• 22 april 2016

    MARRE SLOOTS -  Tsja, as je oan in Twadde Wrâldoarloch-freak as ik freegje om in stikje te skriuwen oer myn favorite boek, dan hoech ik dêr net sa lang oer nei te tinken. Hoewol’t de Twadde Wrâldoarloch it tema is fan de grutte mearderheid fan de boeken yn myn boekekast, springt dizze der echt út. Fanwege it oantal kear dat ik it lêzen ha, mar [...]

  • 22 april 2016

    In kreatyf wykein om frisse ideeën op te dwaan           Datum: 3 – 5 juny 2016 Begelieding: Jelma Knol en Piter Boersma Priis folpension: € 230,- twapersoanskeamer Brêge Ynskriuwing:  www.folkshegeskoalle.nl Wolst ferhalen of gedichten skriuwe of dochst dat al, mar hast wol ferlet fan wat stipe en fierdere ûntwikkeling? Dêr is dit wykein foar. Hoe pak ik it oan? Hoe krij ik it better? Faaks hast [...]

  • 19 april 2016

    FREDDY SCHELTEMA & PAUL DE BRUIN –   It is in prachtige dei. Wy ride oer it smelle dykje tusken Achlum en Frjentsjer. Paul ergeret him oan in 45-kilometer autootsje want hjir ynhelje wol net. Wy binne op tiid foar in ôfspraak met Jetske Bilker, de skriuwster fan ûnderoaren 'Imitaasjeleer' en 'It libben fan in oar'. Jetske, wêr binne wy hjir? "Dit is it plakje [...]

  • 15 april 2016

    SIMON OOSTING -  Samuel Taylor Coleridge skreau dit boek yn 1798. Al is it mear as 200 jier âld, ik fyn it it lêzen tige wurdich. Ik haw twa oersettingen lêzen: dy fan W. Blok út 2002 mei as titel De ballade van de oude zeeman en dizze De Ballade van den oud matroos, dêr’t de titel in folle moaier ritme fan hat, fan Antonie [...]

  • 8 april 2016

    SJOERD VAN METEREN -  Je suis toujours celle que tu respires* Paul Valéry   In Voor jou schrijft K. Schippers over het ‘verdwijnen’ van zijn vrienden Brands en Bernlef. Het is een mooie gedachte: of je ze ooit nog tegen kunt komen. Zo heb ik mijn dochter Rosanne Mei van 29, overleden in april 2002, later nog gezien in Venetië, in de verte. Ze zat [...]

  • 6 april 2016

    De Afûk en Tresoar noadigje jo fan herte út foar in middei mei literatuer, keunst en muzyk op snein 17 april, 14.00 oere yn de âlde suvelfabryk fan Marrum. Oanlieding foar dizze feestlike middei binne de residencies fan twa Ierske keunstners yn Fryslân. Beide keunstners, in skriuwer en in byldzjend keunstner, wurkje de kommende wiken yn Fryslân en dogge ûndersyk nei de Fryske taal en [...]

  • 29 maart 2016

    Dizze boeken bespruts Ernst Bruinsma by Douwe Heeringa yn it programma Op en út fan Omrop Fryslân, tsjin healwei tolven, fanút kafee De Bak. - Nelly Jongsma-de Jong, 'Moard út it ferline'. KFFB, 2016. www.kffb.nl - Kira Wuck, 'Noodlanding'. Podium, Amsterdam 2016. www.uitgeverijpodium.nl - Julian Barnes, 'Het tumult van de tijd'. Atlas-Contact, Amsterdam 2016

  • 24 maart 2016

    FREDDY SCHELTEMA & PAUL DE BRUIN –   Mei in paske wurde wy binnenlaat opwei nei ús ôfspraak. We rinne in steile trep nei ûnderen en in lift bringt ús noch fierder. Yn ‘e lift steane wy mei Lida Dykstra, skriuwster mei in oeuvre fan mear as sechtich titels en priiswinner fan ûnder oaren de Simke Kloostermanpriis en de Rely Jorritsmapriis. Dy lêste wûn se [...]

  • 22 maart 2016

    No woansdei 23 maart om 20.00 oere organisearret de Moanne yn gearwurking mei Museum Belvédère en Tresoar in dichtersjûn yn Museum Belvédère. Tresoar en de Moanne noadigje jo fan herte út om hjirby oanwêzich te wêzen. Christiaan Kuitwaard portrettearre tweintich Fryske dichters en gie dêrby metoadysk te wurk. Hy brûkte de camera lucida en bylde harren ôf mei de eagen ticht. De reeks waard oankocht troch Tresoar en wurdt no as gehiel toand yn Museum Belvédère. Alle [...]