Carolina Pihelgas – Nacht

Ik hâld de jûn yn myn hân as wie it in apel dy’t eins daliks opiten wurde moat, want hy stiet op it rantsje fan bedjerren. De skimer falt hoeden oer it kanaal, de brêge en de stille treppen by myn finster del. Alles is sa feroarlik as de maitiid. En ik: hjir ferside, yn […]

Langstme reitsjend oan langstme – Aggie van der Meer (1927-2023)

“Wiene we allegear mar in lyts bytsje mear Aggie” ARJAN HUT – Sneon, wylst de sûndfloed oer it lân losberste, is Aggie van der Meer op 95-jierrige leeftyd ferstoarn. De skriuwster kaam op lettere leeftyd literêr op gong en bleau oant de ein ta warber. Se lit in grut en yndrukwekkend oeuvre nei, mei titels […]

Dit is wat’sto witte moatst oer de útslach fan de poëzyposterwedstryd fan Dichter fan Fryslân

Bauke Vermaas, Berber Spliethof, Lara Kool-De Vries, Neeltje Terpstra en Sietske Boonstra binne de winners fan de poëzijwedstriid fan de Dichter fan Fryslân. De winners ûntfange €200,- en de gedichten wurde as poëzijposters ferspraat ûnder alle middelbere skoallen yn Fryslân.  Sigrid Kingma, Dichter fan Fryslân: ‘Ik bin hiel tefreden oer de ynstjoerings. Moai is ek […]

Erik de Boer, dadadichter – Aalscholvers

Erik de Boer (foto Jan van der Kolk)

Fia de qr-koade yn de Moanne binne jo hjir telâne kaam. Hjir kinne jo lústerje nei it gedicht ‘Aalscholvers’ fan Erik de Boer, it gedicht is mar ien kear earder foardrûgen, op Poëzie Zaterdag, en sil te lêzen wêze yn syn folgjende bondel. Klik op ûndersteande link om de lústerjen nei dit bûtsjende gedicht: Aalscholvers […]

Gabrielle & Arjan bedoele it net ferkeard: Fakânsje!

Spoken word, poëzy & metal, wat bart der allegear yn de studio fan Schaaf? Annemarie Lindeboom leit it ús út. Gabrielle (no professor yn de popkultuer) hat noch nea in Spiderman-film sjoen, mar sil al nei Barbie èn Oppenheimer.   We harkje nei Foppe Land syn foardracht yn de Gouden Leeuw op 16 maaie. Sjogge […]

23-09-2023: Literair Festival Dokkum!

Op 23 september 2023 vindt in de Bonifatiuskapel het Literair Festival Dokkum plaats, het grootste literaire festival van Friesland. En daar horen de grootste namen uit de Nederlandse literatuur bij! Bibliotheken Noord Fryslân en Boekhandel Van der Velde nodigden voor deze eerste editie Adriaan van Dis, Heleen van Royen en Esther Gerritsen uit. Zij reizen […]

Nij ferskynd by de Afûk: ‘Ien tel de ierde stil’ fan Arjan Hut 

Ien tel de ierde stil

Ien tel de ierde stil is de nijste dichtbondel fan Arjan Hut en skreaun yn de tiid dat hy wâlddichter wie fan de gemeente Achtkarspelen. Yn in perioade fan lockdowns, mûlkapkes en jûnsklokken, by him thús oan de Delistrjitte, by Tresoar, yn de trein fan Ljouwert nei Bûtenpost, ûnderweis yn de bus nei Surhústerfean, op […]

Gysbert Japicxpriis wike 2023

Gysbert Japicx Prijs, Ydwine de Boer

Mei in lytse betinking jout Tresoar hjoed de ôftraap foar in ryk en moai programma rûn de Gysbert Japicxpriis wike nei de simmer. It programma is in gearwurking fan Tresoar, Leeuwarden City of Literature, Explore the North en de Moanne. Dit jier wurdt de wichtichste literêre priis fan Fryslân, de Gysbert Japicxpriis, wer útrikt. De […]

Gabrielle en Arjan Bedoele it Net Ferkeard: No sa!

Moatst tsjintwurdich in Gofundme-akkount oanmeitsje ast in patatsje helje wolst. In nije rubryk, “No Sa”: Gabrielle har kollum, oer de tiid. Arjan lêst ek in kollum, oer Naar gelang het noorden. Sipke de Schiffart skreau in poepgedicht foar it projekt Wjerspegelje fan City of Literature. Wêrom drinke we gjin bargemolke? Frouljushaat wie eartiids hiel gewoan, […]

Boeken as medisyn yn kringloopwinkel Drachten

Jurgen van Tiggelen

Ljouwert UNESCO City of Literature en De Culturele Apotheek hâlde op sneon 15 july tusken 14.00 en 16.00 oere in fergees ynrinsprekoere ‘boeken op recept’ op de grutte boekôfdieling fan kringloopwinkel Hart in Friesland yn Drachten. Dizze spesjale apoteek skriuwt gjin salfkes of pillen foar, mar literêre medisinen tsjin deistige krupsjes. Wa’t lêst hat fan […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.