Gysbert 2015: Anne Feddema

De advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2015 hat 12 boeken nomineard foar de priis. Op 1 juny wurdt dizze ‘longlist’ werombrocht nei in rychje fan 3 titels. Dêr sil de Moanne wiidweidiger omtinken oan jaan. Yn it dossier oer de Gysbert 2015 in tal koarte fragen oan de nominearde auteurs. Net elkenien woe meiwurkje of antwurd jaan […]

Gysbert 2015: Ale S. van Zandbergen

De advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2015 hat 12 boeken nomineard foar de priis. Op 1 juny wurdt dizze ‘longlist’ werombrocht nei in rychje fan 3 titels. Dêr sil de Moanne wiidweidiger omtinken oan jaan. Yn it dossier oer de Gysbert 2015 in tal koarte fragen oan de nominearde auteurs. Net elkenien woe meiwurkje of antwurd jaan op […]

Anne Frank

ELINE DE VRIES –   Ik wie ferskuorrend bliid doe’t de Fryske ferzje fan it deiboek fan Anne Frank útkomme soe. Om my ta te rieden op de rol fan Anne Frank haw ik foarôfgeand oan de repetysjes ‘Het Achterhuis’ yn it Nederlânsk lêzen. Doe wie ik al bot ûnder de yndruk fan har wurden. No’t […]

Argyf Diet Huber

DRIJPIKKEL – As ik hiel inkeld ris mei minsken oer Diet Huber praat, dan wurdt faak as earste ‘de telefoan’ neamd. Dat se nammentlik sa faak belle. Dat se sa lang belje koe. Dy telefoan haw ik dêrom in bytsje mist yn de fierder tige nijsgjirrige middei dy’t ferline wike yn Tresoar organiseard waard oer […]

Skriuwer en oersetter: twa minsken, ien wrâld

MONIQUE FLINKER –  As in boek oerset wurdt yn in oare taal, ûntstiet der in bysûndere bân tusken skriuwer en oersetter. In hast ûnsichtbere, want beide moetsje elkoar eins noait. Dochs sieten oersetter Jantsje Post fan Winaam en skriuwster Monika Held út Dútslân ferline wike neist elkoar op de bank by útjouwerij Cossee yn Amsterdam. […]

Eksposysje ‘Museum fan Binnenút’: in krúsbestowing fan keunst

FROUKJE SIJTSMA –  Set tolve tekeners fan de Nederlandse Kring van Tekenaars mei tolve Fryske skriuwers yn totaal seis dagen yn duo’s byelkoar yn it Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert. Freegje de tekeners en skriuwers om harren ynspirearje te litten troch de objekten, omjouwing en sfear. Lit de tekeners dat omsette yn byld en lit de […]

Marlene van Niekerk

EELTSJE HETTINGA –  Marlene van Niekerk (1954) is ien fan de foarsteande dichters yn it hjoeddeiske Súd-Afrika. Se dosearret Afrikaanske en Nederlânske literatuer oan de Universiteit fan Stellenbosch yn Súd-Afrika. Har debút makke se mei de roman Triomf (1994), in boek oer de politike feroarings yn Súd-Afrika, yn it bysûnder oer de apartheid en it yn inoar stoarten […]

De skipsjonges fan Bontekoe no ek oer de Fryske marren

JELLE BANGMA –   Regaad is in eigensinnige útjouwerij en bout oan in allyksa eigensinnich fûns. Op freedneimiddei 25 maart wie de presintaasje fan De skipsjonges fan Bontekoe. Roergonger Anne Tjerk Popkema fan Regaad soarge sels foar de oersetting en oerlange it earste eksimplaar oan skipper Bontekoe. Wy binne oan board fan it teaterskip de […]

Fryslân en de wrâld 2.0

ARJAN HUT –  In smûke sneontemiddei yn de Prinsetún, mar it waaide en reinde allegeduerigen. De polulieren en platanen hollebatsten hoeden op it grize ritme fan in foarjiersstoarm, de moaie wylgebeam by de fiver die lykwols net mei: hielendal koartfike. It paviljoen fan restaurant De Koperen Tuin siet goed fol mei besikers foar de 5e […]

Dick Matena oer syn Frysktalige stripalbums

ATE GRIJPSTRA –  ‘Toen ik het terugzag, viel ’t me niet tegen’, seit de ynternasjonaal bekende stripkeunstner Dick Matena (1943). Hy hat goed tritich jier yn it bûtenlân wenne en syn stripferhalen waarden ûnder oaren publisearre by Spaanske, Belgyske en Amerikaanske útjouwers. Syn oeuvre waard net allinne bekroand mei de Nederlânske Stripschapsprijs, mar ek mei […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.