‘Het hele lichaam is kunstmatig’

TSJOMME DIJKSTRA – 

De Nacht van de Filosofie Fryslân fiert it kommende wykein it tsienjierrich bestean. Alle reden om werom te sjen op moaie programma’s fan foarrige jierren en ek in moaie gelegenheid om tegearre mei besikers en gasten fan de eardere jierren en mei nije gasten in toaste te bringen op ’e takomst. Andrea Möller, koördinator fan de Nacht fan de Filosofie, besprekt in oantal opfallende ûnderdielen yn it programma fan de kommende edysje.

 

“De stelling van het thema is nu geworden: het hele lichaam is artificial, kunstmatig.”

 

Yn ynhâld, mar ek yn de opset hat de organisaasje rekken hâlden mei it feestlike rântsje fan dizze edysje. Yn de ynhâld ûnder mear troch in oantal hichtepunten fan de foarige edysjes te selektearjen. Dy binne keazen mei dizze fragen yn de achterholle: “Welke thema’s deden waren echt relevant, welke deden het écht goed? Wie waren de interessantste gasten?”

In oantal tema’s dy’t earder oan de oarder west ha, krije no wer omtinken yn it programma en wurde dêrby op aktuele wize presintearre. Sa waard fjouwer jier lyn it tema ‘it skjintme fan it echte libben’ behannele. Under mear by Albert Bouwman (‘Mens versus robot’) en André Klukhuhn (‘De namaakbare mens’) komt dat ûnderwerp werom. Möller: “De vraag was toen: hoe wordt het lichaam langzaam vervangen door digitale toepassingen?” Nei de tiidgeast is dêr dizze kear in noch stelliger ûnderwerp fan makke. “We hebben de lijn nog iets verder doorgetrokken, de stelling van het thema is nu geworden: het hele lichaam is artificial, kunstmatig.”

Bysûnder is de komst fan de ynternasjonale keunstnersgroep Transloca. De keunstners – dûnsers/goreografen, fotografen en mear, út Spanje, Sweden, Poalen, Dútsklân en Nederlân – sykje op plakken dêr’t se delstrike de ferbining mei lokale keunstners. Tagelyk stiet de groep yn kontakt mei kulturele ynstellings. En ien fan harren, Tamara Kaminski is direkteur fan City of Gardens, it kultureel ynstitút fan de Poalske stêd Katowice, dat as koepel foar tal fan ynstellings en festivals fungearret. It keunstnerskollektyf fersoarget sneon foar in iepenbier filosofysk diner mei ferskillende ‘kulturele en artistike gongen’ – foar de ynteressearden; de opjefte giet foar it festival út en fol is fol.

Bûten it offisjele programma om wolle de keunstners folle mear ûndernimme yn Fryslân. Möller: “Donderdag zijn ze in Pingjum, want daar zitten ook zoveel kunstenaars. Iemand als Jeroen Hoogendoorn (makker fan de dokumintêre Onderstroom oer de mooglike komst fan it grutste wynmûnepark by Pingjum, red.). Ik heb tegen Hoogendoorn ook weer gezegd heb: breng maar kunstenaars mee.” Dy oprop docht Möller trouwens oan elkenien: “Meld je gewoon, dan brengen we je in contact.”

Om it allegear romte te bieden duorret it evenemint dizze kear yn pleats fan in lange nacht in lang wykein, dat op freedtejûn begjint mei in konsert fan de Poalske band Hengelo yn Neushoorn en sneintemiddei einiget mei de lêzing fan Douwe Draaisma yn it HCL oer it natuerlik geheugen en keunstmjittige geheugens. De sneon dêrtusken yn is de in grôtfol programma fan de lêzings, diskusjes, workshops en performances fan/mei renomearre sprekkers, keunstners en tinkers – yn de kroech en de tsjerke, yn in akademygebou en de biblioteek en mear ferskillende plakken yn it sintrum fan Ljouwert.

Wat: Nacht van de Filosofie Fryslân. Wannear: freed 31 maart o/m snein 2 april. Lokaasjes: û.m. Neushoorn, Tresoar, HCL, Aldehou, Fryske Akademy.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.