• 7 april 2015

    FROUKJE SIJTSMA -  Set tolve tekeners fan de Nederlandse Kring van Tekenaars mei tolve Fryske skriuwers yn totaal seis dagen yn duo’s byelkoar yn it Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert. Freegje de tekeners en skriuwers om harren ynspirearje te litten troch de objekten, omjouwing en sfear. Lit de tekeners dat omsette yn byld en lit de skriuwers dêr dan wer in passend ferhaal of gedicht by [...]

  • 1 april 2015

    EELTSJE HETTINGA -  Marlene van Niekerk (1954) is ien fan de foarsteande dichters yn it hjoeddeiske Súd-Afrika. Se dosearret Afrikaanske en Nederlânske literatuer oan de Universiteit fan Stellenbosch yn Súd-Afrika. Har debút makke se mei de roman Triomf (1994), in boek oer de politike feroarings yn Súd-Afrika, yn it bysûnder oer de apartheid en it yn inoar stoarten fan dat systeem. De roman lit sjen dat it benammen [...]

  • 31 maart 2015

    JELLE BANGMA -   Regaad is in eigensinnige útjouwerij en bout oan in allyksa eigensinnich fûns. Op freedneimiddei 25 maart wie de presintaasje fan De skipsjonges fan Bontekoe. Roergonger Anne Tjerk Popkema fan Regaad soarge sels foar de oersetting en oerlange it earste eksimplaar oan skipper Bontekoe. Wy binne oan board fan it teaterskip de Bald’r en farre sabeare de Pikmar op, om ús oer [...]

  • 31 maart 2015

    ARJAN HUT -  In smûke sneontemiddei yn de Prinsetún, mar it waaide en reinde allegeduerigen. De polulieren en platanen hollebatsten hoeden op it grize ritme fan in foarjiersstoarm, de moaie wylgebeam by de fiver die lykwols net mei: hielendal koartfike. It paviljoen fan restaurant De Koperen Tuin siet goed fol mei besikers foar de 5e edysje fan it Sirkwy Sympoasium, mei as tema 'Fryslân en [...]

  • 9 maart 2015

    ATE GRIJPSTRA -  ‘Toen ik het terugzag, viel ’t me niet tegen’, seit de ynternasjonaal bekende stripkeunstner Dick Matena (1943). Hy hat goed tritich jier yn it bûtenlân wenne en syn stripferhalen waarden ûnder oaren publisearre by Spaanske, Belgyske en Amerikaanske útjouwers. Syn oeuvre waard net allinne bekroand mei de Nederlânske Stripschapsprijs, mar ek mei de Vlaamse Cultuurprijs voor de Strip. Yn de Lege Lannen [...]

  • 2 maart 2015

    EELTSJE HETTINGA -  De Fryske literatuer is net min bedield as it om oersettings of bewurkingen fan Sineeske poëzy giet. Mei de blomlêzing Liet fan it fjild foeget skriuwer Piter Boersma fyftich nei it Frysk oerbrochte gedichten by. De kar waard basearre op de Spiegel van de klassieke Chinese poëzie. Van het Boek der Odtot de Qing-dynastie fan sinolooch W.L. Idema, in blomlêzing dy’t trijetûzen [...]

  • 2 maart 2015

    Dizze boeken bespruts Ernst Bruinsma yn ‘Op en út’ fan Douwe Heeringa, by Omrop Fryslân: - Harke Bremer & Jarich Hoekstra, Leffert. In heldedicht yn tolve sangen. Bornmeer, De Gerdyk 2013. www.bornmeer.nl - Ronald Giphart, Harem. Uitgeverij Podium, Amsterdam 2015. www.uitgeverijpodium.nl - Lies van Gasse, Zand op een Zeebed. Wereldbibliotheek, Amsterdam 2014. www.wereldbibliotheek.nl            

  • 19 februari 2015

    BENNIE HUISMAN -  Job Degenaar besoarge begjin 2014 by útjouwerij Liverse in lytse blomlêzing út it wurk fan dizze Dútse dichter, berne yn 1933 yn it Ertzgebirge as soan fan in Bergarbeiter. Yn ‘e jierren nei de oarloch it befoarrjochte ferrin foar in jonge ‘mei in fin mear’: studearje oan de universiteit yn Leipzig, dêr ek wurkje kinne en de ûntjouwing as skriuwer. Dy’t al [...]

  • 6 februari 2015

    ABE DE VRIES -  Stimd slik hjit de bondel gedichten, skilderijen en foto’s dy’t dichter Hein Jaap Hilarides en byldzjend keunstner Hendrik Elings ferline jier yn it noardlike waadljocht útjûn hawwe. In Biltse titel foar in boek dat de noard-Fryske kust besjongt: de swiere klaai, it bûtendykse lân, de fiere útsjoggen, de leechte, it neat. ‘Stimd’ kin hjir betsjutte ‘op klank brocht’, mar ek: ‘in stim [...]