• 9 september 2015

    VANESSA SMITH -  De nieuwe tentoonstelling in het Princessehof, 'De 20ste eeuw - keramiek als spiegel van de tijd', laat de bezoeker op een verrassende manier terugkijken op de vorige eeuw. Getoond wordt hoe historische gebeurtenissen en maatschappelijke ontwikkelingen, zoals bijvoorbeeld de maanlanding en vrouwenemancipatie, doorwerken in de keramiek en andere gebruiks- en kunstvoorwerpen. De veelal unieke objecten roepen levendige herinneringen op aan het verleden. [...]

  • 3 september 2015

    FREYA ZANDSTRA -   Oan prealbanketten mei swannen en pauwen út de skilderkeunst fan de Gouden Iuw, oan glezen wyn mei kâlde damp op it glês, bôle dy’t kreaket ast it brekst en pjisken sa seft datst se wol aaie wolst, deroan tinke wy by iten yn de keunst. Oan de âlde masters en hjoeddeistige realististen as Henk Helmantel dy’t yn kersen, knyflok, sipels en [...]

  • 21 augustus 2015

    MARITA DE JONG -  Fisk en Tjits is de namme fan har earste soloprojekt. Yn it wurkhok fan fisker Jan de Vries bringt byldzjend keunstner Tjitske Boersma (Starum 1970) út De Sweach in oade oan Laaksum. Dêr lizze har roots, dêr begûn de fiskerij fan har foarâlden. Heit Sietze Boersma, de fjirde fan in generaasje fiskers is der berne, yn it lêste hûske fan Laaksum. [...]

  • 20 augustus 2015

    EELTSJE HETTINGA -  Yn it Singer Museum yn Laren lûkt it each by ynkommen eins daliks nei it twa meter brede en oardel meter hege wintergesicht De ijsvogels (1891), in doek wêrmei’t de skilder Emile Claus it Frânske ympresjonisme in Flaamsk spoar jaan soe. Dûnker binne de figueren dy’t op ’e wite, grize iisflakten omstippe ûnder in machtige, út in readens skinende loft. De ijsvogels [...]

  • 18 augustus 2015

    Op 29 augustus iepenet 'HAUSER, In multimediaal epos' troch Annemarie Estor en Lies van Gasse. Tresoar en de Moanne noadigje jo fan herten út om hjirby oanwêzich te wêzen. De njoggentjinde-iuwske figuer Kaspar Hauser (1812-1833) ynspirearret al hast twahûndert jier ferskate keunstners en skriuwers. Meast resint lieten Annemarie Estor en Lies van Gasse út Flaanderen harren ynspirearje troch Hauser yn ‘Het boek Hauser’. Beide dichters/keunstners ferrasten elkoar mear as [...]

  • 17 augustus 2015

    TSJOMME DIJKSTRA -  Fan sneon 29 augustus ôf is de eksposysje HAUSER te sjen yn Tresoar. Dizze eksposysje toant it resultaat fan it artistike gearwurkingsprojekt fan keunstners en dichteressen Annemarie Estor en Lies van Gasse oer de mysterieuze figuer Kaspar Hauser dy’t yn 1828 opdoek yn Neurenberch en de wrâld - ynklusyf wittenskip - troch syn ûnbekende komôf oant hjoed-de-dei ta foar in riedsel stelt. [...]

  • 12 augustus 2015

    JURJEN K. VAN DER HOEK -  ‘Door kunst willen we mensen uitnodigen om de schoonheid van het gebied te beleven.’ Op het moment dat Han Steenbruggen in 2009 het terrein van zijn nieuwe werkplek in Oranjewoud oprijdt, is hij onder de indruk van dit prachtige gebied. Meteen borrelt bij de kersverse directeur-conservator van Museum Belvédère het idee op om iets met die ruimte te doen: [...]

  • 5 augustus 2015

    TSJOMME DIJKSTRA -  Wa’t it oanbod oan kultuer bylâns giet, kin net oars konkludearje: yn Ljouwert binne keunstsinnige inisjativen by de rûs. Yn tal fan hoeken fan ’e stêd wurde hjoed-de-dei ynnovearjende aktiviteiten opset. Fan ‘ienmalige’ festivals ta eksposysjes dy’t in poadium oan ferskillende keunstfoarmen biede: de fariaasje is grut. Inisjatyf ta fernijing is der binnen de rûnten fan kulturele ynstellingen, mar likegoed dêrbûten. Der [...]

  • 27 juli 2015

    ELSKE SCHOTANUS -  Yn it hiele hûs is te merkbiten dat Machiel Braaksma de MTS-skildersoplieding – yn Swol – dien hat. De keukenssouder fan de direkteurswenning by de âld suvelfabryk fan Marrum hat er houte, in âlde technyk wêrmei’t nerven op hout oanbrocht wurde, sa’t dy fan in djoerdere houtsoarte lykje as feitlik brûkt is. Yn de romte dêrneist, dêr’t potleadtekeningen fan syn partner Lolkje [...]