‘Laten zien wat we waard zijn.’

KAREN BIES –  De lêste kear dat ik foar de Moanne de direkteur fan it Fries Museum ynterviewde, wie noch yn it âlde gebou op de Turfmerk. De direkteurskeamer koest berikke fia treppen en smelle gonkjes. Direkteur Saskia Bak klom yn de finsterbanken om de ruten ticht te dwaan. No hat de direkteur in romme, […]

Reis nei it ein fan de wrâld

KAREN BIES –  As ik nei keunst sjoch, sykje ik wat moais. Soms komt dat net daliks, pas as ik langer stean bliuw, of as ik mear ôfstân nim, of by it sjen fan in hiele searje. Soms gebeurt der niks, dan duorret it te lang foardat ik trochhaw wat ik sjoch, of kin ik […]

Wêrom it wurk fan Jentsje Popma net yn it Fries Museum hinget

KAREN BIES –  Galery Buitengewoon yn de Wylgen en in tal Fryske skilders fiere aksje foar Jentsje Popma. Dy wurdt dit jier 95 jier en hy fertsjinnet in oersichtstentoanstelling yn it Fries Museum. ‘Hy is der no noch, it soe moai wêze as hy dit noch meimeitsje kin,’ sei galeryhâlder Jitse Sikkema foar Omrop Fryslân. […]

Yntrigearjend gesamtkunstwerk

TSJOMME DIJKSTRA – Ynspirearre troch sinnen dy’t er om him hinne hearde, wurke tekener, skilder Jochum Hamstra (1962) yn de ôfrûne jierren oan in bysûnder boek: it boek fertelt en toant in ferhaal dat situearre is yn in wrâld, opwinend, geheimsinnich en somtiden sinister, sa’t men dy ken út graphic novels of de surrealistyske films […]

Jan Wolkers op toernee yn Zaandam

ULKE BROLSMA –  “Karina!” mei it lûd fan in misthoarne op folle see ropt Jan Wolkers syn frou. Ik wol in ôfspraak mei de master meitsje foar in besite oan Zaandam. En net samar in besite. De skilder, byldhouwer, skriuwer sil dêr te wurd. In moeting mei it folk dat rûnom de nije Dr. J.M. […]

It twadde libben fan Explore the North

MONIQUE FLINKER –  Nei in jier fan ôfwêzigens komt it festival Explore the North wer werom yn Ljouwert. En it is fan doel om dit kear te bliuwen. “Wij gaan voor de lange termijn.” Hast alle petearen dy’t algemien koördinator Mark Hospers fan Explore the North de lêste oardel jier fierde, gongen oer jild. De […]

Dichters als stilleven

ERNST BRUINSMA –  Als eerste overhandigt Christiaan Kuitwaard me een velletje papier. We zijn nog maar net gaan zitten in zijn atelier. Penselen en kwasten keurig geordend op een plank voor het raam met uitzicht op de tuin. Een fikse stapel cd’s met klassieke muziek ligt achter een schildersezel in de hoek en her en […]

Trije dagen ljochtspektakel yn Penjum

MARRE SLOOTS –  Penjum op syn moaist, sa omskriuwt bestjoerslid en byldzjend keunstner Stefan Belderbos it doarp tidens it jierlikse keunstfestival ‘Kunst Achter Dijken’. Fanôf 6 maaie is it wer safier. In spektakel fan theater, film, byldzjende keunst en muzyk. En dat allegear mei it tema ‘ljocht’. Sa lang bestiet it lytse mar ambisjeuze festival […]

Dichters als stilleven

No woansdei 23 maart om 20.00 oere organisearret de Moanne yn gearwurking mei Museum Belvédère en Tresoar in dichtersjûn yn Museum Belvédère. Tresoar en de Moanne noadigje jo fan herte út om hjirby oanwêzich te wêzen. Christiaan Kuitwaard portrettearre tweintich Fryske dichters en gie dêrby metoadysk te wurk. Hy brûkte de camera lucida en bylde harren ôf mei de eagen ticht. De reeks waard oankocht troch […]

Speure yn de grûn fan Cornwall

TSJOMME DIJKSTRA – It skeppingsproses fan it projekt ‘Grûn’ jout mear as allinnich it úteinlike keunstwurk. It einprodukt fan de útwikseling yn Cornwall is wer in mjitmomint yn in mânsker projekt. En stiet ek wer oan de begjin fan in nije ferzje fan it projekt. “Ik wol besykje om it konsept hieltyd fierder troch te ûntwikkeljen,” […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.