• 17 december 2022

    Boeken fan Fryslân skriuwt in ferhalewedstriid út foar lêzers yn it ramt fan de BoekWinterBoek-ferhalejûn dy’t op freed 10 febrewaris om 20.00 oere yn kafee De Bogt fen Guné yn Frjentsjer holden wurdt. Elkenien wurdt fan herte útnûge in koart ferhaal fan op syn meast 1.000 wurden te skriuwen op it tema ‘Ut ’e bocht’. Ferhalen meie yn it Frysk of yn ien fan de [...]

  • En dat foar in kat, Ate de Jong

    16 december 2022

    MARTSJE DE JONG - Om kado te jaan, foar ûnder de krystbeam of om mei ûnder in tekken te dûken. Boeken!   En dat foar in kat En dat foar in kat, Ate de Jong Libbensskôging troch Bonne, in boarre dy’t yn syn njoggende en lêste libben sit. Hy fertelt oer de minsken dy’t er yn al dy libbens trof, leave en wrede. [...]

  • 6 december 2022

    Dyn boek sinjearje yn in boekhannel. Lange rigen foar in dis mei steapels fan dyn nije wurk, en do sitst dêr mei in lamme hân fan it krabbeljen. Sa kin it wol wer, seist nei in oere as wat, en dan nimt in assistint dy mei, in kliber folk bliuwt teloarsteld achter. De werklikheid is gauris minder glamoureus! Net allinne begjinnende skriuwers, en grutte nammen [...]

  • 17 november 2022

    DE SIMMERDEIWa hat de wrâld makke?Wa hat de swan makke, en de swarte bear?Wa hat de sprinkhoanne makke?Dizze sprinkhoanne, bedoel ik –dy’t út it gers tefoarskyn kaam is,dy’t sûker út myn hân yt,dy’t har kaken hinne en wer beweecht yn plak fan op en del –dy’t mei har grutte gearstalde eagen om har hinne sjocht.No tilt se har bleke ûnderearms op en wasket se har [...]

  • 3 november 2022

    DE BLAUWE HYNDERS FAN FRANZ MARC   Ik stap yn it skilderij fan de fjouwer blauwe hynders. Ik ben net iens ferheard dat it kin. Ien fan de hynders rint nei my ta. Syn blauwe noas jout my in triuwke. Ik liz myn earm op syn blauwe moanjes, pak se net fêst, meitsje allinnich mar ferbining. Hy gunt my de wille. Franz Marc stoar jong, [...]

  • 13 oktober 2022

    IN PEAR FRAGEN DY’TST STELLE KINNE SOESTIs de siel taastber, as izer?Of is er tear en brekber, asde wjukken fan in mot yn de bek fan de ûle?Wa hat in siel en wa net?Ik bliuw mar om my hinne sjen.It gesicht fan de eland is like drôvichas it gesicht fan Jezus.De swan iepent har wite wjukken stadich.Yn de hjerst nimt de swarte bear blêden mei [...]

  • 9 oktober 2022

    TEKST: JACOB HAAGSMA Perio is de meast eigensinnige útjouwerij fan hiel Fryslân en, wierskynlik, fier dêrbûten. In titel as Ite & skite seit al genôch – en oars de plaatsjes wol. Willem Winters hâldt op mei it útjaan fan sokke nuveraardige miniatuerkes en hat it spul oerdien oan Hans van der Heijde. Earder dit jier wie ik op besite by Willem Winters en syn frou [...]

  • 8 oktober 2022

    Woest altyd al ris in berneferhaal skriuwe? Of miskien in berneboek? Liket it dy moai om dyn fantasije oan it wurk te setten? Mar hoe dochst dat? Hoe fier rikt dyn ferbylding? Hoe witst oft it geskikt is foar bern? Hoe skriuwst spannend of grappich of libbensecht? Wat wurket foar dy en wat perfoarst net? Berneboekeskriuwster Hanneke de Jong fersoarget in geskikte basiskursus foar dy. In [...]

  • Omslach de Moanne 4 2022

    13 september 2022

    Sietske Harkema Neidat de hiele simmer de ferhalen fan seis skriuwers te lêzen wiene yn Ljouwerter Krante en op de webside fan de Moanne, is no alles moai bondele yn in spesjale útjêfte fan de Moanne: de Kleau. Nijsgjirrich? Bestel dizze edysje dan fia ynfo@demoanne.nl. Redaksje Wilbert Elting, Amarins Geveke, Tialda Hoogeveen, Kirsten van Santen Yllustraasjes Sietske Harkema Skriuwers Raymond Muller, Nicole van [...]