Hillich! Hillich! Hillich! Hillich! Hillich! Hillich!

ARJAN HUT –  Yn de film ‘Midnight in Paris’ fantasearret senarioskriuwer Gil oer it libben yn de jierren 1920, dy’t romantysker en spannender binne as it no. As er troch in wûnder op in nacht  yn syn favorite tiidrek werklik oanskowe kin by Hemmingway en Picasso, fernimt er dat mankelikens fan alle tiden is. Picasso […]

Nimmen ûntsnapt oan de realiteit

SJOUKJE WERKMAN –   ‘De Nix’ fertelt in fiktyf ferhaal oer de wize wêrop‘t elkenien fan ús foarme wurdt troch ús eigen skiednis. Mar ek oer de wize werop’t langstme de mins ta wûnderlike beslissingen driuwt. De romte dy’t we sels as mins hawwe om dy skiednis yn it deistiche libben krekt in lyts triuwke de […]

Multatuli yn it Frysk

ERIC HOEKSTRA & REINIER SALVERDA –  Hjoed, 2 maart 2020, is it Multatuli syn twahûnderdste bertedei, en dêrom ferskynt op de webside fan de Moanne de Fryske oersetting fan syn ‘Gebed van den onwetende’ (1861). Dy oersetting is fan Multatuli syn tydgenoat, de Fryske skriuwer en frijtinker Hjearre Gerrits van der Veen, en ferskynde foar it earst […]

Slak slak: de sparsumens fan dichter Kees

ARJAN HUT –  Krekt op de dei dat Ljouwert foar de ivichheid ta City of Literature útroppen wurdt, sit ik mei in mysterieusk en beskieden bondeltsje yn de hannen. En mei beskieden (de ferlytsing is net denigrearjend bedoeld) bedoel ik dat it lytser is dan in nijmoadrich telefoantsje, dat der mar in pear gedichten op […]

By de 100ste bertedei fan Anne Wadman

PIETER DE GROOT – Alle lof foar soan Thys dat er op it idee kommen is fan dit skriuwersprinte- anneks tinkboek en foar de Afûk, dy’t fuort ree wie en jou it út, tsien jier neidat de Friese Pers Boekerij syn oarlochsomnibus útjûn hat, de werútjefte fan trije romans yn ien bân. In jier letter, […]

Sigurjón Birgir Sigurðsson

ARJAN HUT –  Op it Mediterranean Literature Festival op Malta, augustus 2018, tref ik dichters fan oer de hiele wrâld. Wy foarmje al gau in hechte famylje. Ien fan de dichters is Sigurjón Birgir Sigurðsson, better bekend as Sjón (Yslân, 1962). In dei foar it festival ferdwaal ik mei him yn it hite, drûge doalhôf […]

Havendichter Dillerop debutearret yn de swaaikom fan Ljouwert

ARJAN HUT –  Henk Dillerop wurdt snein beneamd ta de earste Havendichter fan Ljouwert. Op de Wirdumerpoortsdwinger, deunby it lisplak fan de Stânfries X, sil hy de poëtyske silen hyskje. In earste gedicht fan him as dichter yn funksje komt dan op in plakkaat op it skip te hingjen. De timing  is knap, Ljouwert is […]

Het echec van de Piter Jelles-prijs 2019

EELTSJE HETTINGA –  De biografie Triomfen en tragedies van een uitmiddelpuntig man. Joost Halbertsma 1789-1869 van cultuurhistoricus en letterkundige Alpita de Jong kreeg het afgelopen jaar lovende recensies: een vijf sterrenrecensie in NRC-Handelsblad, lof en hulde in Trouw en op Biografieportaal. Soortgelijke lofprijzingen bij literatuurrecensent Jelle van der Meulen. Toch kreeg de biografie dit jaar […]

Werklikheid fan Trotwaer

JOSSE DE HAAN –  it rot waar – In Gouden Jubileum   1 9 6 9 Yn it earste nûmer fan trotwaer skriuwt Tjitte Piebenga oer de werklikheid dy’t neffens him yn it blêd nei foaren komme moat – oer de tiid dêr’t we yn libje, oer polityk, korreksje en kontrole fan it establishment, tsjin […]

Masters fan it Proazagedicht treffe mekoar yn Ljouwert

ARJAN HUT –  “Ik skriuw noait gedichten dy’t oer dingen geane,” seit de Deen Carsten René Nielsen (1966) yn De Basuin op in flinke stienwurp fan it stasjon yn Ljouwert. It petear giet oer dichters yn tsjinst, Nielsen fynt it in bysûnder fenomeen dat der yn Nederlân stedsdichters binne en in Dichter des Vaderlands. Hy […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.