• 28 mei 2015

    KAREN BIES -  Sir Edmund, de wittenskipsbylage fan de Volkskrant, hie sneon in ynterview mei Ad Vingerhoets, professor ‘emoties en welbevinden’ oan de Universiteit fan Tilburg. As ‘huilhoogleraar’ bestudearret hy it gûlen, skriemen, janken, de biggeljende triennen fan fertriet. Of eins machteleazens, want dat is neffens him de kearn. Bern gûle as se pine hawwe, of om oandacht. Froulju gûle makliker as manlju, omdat testosteron [...]

  • 18 mei 2015

    Achte hear De Rouwe, It wie in hichtepunt yn myn sjoernalistike wurk. Fanôf de parsetribune siet ik te sjen nei de byienfergaderde gemeenteried dy't it drok hie mei it bepraten fan de gemeentelike klachteline. Dy wie no in jier yn de loft - in 24-oers service foar boargers dy't melding meitsje woenen fan dwerse stoeptegels of stank út it strjitrioel. De klachteline wie in grut [...]

  • 18 mei 2015

    KAREN BIES -  Oerrock is al in pear dagen lyn, mar ik moat der sels dus ek eem fan bekomme. Alwér mear minsken op it festival, 16 tûzen. In grut sukses dus, mar der binne noch wol wat ferbetterpunten, seit de organisaasje. Se bedoele tink ik foaral de lange rigen foar de taappunten en ferfolgens de toiletpunten. It fjildsje mei de húskes en ‘plaszuilen’ (goed [...]

  • 6 mei 2015

    KAREN BIES -  Lange tiid wenne ik der mar sa’n bytsje op los. Ik hie niks yn de gaten, ik díe mar wat. Myn hûs wie in plak ûnder dak dat net lekt en net siicht. Genôch romte om de rommel des libbens op te slaan. Wat hat in minske mear nedich? Mar no’t ik nei de wenbeurs yn it WTC Expo west ha, wit [...]

  • 21 april 2015

    Achte hear Van der Zwan, De oarloch rûn op syn ein. Mar de Wilhelm Gustloff wie der noch, in grut skip dat jierrenlang nazi's en soldaten ferfierd hie, mar no ôfstuts fan Gotenhafen; grôtfol mei tûzenen Dútske boargers oan board, op de flecht foar it Russyske leger. It skip socht feilige haven yn Kiel, mar hat dat noait helle. In Sovjet-torpedo skeat de boel nei [...]

  • 7 april 2015

    KAREN BIES -  Dêr sit er wer te wachtsjen op de krommels út it tafelkleed. In swarte lyster, ús eigen húsfûgel. Nettsjinsteande syn kalm en ôfwachtsjend karakter neame wy him Arend, om him dochs wát heldhaftichs mei te jaan. As er klear is mei iten sjongt Arend wer dat it in lust is. Wekker wurde fan sjongende fûgels is fijn, as it libben fierders in [...]

  • 6 april 2015

    Achte hear Zijlstra, Nee, yn jo politike profyl hat it Fysk-wêzen noait boppe-oan stien. Hoecht ek net, dat hat foar in man mei grutte ambysjes yn de lanlike polityk ek net safolle doel, fansels. Mar fannewike ha jo jo flink yn de kaarten sjen litten, op dat mêd, mei jo idee om wat mear gearwurking te sykjen mei diktators. Want it is niks oars as [...]

  • 8 maart 2015

    Bêste Lieuwe, Wat wie it wer moai net, foarige wike. Ik fyn de Omloop Het Nieuwsblad alle jierren wer in feest. It fielt as it kadootsje datst in pear wiken foar dyn jierdei alfêst krijst. It ís noch hielendal gjin maitiid, de machtige aprilklassikers moatte noch komme, it fjild is noch griis en grau, yn har lange broeken binne de hurdfytsers kwalik te ûnderskieden fan [...]

  • 1 maart 2015

    KAREN BIES -  Moai om twa Fryske klups yn de earedivyzje te hawwen. Ik bin foar Hearrenfean én Cambuur, want ik wol hjir net
 myn libben op it spul sette, ek hooligans lêze de Moanne nammentlik. Ik sis gewoan, lykas alle froulju, dat ik altyd foar dyjinge bin dy’t achter stiet. Fuotbaljen is leuk om nei te sjen mar net yn in stadion, want ik [...]