• 23 december 2013

    KAREN BIES - De lêste kear dat wy mei kryst nei tsjerke giene, wie yn 2008. It moast en soe. De bern wisten amper wa’t it kindeke Jezus wie en ik bin hiel gefoelich foar krystferskes. ‘Ere Zij God’ fyn ik it moaiste. Ik hie no al in pear jier It Krystferhaal oan de bern foarlêzen want op de iepenbiere basisskoalle dogge se dêr net [...]

  • 17 december 2013

    Achte Giel, Coen en Paul, It is wer de moanne fan de golle goederjouskens. En dy waard prachtich ôftrape mei it oanwizen fan de paus as Persoan fan it Jier op de wrâld. Ditkear net troch syn eigen ghostwriter, mar troch de ierdske skriuwers fan Time. Terjochte, liket my sa ta. Ha jim de Kruispunt-reportage sjoen oer 's mans earste jier yn it Vaticaan? Wat in [...]

  • 3 december 2013

    Achte hear Xiao Wang, Samar ynienen skeat it byld my wer yn 't sin: de man dy't yn 1989 yn syn ientsje in hiele rigele tanks tsjinhold op it Tiananmenplein yn Peking. It wite boesgroentsje, de earms slap nei ûnderen, yn beide hannen in tas, en dêr stied er. Poerlike allinnich, in michje tsjinoer al dat wapentúch. Hy gie der net tsjinyn, hy rûn net [...]

  • 14 november 2013

    Achte hear Van der Galiën, Dat ha jo moai flikt. Yn de wike dat provinsjale polityk fermealle waard tusken de gemeenteriedsferkiezings en Haagse politisy dy't hjir net wei te slaan wienen, slagge it jo om de spotlights te krijen op de steatefraksje fan de PVV. Nammerste knapper omdat de PVV gjin rol spilet yn dy ferkiezings. It is oan jo en jo allinnich te tankjen [...]

  • 4 november 2013

    Achte hear Van Haersma Buma, Mei nocht en wille en sa no en dan in read earke siet ik sneon de slettenspesjal fan De Volkskrant te lêzen. It ûnderwerp 'slet' waard fan alderhande kanten beljochte, en dat smiet leuke, smoute mar soms ek echt ynteressante ferhalen op oer de oarsprong en funksje fan sletterich gedrach – foar de slet, mar ek foar dejinge dy't in [...]

  • 28 oktober 2013

    KAREN BIES -  It is smoarhyt en yn de fierte trillet de lucht boppe it asfalt. We ride op de Ofslútdyk, yn ús blauwe Toyota Corolla stationwagon, boujier 1999. De auto hat gjin airco mar arko: ‘alle raampjes kunnen open’. In âlde grap fan sunige minsken. It swit rint ús by alles del. Us auto is ien fan de lilkste auto’s dy’t ik ken. Buorman [...]

  • 18 oktober 2013

    Achte hear Zwezerijnen, De lêste dagen spoeket my hieltyd de titel fan in Frysk boek troch de holle. Nee, dat komt net troch al dat geskyt en gemiich yn dat lytse literêre wrâldsje. Dat is ek net fanwege dy romrofte list, dêr't it âlde wurk fan Homme Eernstma op telâne kaam is. It sil wol in slimme sûnde wêze, mar ik moat tajaan dat ik [...]

  • 14 oktober 2013

    KAREN BIES -  Utjouwer Mai Spijkers hat ris sein: ‘Schrijvers hebben niets te zoeken op de Frankfurter Buchmesse. Je gaat een koe toch ook niet eerst rondleiden in het abattoir.’ It is dus net ferwûnderlik dat de measte Fryske skriuwers leaver thúsbliuwe. Moatst sterk yn dyn skuon stean. Kinst wol in hiel moai boek skreaun hawwe, mar op de grutste boekemerk fan de wrâld giet [...]

  • 7 oktober 2013

    Achte hear Krol, Dat it no krekt Silvio Berlusconi wie dy't op deselde dei as jo syn plak yn it parlemint opjaan moast! Yn alles in tsjinpoal: hy de clowneske heterturbo dy't altyd jong bliuwe wol, jo de serieuze beskaafhomo dy't op de âlderein passe wol. En dan tagelyk op de dongbult fan de polityk bedarje. Ik ha mei jo te dwaan. Net om wat [...]