Poëtysk Frysk en josels doarre te bliuwen

Poëtysk Frysk en poëtysk Ingelsk binne offisjeel oan elkoar keppele by de boekpresintaasje fan keunstner Liza Prins har boek ‘Bitterswiet: ûndersyk nei Tiny Mulder yn wurd en stim’. Boppedat jout it oan dat jo as minsk josels wêze meie en ek jo eigen taal brûke meie. Mulder wie op it mêd fan taal en fan […]

“Nude stjoerd nei Wobbe-Jan”: Gysbert rekket skriuwers fan no

Fjouwer skriuwers presintearren tiisdeitejûn nije teksten ynspirearre op Gysbert Japicx yn De Gouden Leeuw. Op it barren, organisearre yn it ramt fan de Gysbertwike, as opmaat nei it útrikken fan de Gysbert Japicxpriis oan Jetske Bilker takom sneon yn Boalsert, kamen sa’n tweintich besikers ôf. Gabrielle Terpstra (1990) út Ljouwert mocht begjinne en sette daliks […]

Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard: In Nij Seizoen

Wy binne werom!  En we moasten ek noch in bytsje opsjitte, want nei dizze opname gongen we nei de studio fan de Omrop om mei te wurkjen oan in earbetoan oan ien fan de grutste (en noch libjende) Fryske skriuwers troch ferkate dichters. (sjoch foto). Dus, hurry hurry, gjin tiid om te knippen en te […]

Skonken, poepsekjes en earbetoan op lêste evenemint Kingma as DfF

Mei in nije hoed op en in fleurich sin iepenet Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma tongersdeitemiddei It grut Dichtersbarren op it Aldehouster Tsjerkhôf te Ljouwert. Op it waaierige plein kinne minsken harkje nei foardrachten en oanskowe by ien fan de tafeldichters. Keunstner Erik de Boer skilderet derby en jûns is fierderop, yn Tresoar, in Literêr […]

Gabrielle en Arjan Bedoele It Net Ferkeard: Nacht fan de Filosofy

Foar dizze spesjale ôflevering binne wy te gast yn Dbieb foar de Nacht fan de Filosofy! We prate mei ferskate minsken, lykas libjende boeken mei titels as; Afgekickt, Maatschappelijk Blind en Vluchteling. In petear mei romtedichter Marjolijn van Heemstra, mei taaltinker Mounir Samuel oer wurden & wearden en foaral ek oer de sin fan it libben […]

Gabrielle & Arjan Bedoele It Net Ferkeard 22-12-22

Harkje nei: Gabrielle en Arjan Bedoele It Net Ferkeard Gabrielle liet A.I. in blackmetal-tekst skriuwe, it risseltaat liket derop! Te goed? En wat bard der as it Mr. Roboto-programma jins redaksjonele taken oernimt? Yn de podcast #NetFerkeard giet it fierder oer de moaiste films fan it jier en Henk Dillerop fertelt oer De Vrienden Van […]

’t Graan skiet in de aren

ARJAN HUT –  De jûn foar Falentynsdei liezen tsien Friezen yn it OBE-paviljoen in favoryt gedicht of fragmint foar oer it Fryske Lânskip. Alteast, sa wie de bedoeling. It ien en oar stie yn it ramt fan de útstalling ûneinige beweging, oer it skilderwurk fan JanMurk de Vries (1919-2015). Bûten reinde en waaide it, yn […]

BoekWinterBoek: der is muzyk, der binne ferhalen …

ELSKE SCHOTANUS –  Maltsje de Ridder-Jansma har ferslach fan BoekSimmerBoek – in jûn, 21 juny 2019, mei rom omtinken foar proaza – slút ôf mei de wurden ‘Op nei BoekWinterBoek?’ Fiif skriuwers skreaune in koart ferhaal en liezen it foar, der wie in goed stikje muzyk, der wie in flaubyt, Boeken fan Fryslân wie der […]

Masters fan it Proazagedicht treffe mekoar yn Ljouwert

ARJAN HUT –  “Ik skriuw noait gedichten dy’t oer dingen geane,” seit de Deen Carsten René Nielsen (1966) yn De Basuin op in flinke stienwurp fan it stasjon yn Ljouwert. It petear giet oer dichters yn tsjinst, Nielsen fynt it in bysûnder fenomeen dat der yn Nederlân stedsdichters binne en in Dichter des Vaderlands. Hy […]

Poëzijtablo Eeltsje Hettinga kado foar alle frijwilligers

ARJAN HUT –  Rein en wyn, wier dichterswaar by de ûntbleating fan it poëzijtablo mei Eeltsje Hettinga syn gedicht ‘Net te beteljen.’ Sa’n hûndert minsken steane om de stien hinne, de measten ûnder in paraplu en in beam hâldt de oaren wat út de drip. De stien leit foar de Blokhûspoarte, krekt njonken de dyk, […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.