Jonges yn rokjes en “Jan giet trouwen”

HENK WOLF – 

Yn de HEMA wurdt net mear op berneklean set dat se foar jonges of foar famkes binne. As jo dit stik lêze, tinke jo grif: och ja, dat wie ek sa, mar no’t ik oan it skriuwen bin, is it efkes it mediahaipke fan ‘e wike.

Dat haipke hat wol wat nijsgjirrichs, want it lit minsken neitinke oer sosjalisaasje. Sosjalisaasje is it oanlearen fan gedrach en mieningen fan de minsken om jo hinne. Yn Fryslân leare bern om oaren oan te sjen, om tankjewol te sizzen en om har te ferûntskuldigjen as se wat misdien ha. Fan heit en mem leare se wat fetsoenlike mieningen binne, bygelyks oer polityk, godstsjinst of seks, en wat just net. Fan freonen wurdt it taalgebrûk en de kleanstyl oernaam. Sokke sosjalisaasje makket dat der herkenbere kultueren besteane: nasjonale kultueren, regionale kultueren, gesinskultueren, jeugdkultueren.

 

Wy hingje oan dy ûnsin, om sentimintele reden en fiele ús thús by minsken dy’t bekend gedrach fertoane.

 

Sosjalisaasje hat wat nuttichs. In bern dat net goed sosjalisearret, docht of seit dingen dy’t oare minsken net akseptabel fine. Sa’n bern falt bûten de groep en wurdt iensum. In Frysk jonkje dat yn in minyrokje omrint is net goed sosjalisearre en dêr sil it yn in protte gefalle lêst fan krije. In Frysk famke dat mei bleat boppeliif stroch de binnenstêd fan Ljouwert paradearret, wurdt ek raar oansjoen.

Der binne allegear meganismen yn ‘e maatskippij om sokke dwarsbongels ta de oarder te roppen. Sa wurdt ús heeltyd wer yn it sin brocht wat akseptabel is. It bestean fan ferskillende manlju- en frouljusôfdielingen yn kleansaken is dêr in foarm fan. En op in bepaalde manier hawwe it jonkje yn de rok en it topless famke dêr baat by, want it stjoert se nei gedrach dat har libben makliker makket. Op deselde manier leare bern troch de reaksjes fan famyljeden dat it ûnfetsoenlik is om Frysk te praten tsjin Nederlânsktaligen en dat helpt har om allegear ferfelende botsingen foar te kommen.

Allinne: de minsken dy’t ús oan gedrachsnoarmen herinnerje, foarmje dy sels ek. Der is neat ynherint ferkeards oan jonges yn in rokje en topless famkes. De earsten fynst yn Skotlân by ’t soad, de twadden bygelyks yn Nij-Guinea. Twatalige petearen is ek neat mis mei en yn allegear streken binne se ek heel normaal.

Skoallen besteegje in protte lestiid oan it oanlearen fan allegear taalnoarmen. Dat der wat mis wêze soe mei ‘hun hebben’ of mei ‘grutter dan’, dat ‘Jan giet trouwen’ net doocht, dat je ‘witte’ of just ‘blanke’ sizze moatte, dat ‘de reizigers wordt verzocht om over te stappen’ of nee, doch dat se ‘worden verzocht’ om dat te dwaan.

Dat dogge skoallen om minsken te sosjalisearjen, sadat se net raar oansjoen wurde troch oaren, dy’t dy regels o sa belangryk fine. Allinne, dy oaren ha dy regels sels ek op skoalle leard. Skoallen biede de regels net allinnich oan as helpmiddel, se foarmje sels ek noarmen. Dy noarmen binne like sinleas as de noarm dat jonges gjin rokje oan ha meie en dat famkes net topless op ‘e dyk omrinne meie. Of dat jo Nederlânsk prate moatte tsjin Nederlânsktaligen.

Kultuer sit fol fan sokke ûnsin en dy wolle net allegear kwyt. Wy hingje oan dy ûnsin, om sentimintele reden en fiele ús thús by minsken dy’t bekend gedrach fertoane. Mar soms skoddet in mediahaipke ús efkes op, dan moatte wy der efkes oer neitinke oft wy bepaalde gedrachsregels wol sa belangryk fine. As ik sjoch hoefolle tiid oft der yn it ûnderwiis bestege wurdt oan it oanlearen fan taalregels dy’t wy allinne mar belangryk fine omdat wy sels oait leard ha dat se belangryk wêze soenen, dan freegje ik my ôf oft wy dêr net better mei ophâlde kinne. Dan seure wy tenei net mear oer jonkjes yn rokjes, topless famkes, twatalige petearen, oer “Jan giet trouwen” en oer “hun hebben”. De oeren Nederlânsk en Frysk dy’t dan frijkomme, kinne wy brûke om in nije taal te learen, om te oefenjen mei twatalige petearen, wy kinne oer boeken prate, oer taalskiednis, wy kinne ús wurdskat fergrutsje en dingen dwaan dêr’t wy echt wizer fan wurde.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.