John on the run

GERBEN DE VRIES –

Emigraasje, flechtlingen, yntegraasje, it binne de grutte wurden fan dizze tiid. Hjoed-de-dei wurdt der faak negatyf oer de flechtlingeproblematyk skreaun. Der soene benammen ‘gelukzoekers’ by sitte, ekonomyske flechtlingen, dy’t har heitelân ûntflechtsje om hjir in better bestean op te bouwen. Dit skeat my sa yn ’t sin doe’t ik lêsten in nijsgjirrich boekje trochlies. It wie skreaun troch in man dy’t him John neamde. Eenige jaren in Amerika. Van Gaasterland naar Indiania en Californie. It ferskynde yn 1888 by Hepkema yn it Fean. It ferhaal stie earst as feuilleton yn Hepkema’s krante, dat sadwaande.

 

De lânferhuzers namen somtiden de gekste dingen mei. Lykas it âlde wyfke út Bitgum dat behalve in sek poerbêste ierappels fan de klaai ek in koai mei in ljurk by har hie.

 

In bytsje in ûngrypbere man, dy John dy’t eins Jan E. de Jong hjitte. In wat nuvere man yn in nuvere tiid. De agraryske krisis sloech nei 1880 hurd ta, benammen ek yn Fryslân. Tsientûzenen minsken koene gjin wurk fine en rekken oan ‘e swalk. De gestichten fan Veenhuizen yn Drinte sieten fol mei wurkleazen dy’t har leaver oppakke lieten foar bidlerij of skoaierij. Yn in lân sûnder sosjale foarsjenningen wie in bestean yn Veenhuizen te preferearjen boppe honger en ellinde. Dat aspekt hat Susan Jansen yn har Pauperparadijs helaas net meinaam.

Der wie ek in oare útflecht mooglik, nei it lân fan Dream en Winsken. Dat wie doe noch de bynamme fan Amearika. In enoarm, leech lân. Goed, der wennen wat hinderlik oanwêzige Yndianen, dy’ t noch yn 1876 generaal Custer skalpearre hiene nei de Slach by Little Big Horn. In pear jier letter sieten al dy Yndianen yn reservaten. Nei dat lân woene in protte Friezen graach emigrearje. Yn maaie 1882 bygelyks sammelen hja har yn De Lemmer en ek John wie der by. Hy sinjalearre minsken út hiel Fryslân, fan de Klaai oant de Wâlden en ek út Gaasterlân, dêr’t er sels weikaam. De lânferhuzers namen somtiden de gekste dingen mei. Lykas it âlde wyfke út Bitgum dat behalve in sek poerbêste ierappels fan de klaai ek in koai mei in ljurk by har hie.

 

Bonnefoai
Fan de Lemmer gie it nei Rotterdam en doe fan Antwerpen nei oare kant fan it wetter.  Yn totaal ferfierde ‘De Nederland’ yn fjirtjin dagen sa’n 700 minsken nei New York. Underweis stoar in Dútser dy’t dêrnei yn in seildoek yn de oseaan smiten waard. John hie yn Burgum mei de skriuwer Tjibbe Gearts van der Meulen oer emigraasje sprutsen. Tjibbe hie krekt yn 1881 yn Noard-Amearika west. Dy syn broer wachtte har op yn New York . Frjemd genôch liet John – in bakkerssoan út Sleat, ûntduts ik letter – him hielendal net út oer de fraach wêrom’t er sels nei Amearika woe. Hy fertelde wol dat oaren fee en lân en sels de gouden earizers ferkocht hiene om de oertocht te beteljen, wat al wiist op de krisis yn de lânbou. Mar it hat der alles fan dat er sels mear it type ‘gelukzoeker’ wie, dy’t op de bonnefoai it aventoer socht.

Yn alle gefallen hie John him net echt taret, seker net wat dy oare taal oanbelange. Hy spruts gjin wurd Ingelsk doe’t er troch Vandermeulen – sa’t de namme fan Tjibbes broer yn Amearika skreaun waard – op de trein nei Indiania set waard. Indiania dus, sa’t er de steat Indiana neamde. Yndianen wennen der doe al net mear. Der wennen mear Friezen, dat dêr woe er hinne. De trein stoppe foar him yn it plak Goshen. Oft John it plak Goshen  assosjearre hat mei it âldtestamintyske ‘land Gosen’ wit ik net. Oer it geloof like der yn dy tiid yn Fryslân hast in boargeroarloch út te brekken, mar John sprekt der mei gjin wurd oer.

 

Piebe Swart
De oankomst wie hilarysk. John hie gjin idee welke rjochting er út moast om in man mei de namme Piebe Swart te finen. Dêrom gong er mar op it perron sitten, stuts in sigaar op en skonk himsels in glês meibrochte jenever yn. Kom der no ris om, hear ik partylju sizzen. It is yndied gjin byld fan ‘I pity the poor emigrant’, om mei Bob Dylan te sprekken. It iennichste wat John dêrnei betinke koe, wie wat mei de swiere koffers omrinne en elkenien freegje wêr’t dy Swart wenne. ‘Piebe Swart?’ ‘Piebe Swart?’ Bylden fan minsken dy’t de wei nei it asylsikersintrum freegje , skimerje yn de fierte. Pas neidat John acht oeren lang om ‘e nocht socht hie, kaam er in Dútser tsjin dy’t him it paad wize koe. John joech sels ta dat at er wat mear Ingelsk leard hie, hy yn in oere teplak west hie. Of hie er dochs dy hiele flesse soldaat makke?

Ek by Piebe Swart die bliken dat John mear it type ‘gelukzoeker’ wie. Swart siet by de ûnderwiisynspeksje en wie net faak thús. Swarts frou spriek allinnich mar Ingelsk, mar John die net bot syn  bêst de taal te learen. Leaver gong er om mei oare minsken dy’t út Gaasterlân kamen, út Wikel, Balk en Harich. Dy sprieken noch geef Frysk, wylst har bern inkeld Ingelsk koene. It wurd ‘beppe’ wisten se noch wol. En Jan waard al gau John neamd. Oer yntegraasje sprutsen.

Mar mei John kaam it by eintsjebeslút allegear goed. Hy hie in aventoerlik libben, reizge ôf nei Kalifornië. Letter wurke er sels by de oanlis fan it Panamakanaal. Yn 1887 kaam er eefkes wer werom yn Fryslân, mar it ferbliuw yn Amearika hie him skoan foldien. Yn july 1888 gie er werom nei de Nije Wrâld.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.