Guozzeflecht

Achte hear Bakker, It hie sa’n grauwe, wetterkâlde dei west. Mar no, krekt foar’t de skimer ús de Lauwersmar útjeie soe, kipe samar ynienen de sinne noch eefkes ûnder it grize tek troch en struide in magyske reade gloede oer it fjild. We waarden der stil fan. Miskien wol krekt dêrom hearden we al op […]

Gjin sin

Achte hear Samsom, Miskien is it de leeftyd. Jo en ik binne suver like âld en ik ha der ek wolris lêst fan. Dat ik der eefkes gjin sin mear yn ha. Gjin nocht mear oan geseur, oan geëamel en gekanker. Soms is it better om it negativisme mar eefkes te mijen. Dus dat jo de […]

Feriene steaten

BOUKE VAN DER HEM –  Yn de shuttlebus dy’t ús fan it ûnmjitlik ynleverterrein foar hierauto’s brocht nei de terminal op it fleanfjild, song Frank Sinatra ús by wize fan ôfsluting nochris ta. Inkele wiken earder wie it al mei old blue eyes begûn, yn de kabines fan de frijwat steatige breakfastroom – búnlearen meubilêr, […]

Oarloch

KAREN BIES –   Foar myn beppe haw ik eigenmakke appelsmots meinommen, fan appels út in oar syn tún. Se is der bliid mei en fertelt hoe’t se yn de oarloch ek ris appels ruile hie. Grinslanner Sedelingen. Dy lei se foarsichtich yn in laad, los njonken elkoar, yn twa lagen mei papier dertusken, sadat se […]

Columbus

Achte hear Konst, Witte jo dat it hjoed ynternasjonale Columbusdei is? Día de la Hispanidad. Yn hiel Súd-Amerika wurdt betocht dat har kontinent op 12 oktober 1492 ûntdutsen waard troch de Portugese globetrotter. En sa’t je ferwachtsje meie is dat foar de Spaanske winners in echte feestdei, en hawwe se it yn Súd-Amerika geandewei  omturne […]

Us Jeen

BOUKE VAN DER HEM –  Grins, 8 oktober 2014   Us Jeen is hjoed ferstoarn, by libben al in leginde en dat sil er mei rjocht bliuwe, mar no dan de deade leginde Jeen van den Berg. Hy brocht it ta twa Olympic Games en ferskate lange baan-kampioenskippen. Mar mei syn kondysje – keppele oan […]

Praatpeal

KAREN BIES –   De griene telefoansel is al fuort, de read-oranje brievebus hast. En no ferdwynt de giele praatpeal, uterlik yn 2017. Minister Schultz sjocht it nut der net mear fan yn, omdat elkenien in mobile telefoan by him hat en auto’s in ynboud alarmsysteem. ’t Is wier, it is lang lyn dat ik in […]

Stofwolk

Achte hear Verhaaf, Dus. Jim meie werris de dirty job dwaan om ús gewisse skjin te hâlden. It hong fansels al de hiele simmer yn de loft. Wylst ik mei de ferverskwast op de ljedder stie, bolderen jim omraak mei jim masjines by ús oer de gevels. Mannich flokwurd ha’k op jim ôffjurre – ik […]

Wurgensklachten

HENK WOLF –  Der is wat nuvers mei it wurd sûnenssoarch. Dat wurd is in saneamde gearstalling, in ‘samenstelling’. Dat is in wurd dat bestiet út twa of mear oare wurden. Dat binne hjir fansels sûnens en soarch. No is der yn it Frysk fanâlds wat nuvers mei wurden dy’t eingje op -ens. Jo kinne […]

Hjerst

Achte Meneer Aart, Trije bern ha wy. En alle trije krigen se dizze dagen yn harren kennisenkring de dea oan ‘e doar. De iene stoar troch sykte, de oare yn in auto, de tredde die it sels. Tsien jier, achttjin jier, fyftjin jier. I recall: tsien, achttjin, fyftjin jier jong. De hjerst is betiid, fan’t […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.