Jongereintaal: gaaf, cool, chill en BG

HENK WOLF – 

Mei ús studinten Nederlânsk en Frysk ha wy it gauris oer jongereintaal. Dy is der yn allegear soarten en maten en ús studinten drage alle jierren nije wurden oan, want neat feroaret sa hurd as de taal dêr’t de jongste generaasje him mei ûnderskiede wol. Wat earst ‘gaaf’ wie, wie letter ‘cool’ of ‘chill’ en dat ‘vaag’ foar de jongste generaasje wat oars betsjut as foar my, dêr moat ik soms al efkes goed om tinke.

Miskien is it jo al opfallen dat al myn foarbylden út it Nederlânsk komme. Ik wol net sizze dat jongelju gjin ‘chill’ of ‘vaag’ brûke as se Frysk prate, mar beheind ta it Frysk binne se wis net, se komme rûnom yn Nederlân foar en de taalgrins is blykber faach genôch dat se yn it Frysk ek brûkt wurde.

Lang haw ik tocht dat der gjin eigen Fryske jongereintaal mear wie, dat alle wurden dêr’t jonge minsken har mei identifisearje út it Nederlânsk komme. Mar dit jier ha ús studinten my út de dream holpen. Miskien helpt it dat it studinten fan bûten de provinsje binne, dy’t no staazjerinne op in tige Frysktalige mbo-skoalle. Dy berjochtsje oer in libbene Fryske jongereintaal. Se koenen net alles ferstean, mar ‘BG’ skynt op it heden tige populêr te wêzen. Neffens de studinten hearde der by it útsprekken dêrfan noch in hânbeweging. ‘BG’ is it moderne ‘gaaf’, ‘cool’ of ‘chill’. En it is de ôfkoarting fan ‘Bêst Genôch’.

Wa hat mear foarbylden fan hjoeddeiske Fryske jongereinwurden?

 

 

Comments
4 reaksjes oan “Jongereintaal: gaaf, cool, chill en BG”
  1. WW schreef:

    De foarbylden út boppesteand stik hearst wol it faakst. Fierders hear ik ek noch wol ris ‘alderraarst’ (ferâldere), ‘alderferskuorrendst’ en ‘einbaas’. By myn witten wurdt it wurdsje ‘einbaas’ allinnich mar brûkt troch jonge jonges, ik ha it noch noait in famke sizzen heard. It is neffens my in fariant op ‘baas’. Ynstee fan ‘dat is cool’ kinst ommers ek ‘dat is baas’ sizze. Sa ha se BaasHimd dus ek betocht en sa sil ‘einbaas’ ek wol ûntstien wêze.

  2. Stephan schreef:

    Ik tink dat der wol in bytsje nuance yn moat.. BG hat in wat ‘relaxtere’ toan as vet of chill. Kinst sizze: Wauw, dat is echt vet chill! Kinst minder goed sizze: Wauw, dat is bêst genôch!
    Mei oare wurden, it is net krachtich bedoeld, mar mear as ‘oké’, of ‘mei iens’.

  3. Grytsje schreef:

    Wat ik faker om my hinne hear is dat iets “need” is. Yn de sin fan, ek yn oare foarmen as: it wie in nete jûn, in nete film en fansels “vet need”.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.