Josse Postma – I

Elke tekst, elk wurd bestiet út letters: sûnder letters gjin wurden, gjin ferhaal. Lykwols, yn 2014 wurdt der in soad, nee, in hiel soad lêzen fan byldskermen. Smartphones, tablets, laptops, monitoaren, televyzjes, e-readers… Digitalisearring fan taal en tekst makket dat de boustien fan taal – de letter – net mear bestiet út ien stik (hout, stien of inket) mar út pixels. Lytse fjouwerkante blokjes, dy’t gearwurkjend digitale teksten lêsber meitsje.

Ik sil de kommende moannen mei dy pixels te set. Uteinlik komt der in ynstallaasje dy’t yn 3D de letter ‘i’ foarmje sil. In 3-dimensjonaal grid, mar ik mei al ‘Ingrid’ sizze. InGrid sil sjen litte dat al dy lytse pixels prachtich binne en gearwurkje as de bêste. Mar ik begjin mei lytse stapkes: ienfâldich en earst mar even yn 2D mei papier. Sjen oft ik in ‘i’ meitsje kin.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.