Guilty Pleasure: The Carpenters

YVONNE DIJKSTRA –  Musyk is emoasje en ik bin by tiid en wile in emoasjoniel minske. Dat sil de reden wêze dat myn musyksmaak frij breed is: fan Rowwen Hèze oant klassyk, fan Metallica oant gospelbliidheid. En The Carpenters. Ik wie fyftjin jier en krych in âld kassettebandsje fan in tante. Wylst de rein tsjin de […]

Guilty Pleasure: Ald en jong

Ja hear, foute muzyk by ’t soad yn de jierren tachtich, it desennium dêr’t ik yn opgroeide. Utsykje mar: de kitsch fan Adam Ant, de plastic rock fan Europe, de ellinde fan it Stock, Aitken & Waterman-fabrykje – it wie allegear like slim. Op soks koenen jo as puber gjin muzyksmaak ûntwikkelje. Dêrfoar moasten jo […]

Guilty pleasure: Guns N’ Roses

Doe’t ik studint wie, die ik op feestjes noch wolris in swarte koltrui op ’e kop en liet dy dan foar de eagen bongelje. Ik spile der ek loftgitaar by, want wa’t Slash neidwaan wol, moat it al goed dwaan. Winterdeis brûkte ik de sjaal soms as bandana, wêrmei’t myn Axl Rose-imitaasje sûnder ien stimferheffing […]

Guilty Pleasure: Michael Bolton

In woeste mannichte op in plein, foar in heech balkon. Op  it balkon litte de Romeinen twa finzenen sjen. It binne Michael Bolton en David Hasselhoff. Ien fan harren sil sjonge, en de oar krijt de deastraf. De Romeinen freegje it folk: ‘Wa moat foar jim sjonge?’ En it folk balt:  ‘Jou ús Hasselhoff!’ Der […]

Guilty Pleasure: Oh Anna!

It sil twadde helt sechtiger jierren west hawwe, yn dy snuorje. Ik wit net mear krekt hokker muzyk ik doe sels draaide. Dat lêste wurd wie trouwens yn myn gefal abslút in wankel begryp, ik hie ommers gjin platespiler. De alles oerhearskjende trochbraak fan Van Morrison by my, dy moast doe yn elk gefal noch […]

Guilty Pleasure: Demis Roussos

Ha jim ek lekker meibalten, ein desimber, mei de Top 2000? De list mei moaiste platen fan de dominante white male fyftichplusser. Dy’t dus jong wie yn de jierren 70. Dat ferklearret wêrom’t Queen, The Eagles, Deep Purple en Led Zeppelin altyd boppe-oan steane. Geheugenprofessor Douwe Draaisma skriuwt yn it Top 2000-boek ‘De muziek zegt […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.