De kar fan de klyk: binne dêr Oare Wurden foar?

Publisearre op 13 april 2018

ELSKE SCHOTANUS –  

It is Karen Bies dy’t útferkeazen is om foar it projekt Oare Wurden acht wiken nei Ierlân. Elk winsket har in soad wille en súkses mei it skriuwen, ik ek en it ferbliuw dêr is har gund, mar dat dat yn it ramt fan Oare Wurden wêze sil, is in misser:

 

1) Karen Bies is kultuerredakteur by Omrop Fryslân en sadwaande kollega fan twa fan de trije troch Tresoar oanstelde sjueryleden foar it projekt Oare Wurden, nammentlik Bart Kingma en Marijke de Boer. (It tredde sjuerylid Trynstsje van der Steege wurket by útjouwerij Bornmeer.)

2) Har literêre oeuvre bestiet, as it om wurk op papier giet, benammen út kollems oer kninen en besites oan de Ikea. Op de Tresoarwebside Sirkwy.frl by de skriuwersbiografyen wurdt sy, tusken Beukel en Bilker, dan ek net neamd: gjin boekpublikaasjes, gjin prizen of nominaasjes, gjin ferwizings nei resinsjes. Ien syn literêre karriêre – telt oars al foar 30% mei yn de beoardieling, sa seit de oprop sa’t Tresoar dy útgien litten hat.

3) Neffens it parseberjocht hat Karen Bies te min dien oan it betinken fan konkrete mooglikheden foar (literêre en/of kulturele) publyksaktiviteiten yn Ierlân, al is it in kritearium dat foar 20% meitelt yn de beoardieling. Mar sjoen har sjoernalistike achtergrûn en ûnderfining krijt sy it betrouwen fan de sjuery, dêr witte sy as kollega’s fansels alles fan. Karen Bies is oars net de earste dy’t, as it om publyksaktiviteiten yn it plak fan ferbliuw giet, troch de sjuery op de fingers tikke wurdt. Mar krekt om har ûnderfining, opdien op de leanlist fan de Omrop en alderhande putsjes, wêrûnder in tal sjuerylidmaatskippen foar literêre prizen, soest tinke dat der op dat front in mear as goed útwurke plan lizze soe.

4) Dan is der nóch in kritearium dat foar 30% meitelt: potinsjeel, ambysje en orizjinaliteit. It wurdt betiizjend no, want potinsjeel sil ek mei ien syn oeuvre te krijen ha en oer dat oeuvre is hjirboppe al wat sein. It útferkeazen plan hâldt yn: in ferhaal dat útrinne moat op in roman en it senario foar in muzykfilm. Yn stekwurden: treastgjende lietsjes, optrede yn pubs, fereale, Dublin, de westkust fan Ierlân, in geheim en it Iersk sil in ‘funksjonele rol’ spylje. Jongeren binne de doelgroep. Dat alles is net sa bysûnder, it bysûndere is dat it plan multimediaal is: foar de muzykfilm sil der gearwurke wurde mei de band WIEBE.
As it om de multimedialiteit giet, mei muzyk en film, dan kin nimmen dêr tsjinop. De sjuery, dy’t, as sein, foar 2/3 út omropmeiwurkers bestiet, sa seit it rapport, is dan ek bliid. No is de ambysje om in filmsenario te skriuwen, goed genôch om foar Oare Wurden foar in bûtenlânferbliuw yn oanmerking te kommen, wêrom dan ek in ferhaal en in roman? En kin der beoardiele wurde op it plan foar in muzykfilm as it eins allinne om it skriuwplan gean moatte soe? En is de keazen kandidaat net tefolle ôfhinklik fan Wiebe Kaspers syn songteksten dy’t ‘funksjonearje as selsstannige sênes dy’t it ferhaal fierder bringe’ moatte? Is it fair in plan te honorearjen dat mei ôfhinklik is fan de kapasiteit en de ynset fan oaren?En as der in filmsenario komt, stiet der dan yn it plan wa’t de yntinsje hat dy út te bringen of út te stjoeren? Want pas dan, as it in muzykfilm wurdt, is der sprake fan multimedialiteit. Mar wêrom soe Karen Bies dan fia it ynisjatyf Oare Wurden nei Ierlân gean en net op kosten fan de partij dy’t de film, mits it senario akkoard is, útbringe / útsjoere sil? Hoefolle mooglikheden binne der yn Fryslân as it giet om Frysktalige films?

5) 80% fan de beoardielingskritearia is behannele, de oare 20% gean oer de ferbining mei de wearden en doelstelling fan it Oare Wurden-projekt. Lit mar.

 

Wat woansdei 11 april nei bûten brocht is, nammentlik it parseberjocht en it sjueryrapport, ropt dus fragen op. De hiele proseduere, mei op 16 maart, presys ien dei nei de deadline, de bekendmakking yn de rjochting fan de gadingmakkers dat de te kiezen kandidaat net nei Dublin giet, mar hûnderten kilometers fierderop ferbliuwe sil, earne oan de westkust, doochde sawiesa al net. De Ierske organisaasje dy’t as gasthear fungearret, soe yn Dublin HIELENDAL NERGENS in keammerke fine kinne, sa wie de ferklearring. Mar it is de organisaasje dy’t de oprop die, yn dizzen Tresoar, dy’t dat dan mar regelje moatten hie. En om’t Tresoar dat net die, hie de sjuery fair spul spylje moatten troch gjin gehoar te jaan oan it fersyk om de tsien yntsjinne plannen te hifkjen. Mar wat komt it moai út dat it ferbliuw oan de westkust wêze sil, want Karen Bies har ferhaal / de roman / it senario sil him foar in grut part dêr ôfspylje! Net te leauwen: as wie it sa betocht.

Meidat sjueryleden út itselde lytse fermidden komme as de kandidaten is der it risiko op fertinking fan freontsjepolityk, partidichheid, in klyk fan minsken dy’t elkoar de bal taskowe of hoe’tst it ek mar beneame wolst. Karen Bies moat nei de Ierske kust, har plan útfiere, mar dat sy dêr fia Oare Wurden hinne reizgje kin: tsja …

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels