Tits & hits

Achte hear Collier, Gatferdamme, wat baalde ik fan myn eigen ergernis, doe’t ik de bylden seach fan jo keunstprojekt ‘Koeien in de wei’. Dêr wie ‘k dochs echt eefkes benaud dat ik stikem preutser bin as tocht. Of dat ik sa pornofisearre bin dat ik by in bleatprojekt allinnich noch mar ferliedlik longerjende froulju sjen wol. […]

Gastfrij

Achte boargemasters, De sinne stekt dizze dagen de evener wer oer en lit ús berêstend achter. It applaus foar it lêste iepenloftspul hat klonken, de polzen lizze al yn de skuorre, de keatslinen bongelje wer yn boskjes oan de muorre, de skûtsjes lizze oan de ketting yn it boathûs. De doar fan Iepenloftmuseum Fryslân kin […]

Meartalichheidswille

ATE GRYPSTRA –  Noch net sa lang lyn fertelde in man my dat hy in kollega hie dy’t tweintich (20!) talen behearske, wêrûnder floeiend Russysk en Bulgaarsk. Potdoarje, tocht ik, dêr kin Ivo Niehe noch in puntsje oan sûgje. Sels kom ik net folle fierder as in taaltsje as seis en de behearskingnivo’s binne nochal […]

Stapel

KAREN BIES –  Ik sit by de Hema yn Drachten mei in moarnsbrochje foar in euro. Omdat der oars niks iepen is, mar ek omdat ik de Hema-kofjecorner gewoan leuk fyn. Om distiid sit dêr de trochsneed fan de Drachtster befolking. Alderein oan de kofje, pubers dy’t foar skoaltiid ôfprate, âlders mei pjutten en fierders […]

Kanaal

KAREN BIES –  Turfgravers wisten al ieuwenlang wat striid wie, dus tweintich jier om it Polderhoofdkanaal wer iepen te krijen koene der ek noch wol by. Dizze simmer is it kanaal klear. Soms farre der deis sa’n tachtich boaten trochhinne, skriuwt de krante. Ekonomyske foarútgong yn de feanderij, Beetsters en Feanhoopsters, begjin gau in bêd-en-brochje […]

Kapper

KAREN BIES –  Alder wurde giet fansels, al hoecht it gelokkich net mear yn itselde tempo as de generaasje fan beppe. Mei op dyn fjirtichste in permanintsje, in keunstgebit, in húshâlding en in korset dat alles byinoar hâlde moat. Tiden binne feroare, en dus sit ik by de kapper anneks ‘schoonheidssalon’, om it húshâldjild ris […]

Famyljeberjochten

SJOERD BOTTEMA –  Wa’t geregeld de famyljeberjochten yn de Ljouwerter Krante lêst, soe fan tinken wol ha kinne dat de Friezen dwaande binne rap út te stjerren. Alle dagen tilt it op fan de rouadvertinsjes, wylst fan berte-advertjinsjes elk spoar ûntbrekt, útsein in hantsjefol yn de sneonskrante. De tekst fan dy advertinsjes wykt komselden ôf […]

Fjoerproef

SJOERD BOTTEMA –  Yn de midsieuwen lieten se fertochten fan in misdriuw oer in rige gloeiende ploechskjirren rinne. Se mochten de sokken derby oanhâlde, dat wol: de fertochte moast him melde ‘mit syne socken, ende da schere in da tzierka to gane.’ Yn ’e tsjerke, want it giet hjir om in Godsoardiel. In inkeling hold […]

Leuke activiteiten om samen te doen

KAREN BIES –   ‘Rekôrtal dielnimmers oer de finish’, stiet op de foarside fan de krante. Oft se rûn, fytst, stept, achterút yn in Daf, of mei griene ferve yn it hier de einstreek helle ha, docht der no even net ta. It wie in moai evenemint en der wie wer in rekôr. En dan wolle […]

Keukenprins

KAREN BIES –  Om M. hoecht it net. Hy is de keukenprins, makket alle dagen it iten klear en seit dat it yn in nije keuken écht net lekkerder wurdt. Mar ik ha myn nocht fan it âlde lytse oanrjochtje fol smoarge boarden. Wy binne de lêste minsken yn Nederlân dy’t noch mei de hân […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.