• 4 mei 2023

    Nim in boek, in kleedsje en wat te drinken mei en doch de telefoan út foar in wolfertsjinne ‘detox-read’ yn de prachtige Prinsetún yn Ljouwert UNESCO City of Literature. Page Against The Machine is in ynternasjonaal barren dat lêzers fan alle leeftiden en eftergrûnen byinoar bringt, om mei-inoar te genietsjen fan it lêzen. It inisjatyf komt fan Norwich UNESCO City of Literature. Ek Iowa City [...]

  • 16 maart 2018

    KAREN BIES -  "Net op it iis komme!", warskôgje ik myn soan, krekt as Eelke Lok altyd sei tsjin de jonge ferslachjouwers as se de doar út gongen (ek by tweintich graden boppe nul). Mar ik mien it, want it is net fertroud. Boppedat lês ik op dat momint in boek dat begjint mei in iisdrama. In jonge sakket troch it iis en ferdrinkt. De [...]

  • 1 augustus 2017

    JOSSE DE HAAN -  Nederlânsk dichteresse by de graasje fan de ûnderdûk     Oan Hanny Michaelis -     Leave Hanny, ik bliuw yn de styl fan dyn deiboek en skriuw dy in brief. Silst him nea lêze, want do bist der sûnt 2007 net mear. We hawwe in pear kear praten, meastal by poëzyfestivals. Ien kear wat langer. Dat wie yn Ljouwert doe’t [...]

  • 24 juli 2017

    LEO POPMA -  Lêze is in opjefte. Mear as sjen nei in skilderij, in film, harkje nei in symfony, is lêze reprodusearje. De spanningsbôge fan in roman rikt faak oer dagen. Mei ien kear lêze kin it soms net ta. Nije boeken lit ik mar gean, ik wachtsje oant oaren in roman kanoniseard ha. Dan lês ik Stoner bgl. twa jier te let.   Adderkluwen is noch [...]

  • 14 december 2016

    de Moanne wol koarte boekresinsjes online pleatse fan boeken dy’t in bysûndere yndruk makke hawwe op de besprekkers. Boeken dy’t wizer meitsje, dy’t dy op oare gedachten bringe of boeken dy’tst fan in bysûnder persoan kado krigen hast. De kommende 50 wiken alle kearen in nij besprek. Alle besprekken binne werom te finen yn it spesjaal dêrfoar oanmakke dossier 'De lêzende mins'. Ek bydragen fan ús lêzers binne fan [...]

  • 2 december 2016

    SJOERD BOTTEMA -  Fan ’t simmer ferstoar de dichter Hans Vlek, tweintich jier nei it ferskinen fan syn lêste bondel. In grut part fan syn libben reizge er hinne en wer tusken ferskillende psychiatryske ynrjochtingen. Yn 2001 waard in dokumintêre oer him makke, dêr’t er him geregeld yn oerjoech oan ûnfersteanber mompeljen en tsjustere assosjaasjes. It stereotype fan de dizige dichter yn hegere sfearen. Dochs [...]

  • 18 oktober 2016

    SJOERD BOTTEMA -  De bedrijven die ons land groot maakten (Gerjan Heij, Terra 2010) is in nostalgysk fotoboek dat in oersjoch jout fan bedriuwen en merken oant en mei de fyftiger jierren fan de foarige iuw. Foar wa’t yn de fyftiger (en sechstiger) jierren opgroeide, is it trochblêdzjen in feest fan werkenning. Sa komt yn it haadstik ‘Huis en haard’ it Tomado-rek foarby, dy tinne, [...]

  • 8 september 2016

    WILLEM WINTERS -  It hat in djippe yndruk op my makke, it boek fan W.G. van de Hulst, De wilde jagers, it berneboek dat ik mei de krystdagen 1953 krige fan de 'Zondagsschool Samuel' op It Hearrenfean. It begjint al by de foarplaat. Ien van de wylde jagers is stroffele oer in lekke panne. Syn pet, dêr’t er yndruk mei makke, is er kwytrekke en [...]

  • 8 juli 2016

    GERRIT DE BOER -  Ik ha myn hiele libben al wat mei Grutte Pier. It ferhaal fan de Fries dy’t ús motto 'leaver dea as slaaf' yn de praktyk brocht. De man fan mear as twa meter mei it grutte swurd. De man dy’t, sa wurdt sein, it sintsje ‘bûter, brea en griene tsiis’, betocht om Hollanners fan Friezen te skieden. En de boer út [...]