• 27 maart 2024

    GERRIT HOFSTRA -  Under grutte belangstelling is op freed 8 maart yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert de ôfskied nommen fan Piter Zwart. Zwart wie Tiimlieder Orkestsaken by it Noord Nederlands Orkest en earder Haad Kultuer by Omrop Fryslân en warber yn de Fryske kulterele wrâld. Under oaren as foarsitter fan de provinsjale advyskommisje poadiumkeunsten, lid fan de advysgroep kultuer fan de gemeente Ljouwert en [...]

  • 14 februari 2024

    Hoera! Meindert Talma (Surhústerfean, 1968) sil it kadoboek foar de Fryske Boekewike 2024 skriuwe. Leafhawwers fan syn gauris autobiografyske boeken fregen har al jierren ôf, wêrom freegje se de âld-Wâldsjonger net? It parseberjocht giet út op Falentynsdei, en komt mei in ekstra ferrassing: Talma is krekt klear mei in oar manuskript! Dat, meitsje mar fêst wat romte yn de boekekast. Meindert Talma lit it [...]

  • 13 februari 2024

    Stedsdichter Marrit Jellema hat in fideo opnaam wêryn 't sy it gedicht Geen ode zonder pijn foardraacht en harsels foarstelt oan de bewenners fan de gemeente Ljouwert. Ek fertelt Marrit Jellema wat se as Stedsdichter berikke wol; se wol yn kontakt komme mei alle doarpen en wiken en sa poëzy yn de hiele gemeente Ljouwert ta libben bringe. Ek draacht se by offisjele gelegenheden in [...]

  • 31 januari 2024

    Marrit Jellema (30) is tiisdeitejûn beneamd ta nije Stêdsdichter fan Ljouwert. Yn de Westertsjerke makke wethâlder Hein Kuiken nei in koart programma bekend dat de kar fan de sjuery op de spoken word-artyst fallen is. ©Foto: Hoge Noorden/Jaap Schaaf. Marrit Jellema en Ronald Wijnia stelle har foar yn de Westertsjerke. Fjouwer finalisten bleaune nei in earste rûnde oer. Ien fan harren (Hendrik Willemsen, [...]

  • 13 november 2023

    Poëtysk Frysk en poëtysk Ingelsk binne offisjeel oan elkoar keppele by de boekpresintaasje fan keunstner Liza Prins har boek ‘Bitterswiet: ûndersyk nei Tiny Mulder yn wurd en stim’. Boppedat jout it oan dat jo as minsk josels wêze meie en ek jo eigen taal brûke meie. Mulder wie op it mêd fan taal en fan frouljusrjochten in subtile mar krêftige fersetsfrou, lykas sy dat ek [...]

  • 6 oktober 2023

    Mei in nije hoed op en in fleurich sin iepenet Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma tongersdeitemiddei It grut Dichtersbarren op it Aldehouster Tsjerkhôf te Ljouwert. Op it waaierige plein kinne minsken harkje nei foardrachten en oanskowe by ien fan de tafeldichters. Keunstner Erik de Boer skilderet derby en jûns is fierderop, yn Tresoar, in Literêr Kafee. M.G. NUNEZ-PRINSEN  “Jim meie der wol bykomme hear, op [...]

  • 11 september 2023

    “Jetske Bilker hat mei ''Spegel en sonde' in fakkundich literêr wurkstik ôflevere. Se bringt dêryn it tema deminsje tige betûft tepas om de algemiene delgong fan in haadpersoan te beskriuwen dy’t har libben op leagens en yllúzjes boud hat en alhiel ferslacht yn ’e rollen dêr’t se yn twongen is of dêr’t se harsels yn avensearre hat. Dêrby ferbynt se op in yntrigearjende wize in [...]

  • 13 augustus 2023

    "Wiene we allegear mar in lyts bytsje mear Aggie" ARJAN HUT - Sneon, wylst de sûndfloed oer it lân losberste, is Aggie van der Meer op 95-jierrige leeftyd ferstoarn. De skriuwster kaam op lettere leeftyd literêr op gong en bleau oant de ein ta warber. Se lit in grut en yndrukwekkend oeuvre nei, mei titels as Wachtsje op it daagjen, De oerfeart (Piter Jelles Priis [...]

  • 7 augustus 2023

    Bauke Vermaas, Berber Spliethof, Lara Kool-De Vries, Neeltje Terpstra en Sietske Boonstra binne de winners fan de poëzijwedstriid fan de Dichter fan Fryslân. De winners ûntfange €200,- en de gedichten wurde as poëzijposters ferspraat ûnder alle middelbere skoallen yn Fryslân.  Sigrid Kingma, Dichter fan Fryslân: ‘Ik bin hiel tefreden oer de ynstjoerings. Moai is ek dat de fiif bêste gedichten elk by in oar fak [...]