• 11 september 2016

    ARJAN HUT -  Op 24 juny wie der in yn sân hasten organisearre poëzyjûn yn Ljouwert, ta gelegenheid fan de besite fan in Malteekske dichtersdelegaasje yn it ramt fan it projekt Poetic Potatoes. Yn it neijier geane der Fryske gedichten mei poatrjappelsfan It Bilt nei Malta en yn it foarjier komme de nije rjappels (dy’t út dat poatguod groeid binne) mei Malteekske fersen werom. Ien [...]

  • 9 september 2016

    Op snein 28 augustus presintearren 'de Moanne' en tydskrift 'Noorderbreedte' it Analoge Ambacht. Fjouwer teams fan skriuwers en fotografen dy't harren ynspirearje lieten troch de fraach wat der gebeurt as it ljocht it papier rekket, en de pen? Harren wurk wie tidens it UIT Festival te sjen en te hearren yn de Pier Pander timpel en sil ferskine yn it kommende nûmer fan 'de Moanne'. [...]

  • 8 september 2016

    WILLEM WINTERS -  It hat in djippe yndruk op my makke, it boek fan W.G. van de Hulst, De wilde jagers, it berneboek dat ik mei de krystdagen 1953 krige fan de 'Zondagsschool Samuel' op It Hearrenfean. It begjint al by de foarplaat. Ien van de wylde jagers is stroffele oer in lekke panne. Syn pet, dêr’t er yndruk mei makke, is er kwytrekke en [...]

  • 5 september 2016

    ELSKE SCHOTANUS -  It djoerste boek dat ik ea kocht ha en tagelyk it djoerste dat ik ea keapje sil. Ik hear it mysels noch sizzen, nei ôfrin fan it fraachpetear dat ik foar de Moanne mei Machiel Braaksma hie, in begearich "reservearje my mar in eksimplaar". Goed in heal jier duorre it foar't ik it yn hannen hie en yn dy tiid ha ik [...]

  • 30 augustus 2016

    ARJAN HUT - In fearnsiuw en in jier. Sa lang duorre it foardat dichter Syds Wiersma in ferfolch útbrocht op syn debút. Op in freed yn july presintearre er Raffelwjok, op in lokaasje dy't op ferskillende wizen ynfloed hân hat op it ûntstean fan in nije fase yn syn dichterskip: Campeerboerderij De Swetteblom by Bears. "Nei myn skieding yn 2007 kaam ik dêr foar it [...]

  • 24 augustus 2016

    REMCO DE VRIES -  De wyn docht syn bêst om de dichter yn it lytse reade opblaasboatsje werom te triuwen de Follegeasleat yn. In tinne laach plestik beskermt Syds Wiersma tsjin it kâlde febrewariswetter op wei nei de Tsjûkemar en in Marboei. De mar is mei gemak de meast passearde fan de Fryske marren. De A6 snijt der dwers trochhinne, in troch drok ferkear gromjende [...]

  • 18 augustus 2016

    REMCO DE VRIES -  De bebouwing mei jachthavens omklammet it wetter yn Heech. It fielt suver as in befrijing at wy de hoeke om komme en it sicht op de Hegemer Mar de romte jout dêr’t úteinlik ek Saskia Stehouwer foar keazen hat. Sy wol nei de Sânmar ta, tusken de Gaastmar en Warkum yn. Stehouwer wennet yn Amsterdam. Sy bliuwt nei ús tochtsje noch [...]

  • 10 augustus 2016

    ELSKE SCHOTANUS -  Dichter-skriuwer, performer, sjonger, akteur, filmmakker en heit, Elmar Kuiper is it allegear. We prate ôf yn de eardere LTS oan de Nijlânsdyk yn Ljouwert, dêr’t er fia Carex in moai grutte atelierromte hiert. It is dêr roetkâld, mar dêr hat er gjin lêst fan as er oan it wurk is. Foar’t Elmar him as skriuwer oppenearre hat er de keunstakadeemje, Minerva, dien. [...]

  • 29 juli 2016

    FREDDY SCHELTEMA & PAUL DE BRUIN –   It is in nuvere simmer. Yn de earste wiken mei swiere buien, hurde wyn en temperatueren krekt yn de dûbele sifers wie it eins oktoberwaar. En dan ynienen fan de iene op de oare dei is it tropysk. It is sa waarm dat it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu mei it Nationale Hitteplan komt. It RIVM komt [...]