Fallussimmernachten

SYTSE JANSMA –     lâns risseljend reid steapelet de sleat oktaven as weagen werheljend de nacht draait himsels yn   in frisling fan roppende frosken it sliepkeamersrút op in kier in simmer fan swit wachtet boppe de   knoop yn ‘e klamboe it pantomime beweegjen fan sleatswetter noeget in skoalle reidjuffers om   as […]

Utnoadiging HAUSER-eksposysje

Op 29 augustus iepenet ‘HAUSER, In multimediaal epos’ troch Annemarie Estor en Lies van Gasse. Tresoar en de Moanne noadigje jo fan herten út om hjirby oanwêzich te wêzen. De njoggentjinde-iuwske figuer Kaspar Hauser (1812-1833) ynspirearret al hast twahûndert jier ferskate keunstners en skriuwers. Meast resint lieten Annemarie Estor en Lies van Gasse út Flaanderen harren ynspirearje troch Hauser […]

‘HAUSER heeft het geheel van een expositie nodig.’

TSJOMME DIJKSTRA –  Fan sneon 29 augustus ôf is de eksposysje HAUSER te sjen yn Tresoar. Dizze eksposysje toant it resultaat fan it artistike gearwurkingsprojekt fan keunstners en dichteressen Annemarie Estor en Lies van Gasse oer de mysterieuze figuer Kaspar Hauser dy’t yn 1828 opdoek yn Neurenberch en de wrâld – ynklusyf wittenskip – troch […]

Personages

ARJAN HUT –  Net voor het programma begon, liep een mysterieuze meneer met zilveren haar het kleine stadstheater binnen. Aan zijn zijde een mevrouw met pretogen. In het schemerdonker herkende ik hen eerst niet. Later kwam hij met uitgestoken hand op mij af. Het was Rienk Kruiderink, die samen met zijn vrouw Roos naar de […]

Keunst op nije lokaasjes yn Ljouwert

TSJOMME DIJKSTRA –  Wa’t it oanbod oan kultuer bylâns giet, kin net oars konkludearje: yn Ljouwert binne keunstsinnige inisjativen by de rûs. Yn tal fan hoeken fan ’e stêd wurde hjoed-de-dei ynnovearjende aktiviteiten opset. Fan ‘ienmalige’ festivals ta eksposysjes dy’t in poadium oan ferskillende keunstfoarmen biede: de fariaasje is grut. Inisjatyf ta fernijing is der […]

It is dien

SIMON OOSTING –      de tsjustere stjonkende gloppen mei sis mar de rook fan mige en rotsjende dridze yn reinwetterpuozzen dy’t dagenlang stean bleaun binne lit ik efter my sa’t ik ek de man dy’t my omearme smeekte efterliet op de glêde stiennen yn ’e rein   foar my leit in plein dat ljocht […]

Slagtedyk

SIMON OOSTING –      jim folgje de dyk de ûnsichtbere spoaren fan soartgelikense spilers mar yn oare klean en sa ’t jim tinke mei oare kleuren sy wienen skier of swart en drôvich ûnder lagen smoarch fernis   jim sluere as in leger tsjin it lânskip oan as dat wat mar efkes is tsjin […]

De Marboei – Elske Kampen

Yn dizze fideo fan Remco de Vries dichteres Elske Kampen op de Sitebuorster Ie by Grou. ‘Myn earste gefoel, doe’t wy mei de boat ôfsetten, wie it beweechlike. Je fiele yn je liif dat dingen los reitsje en dat betinke je net yn it foar.’ Har gedicht is werom te lêzen fia de mobile Marboei-webside en yn de Moanne nûmer 2. Yn opdracht […]

De man út de minen

SIMON OOSTING –      foar wa’t it nedich hat is de poëzij sei de rinnende man út de minen kaam er en dat koe ik hast net leauwe want de neiste minen binne dagen geans hjirwei   we dronken in flesse út en hy fertelde oer de froulju by de see   al haw […]

De Marboei – Arjan Hut

Yn opdracht fan de Marrekrite lansearre de Moanne ferline jier it projekt ‘De Marboei’. In marboei is in poëtysk ankerplak op it Fryske wetter. Earder skreaunen Maarten Inghels, Elmar Kuiper, Ellen Deckwitz en Jaap Krol al in gedicht op ’e Fryske marren. Dy gedichten binne mei GPS-lokaasje werom te finen fia de Marboei-webside dy’t bûn is oan in boei op ‘e […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.