6 oktober 2022
WYLDE GUOZZENHoechst net goed te wêzen.Hoechst gjin kilometers op dyn knibbelstroch de woestyn te rinnen út berou.Hoechst allinnich mar it sêfte wêzen fan dyn lichemhâlde te litten fan wat it leafhat.Fertel my oer dyn wanhoop, dan fertel ik dy oer dy fan my.Ûnderwilens draait de wrâld troch.Ûnderwilens lûke de sinne en de kristallen reindrippenoer it lânskip,oer de prairies en de djippe beammen,de bergen en de [...]
13 september 2022
Sietske Harkema Neidat de hiele simmer de ferhalen fan seis skriuwers te lêzen wiene yn Ljouwerter Krante en op de webside fan de Moanne, is no alles moai bondele yn in spesjale útjêfte fan de Moanne: de Kleau. Nijsgjirrich? Bestel dizze edysje dan fia ynfo@demoanne.nl. Redaksje Wilbert Elting, Amarins Geveke, Tialda Hoogeveen, Kirsten van Santen Yllustraasjes Sietske Harkema Skriuwers Raymond Muller, Nicole van [...]
8 september 2022
SYDS WIERSMA - De wike foarôfgeand oan The Days of Poetry and Wine yn it Sloveenske Ptuj, dêr’t ik optrede moast, reizgen wy troch West-Slovenië. Ik hie der noait west mar ûntduts dat it ien fan de moaiste stikken Europa is dy’t ik ken. In magnifike berchstreek, mei spektakulêre útsichten en paden, en hjir en dêr djippe kloven om dy yn te ferliezen. Mar it [...]
30 augustus 2022
© Afûk útjouwer De earste Diet Huberpriis, ornearre foar it moaist yllustrearre berne- of jongereinboek, giet nei By Beppe Utfanhûs, skreaun en yllustrearre troch Mirjam van Houten (Beetstersweach, 1977). De sjuery, dy’t bestiet út Susan van den Berg, Margaretha Cats en Dolf Verroen, krige tweintich boeken foarlein, dêr’t nei earste skifting fiif fan oerbleaune. Boeken mei in grut ferskaat, dy’t de yntinsjes en [...]
19 augustus 2022
Eppie Dam hat oersettingen makke fan in oantal nûmers fan Joni Mitchell. Inez Timmer hat dy op cd en lp setten en yn eigen behear in tekstboekje útbrocht. Oan it projekt is in teaterkonsert ferbûn, dat ûnder de namme Baas giele taksy op 7 oktober yn premjêre giet yn De Harmonie. Inez Timmer en Eppie Dam hawwe earder gearwurke yn in projekt om de joadinne [...]
13 augustus 2022
Dizze simmer publisearje de Leeuwarder Courant en literêr tiidskrift de Moanne seis koarte ferhalen, lietteksten en gedichten fan oanstoarmjend Frysk skriuwtalint. De skriuwers bûgden har oer it tema ‘de kleau – de kloof’. Hjoed de 5e bydrage, it ferhaal fan Rinske Dolstra. De yllustraasje is fan Sietske Harkema. Set fêst yn de aginda: 4 oktober is ‘de Kloof’ te sjen yn de Stadskas, by Explore [...]
9 augustus 2022
'ik haw de oarsprong fan alle gedichten moete ...' No te hearren op ús YouTube-kanaal: Preston Losack syn bydrage foar it projekt 'de kloof/de kleau', de simmerske gearwurking tusken De Moanne en Leeuwarder Courant, wêryn seis nije talinten in gedicht, ferhaal of spoken wurd bydrage makken oer it tema. https://www.youtube.com/watch?v=EP_E31_wsNI
6 augustus 2022
Dizze simmer publisearje de Leeuwarder Courant en literêr tiidskrift de Moanne seis koarte ferhalen, lietteksten en gedichten fan oanstoarmjend Frysk skriuwtalint. De skriuwers bûgden har oer it tema ‘de kleau - de kloof’. Hjoed de fierde bydrage, de spoken word tekst fan Mees van Rijswijk. De yllustraasje is fan Sietske Harkema. Set fêst yn de aginda: 11 oktober is 'de Kloof' te sjen yn de [...]
5 augustus 2022
De ôfrûne dagen hat Streekdichter fan Noardeast-Fryslân, Geart Tigchelaar, yn alle doarpen fan de gemeente mei krytspray in gedicht oanbrocht. Yn totaal hat er tsien gedichten – sawol Frysk as Nederlânsk – yn de fytstas meinommen. De gedichten binne fjouwerrigelich en passe presys op in stoeptegel, fandêr de namme fan it projekt: Tegelpoëzy. Fotografy: Sjoerd Hania It idee is om op in ûnferwachte [...]