april 2023

    Dichter Syds Wiersma draacht sneon 22 april by de fontein by it Ljouwerter Stasjon gedichten fan Vicent Andrés Estellés foar, ta gelegenheid fan Boeke- en Roazedei Wiersma, argyffoto 2016 Boeke- en RoazedeiSneon 22 april sil yn de Afûk-winkel de Boeke- en Roazedei wer fierd wurde. De moarns om 11:30 oere is der in lyts programma mei ûntfangst yn de winkel, wêrnei’t it programma [...]

  • Vicent Andres Estelles

    19 april 2023

    De dea sil komme, en ik sil net op bêd lizze, net yn de keamer op de bank sitte: ik sil op him wachtsje yn it treppehûs, by myn famylje dy’t fan it plattelân komt, tiptop as stutsen yn sneinsklean fan seeblauwe snjit, mei de strik wat dwers, en it sil net noadich wêze dat er deryn komt: ik sis jim oant sjen, troch de [...]

  • 19 april 2023

    Woansdeitejûn 26 april organisearret Dichterskollektyf RIXT wer in Literêr Sirkwy. Dizze kear by Tresoar, yn kafee De Gouden Leeuw. Dielnimmers oan de kursus ‘Poëzy skriuwe’, ôfrûne winter organisearre troch Tresoar en RIXT, bringe harren wurk nei foarren.  Nei it skoft is der in iepen poadium. Dêr sil ûnder oaren poëzy fan de Katalaanske dichter Vicent Andrés Estellés yn Fryske oersetting en yn it Katalaansk foardroegen [...]

  • Vicent Andres Estelles

    18 april 2023

    De ferealen It fleis wol fleis. Ausiàs March Der hawwe yn Valencia net twa sa fereale west as wy. Wyld begearden wy inoar fan moarns oant nachts let. Alles stiet my wer foar eagen wylsto de wask ophingest. De jierren giene foarby, einleaze jierren; der is in soad bard. Samar ynienen grypt er my, dy wyn fan de leafde en wy rôlje oer de flier [...]

  • Vicent Andres Estelles

    17 april 2023

    Hjir bin ik te wrâld brocht, hjir bin ik. En om’t bepaalde saken my oerkomme, sjong ik der hjiroer, sis ik se hjir. Hjir bin ik te wrâld brocht, hjir bin ik. Hjir wurkje en tútsje ik. Hjir gean ik dea en hjir laitsje ik. Hjir stean ik noed foar it gewaaks. Tsien wierheden en fjouwer myten. Hjir bin ik te wrâld brocht, hjir bin [...]

  • Hoge woorden

    7 april 2023

    Produksjehûs Explore the North en Ljouwert UNESCO City of Literature presintearje tegearre mei spoken word-keunstner Marrit Jellema it nije spoken word-platfoarm Hoge Woorden. Marrit programearret en presintearret fjouwer poadiumjûnen mei ferskate spoken word-performers yn De Westerkerk yn Ljouwert. Spoken word is in literêre presintaasjefoarm mei in tige performatyf karakter. De poadiumjûnen binne enerzjyk en entûsjast en der it publyk hat in grutte rol. De jûnen wurde [...]

  • 4 april 2023

    Op 14 en 19 april presentearret dichter Eeltsje Hettinga syn dichtbondel 'Te pearde–Tepeerde’ dy’t gearstald is nei oanlieding fan de Gysbert Japicxpriis dy’t hy wûn yn 2021. Skriuwer-dichter Eeltsje Hettinga krige yn 2021 de Gysbert Japicxpriis takend foar syn wurkas Dichter fan Fryslân (2017-2019). De provinsje Fryslân stelde de laureaat yn de gelegenheidom in seleksje út eigen wurk meitsje te litten. Skriuwster Elske Schotanus stalde [...]

  • 29 maart 2023

    Gabrielle en Arjan wurde in depressyf fan aaklike reaksjes op Facebook ûnder nijsberjochten, wêrom is elkenien sa lilk? Bygelyks oer in plestik klitoris, men liket wol hieltyd preutser en konservativer te wurden en dat stimt ús swiermoedich. Sels yn it echt ûntkomst net oan skombekjende gleone koppen. Arjan (achteryn) yn aksje as Wâlddichter, de boargemaster begeliedet him op piano. (boarne: gemeente Achtkarspelen) Wat [...]

  • Rely Jorritsma

    17 maart 2023

    De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten is wer iepensteld. It is de 69ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei 1000 euro. De ynstjoertermyn slút 15 maaie o.s. De sjuery bestiet út Beart Oosterhaven, [...]