Meitsje in DaDaDichtsel uit de DaDaDichtPot

End of April / Hester Schippers.

Dada en Dr8888 hawwe al 100 jier in bysûndere relaasje mei inoar. Fansels fanwegen de Dútske keunstner Kurt Schwitters dy’t befreone wie mei de twa Drachtster bruorren Evert en Thijs Rinsema. En mei Theo van Doesburg, de man dy’t wat no hjit de Papegaaiebuert kleur joech. Net sa gek dus dat Hester Schippers just yn […]

Alle moais foar 2024, twivelje gerêst

Titi Zaadnoordijk

Nee, de wrâld is net sa grut. It hinget oan in tinne tried. In wûnder? Miskien net, miskien wol. Twivelje gerêst, it makket dy miskien ta minske. Der is safolle datsto mist asto alles seker witst. Arjan Hut – Dichter fan Fryslân

Gabrielle en Arjan Bedoele it Net Ferkeard: Transformaasje en Jûntiden

Arjan hat in supersmûke wurkwike as Dichter fan Fryslân en Gabrielle hat yn Dútslân op de Krystmerke west. Hoe is it om yn de redaksje fan in literêr tydskrift te sitten? En mei Gabrielle noch wol by Pauper Poëzie no’t se oan in Frjentsjerter grêft wennet? Arjan stelt fragen oer nepnijs en fertelt hoe’t it […]

Blommen foar Reve by de Aldehou

100 jier Reve

Hjoed is it 100 jier lyn dat Gerard Reve yn Amsterdam berne waard. Pal foar de Liwwadder Aldehou leit Reve’s gedicht Boetpsalm, dit tableau it is ûnderdiel fan de Ljouwerter poëzyrûte. Greonterp Dat gedicht giet oer Reve syn bysûndere tiid yn Fryslân. De katolike skriuwer wenne in skoft lang yn Greonterp mei syn twa geleafden […]

Gabrielle en Arjan Bedoele it Net Ferkeard: Twivels? en Gjalpen!

Arjan is Dichter fan Fryslân wurden en Gabrielle ynwenner fan Frjentsjer, se ha der fan alles oer te fertellen, want hoefolle stress hat Arjan en wat is der te dwaan yn Frjentsjer as der net iens in boekwinkel is? Bert de Vries draacht syn gedicht Gjalp foar en Arjan syn earste DfF-gedicht Twifelje mei (ferzje […]

Iepening Explore: ‘Bestaanszekerheid’

Wy sjogge werom op in prachtedysje fan it festival ‘Explore the North’! Muzyk, literatuer, foarlêssesjes, ynterviews, poëzij en noch hiel folle mear of dat allegearre tagelyk. Koene wy it mar opnij belibje, dêrom noch hiel efkes werom nei de iepening yn de Stadskas wêr Mees van Rijswijk it gedicht ‘Bestaanszekerheid’ foardroech. Als iemand vraagt of […]

Arjan Hut nije ‘Dichter fan Fryslân’!

Arjan Hut

Arjan Hut is de nije Dichter fan Fryslân! Dat is hjoed bekend makke. Hy folget Sigrid Kingma op, sy wie de tredde Dichter fan Fryslân nei Nyk de Vries en Eeltsje Hettinga. De offisjele beneaming fan de nije Dichter fan Fryslân fûn hjoed plak yn de Stadskas fan it Explore the North-festival op it Aldehouster […]

Poëtysk Frysk en josels doarre te bliuwen

Poëtysk Frysk en poëtysk Ingelsk binne offisjeel oan elkoar keppele by de boekpresintaasje fan keunstner Liza Prins har boek ‘Bitterswiet: ûndersyk nei Tiny Mulder yn wurd en stim’. Boppedat jout it oan dat jo as minsk josels wêze meie en ek jo eigen taal brûke meie. Mulder wie op it mêd fan taal en fan […]

De Keunstmjittige Ierdappel?

Maria Louise van Hessen Kassel – Marijke muoi – lit de ierdappel priuwe op it Prinssessehof te Ljouwert, omstrings 1742

It projekt: De Keunstmjittige Ierdappel? fan Frysk en Frij is in projekt dat de feroaringen oangeande de ierdappel sichtber meitsje wol, en minsken ta tinken sette wol oer de feredeling, maakbaarheid en sa fierder hinne. Dit petear ferrint ûnder mear troch in sammelbondel yn ferskate streektalen út te bringen en wurkwinkels teäter en poëzy op basisskoallen […]

De Nije Moanne, spesjaal foar bern!

Pim Lammers

Mei de lêste edysje fan de Moanne, is de twadde special foar bern in feit. Dizze kear mei wer prachtige bydragen fan al dat goede Fryske talint dat de provinsje ryk is, lykas Lida Dykstra, Linda de Haan, Yke Reeder, Nina Peckelsen en Paul van Dijk. In tydskrift fol mei poëzij, ferhalen en opdrachten dy […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.