Johannes Kramer: ‘Ik fyn de multykulturele maatskippij net mislearre.’

Publisearre op 25 februari 2011

KAREN BIES –

Twa kear hat er listlûker west fan de FNP by de steateferkiezings, no hat er it stokje oerjûn oan Annigje Toering. Fraksjefoarsitter Johannes Kramer (1967) fûn dat it tiid wie foar in nij gesicht. Hy bliuwt wol kandidaat-deputearre, mocht de FNP diskear yn it kolleezje komme.
‘We binne acht jier mei alle FNP-steateleden trochgien, mar we wolle no fernije. Dêrnjonken spilet dat ik gemeentesiktaris bin fan Menameradiel, en in al té polityk profyl fyn ik net goed.’

Wannear wringt dat?
‘Wy wurkje gear mei trije oare gemeenten, en doe’t ik as gemeentesiktaris ris wat fertelde oan riedsleden, sei Reitze Ketellapper fan Ljouwerteradiel: “Ja Kramer fan de FNP sei ok al…!” Ik begryp dat minsken dat sa sjogge. In oar punt is dat ik no in gesin ha mei fjouwer lytse bern, dus ik wol in bytsje ôfbouwe. Ik kin de nije listlûker Annigje troch en troch en ik ha in grut fertrouwen yn har.’

Jo wolle graach yn it kolleezje, ek nei de foarige ferkiezings hat de FNP net meidien yn de ûnderhannelings. Dat sil dochs ek meispile ha.
‘It giet net sasear om my, mar om de partij. Ik fûn dat de partij mei opsetsin skeind wurden is. It gong net earlik tsjinoer de klup en de minsken dêr’t ik foar stean. Yn 2003 en 2007 binne de ûnderhannelings net ôfknapt fanwege Johannes Kramer, mar fanwege it “omsittend laach” fan de FNP dat sabeare net betrouber wêze soe. Dat hat ús stutsen en dwers sitten en wurket troch yn dyn hâlden en dragen. Dat is no ek fan belang by de kommende ûnderhannelings. Wat dogge wy?’

Binne jo dêr wantrouwiger fan wurden?
‘Dat net, mar ik ha wol leard: do moatst op dyn iepenst wêze. Wat yn Súdwest Fryslân bard is (CDA en PvdA binne mei de VVD fierder gien, wylst de FNP wûn hie by de ferkiezings en mei 6 sitten de tredde partij waard, KB) jout in déjà vu. Wat moatte wy as FNP yn godsnamme dwaan om meidwaan te kinnen? Elkenien om ús hinne seit: leuke partij, wat binne jim oars as de partij fan 15, 20 jier tebek. We wurkje goed gear mei oare steateleden. Mar dan blykt dochs, as it der op oankomt…
It ferfelende is dat it net útsprutsen wurdt, dat jo dat dus priuwe moatte yn it resultaat. Dat der wat sit.’

Kinne jo dêr in finger achter krije?
‘Nee. Dat moatst ek net tefolle besykje wolle. Der sitte altyd motiven achter dy’t dy oare partijen dy noait fertelle sille. Machtspolitike oerwagings. Hoe sil dat gien wêze fjouwer jier lyn? Sjoerd (Galama) en Anita (Andriesen) sitte byinoar, Sjoerd seit: “Wy kinne it wol mei syn beiden dwaan.” Anita: “Nee, ik wol mei trije partijen.” Sjoerd: “Wa moat der dan by?” Anita: “Ik fyn de FNP.” Mar dat wol Sjoerd net, dy wol de VVD, mar dêr is Anita it net mei iens. Dus doe binne se op de ChristenUnie kaam. Moai lyts partijtsje, gesachstrou, loyaal, in nijbakken man (Piet Adema) dy’t sa op it each wol wat kin. No, dy is it wurden. Ik ha der net by sitten, ik sjarzjearje, mar dit is wat der bart. Dus wy moatte as FNP derom tinke dat wy in eigen lûd hâlde, mar oan de oare kant ek sjen litte dat der mei ús te praten falt. Wy sette ús net op ’e foarhân bûtenspul.’

Wat is it by de FNP ‘dat Sjoerd net woe’?
‘Der waard sein, it omsittend laach: minsken yn de fraksje en dêromhinne. Op it momint dat de FNP yn it kolleezje komt, wat docht de FNP dan mei de Sintrale As, of mei de weryndieling.  By it sluten fan in kompromis stiet de achterban op syn achterste poaten. Hoe giest mei dy wjerstân om? Yn hoefier ha dy oare partijen dan de garânsje datst de boel byinoar hâldst? By gesachstrouwe partijen as CDA en de ChristenUnie bestiet dat probleem net. “Mar dy FNP, hmmm, dat witte we net.”
Dy achterban is in ferlechje dat brûkt wurdt, mar eins sit der klearebare machtspolityk achter. De PvdA en it CDA ferdiele it, in handich lyts partijtsje derby: “Wat dogge we om dy lju ôf te sâltsjen?” De FNP en de VVD stiene mei lege hannen.’

Johannes Kramer: ‘Ik fyn de multykulturele maatskippij net mislearre.’
‘Dat soe ek in machtspolitike oerwaging wêze. Wy binne der klear foar. Wy wolle meiprate en meibestjoere, mar net tsjin elke priis. As wy yn in koälysje stappe, moatte der ek punten ynsitte dy’t wy der ynfytst hawwe.’

Jo lykje my in pragmatikus.
‘Ik bin in pragmatikus. Bepaalde prinsipes hâld ik oan fêst: ik fyn dat de provinsje Fryslân en de twatalichheid bestean bliuwe moatte. Fierders, stel dat de PVV yn it kolleezje komt: ik soe muoite ha mei in partij dy’t gjin asylsikers opnimme wol.’

Dêr soene jo net by ynstappe?
‘Dêr soe ik it hiel dreech mei hawwe.’

Dat hie it CDA ek, it waard in grutte wrakseling, mar dochs gong it CDA mei de PVV yn see.
‘Wy sjogge hiel grutte ferskillen tusken ús en de PVV, mar ik fyn datst in partij net op ’e foarhân útslute moatst. Ik bin demokraat. Salang as in partij fatsoenlik meidocht yn it demokratysk proses kinst net sizze: jim dogge noait mei. We hawwe dêr in hiele diskusje oer hân yn de ledegearkomste. Der wiene stimmen dy’t de PVV útslute woene. Ik sei: Moatst altyd praten bliuwe, mar wy stypje gjin dingen dêr’t wy ús net yn herkenne.’

Diele yn ierdgasopbringst, weryndieling pas nei in referindum, gjin nije wynmûnen, gjin sâltwinning, grutsk op de Fryske kultuer. Dingen dy’t jo herkenne, en dy’t de PVV ek wol.
‘Stel dat se yn de steaten komme en se tsjinje in moasje yn – oer in ûnderwerp dêr’t wy it mei iens binne. Dan is it net logysk om tsjin te stimmen. It giet om de ynhâld. De doar sit net op ’e foarhân ticht, mar ik jou wol oan dat it hiel dreech wurde sil.’

Binne jo benaud foar de ferkiezingsresultaten fan de PVV te’n koste fan de FNP?
‘Ik bin net benaud, mar it is in ynteressante ûntwikkeling. Ik tink dat de PVV in reaksje is op it gefoel dat it net goed giet yn dit lân. Mar in soad minsken sille op Wilders stimme en dy stiet hjir net op de list. As ik in analyze meitsje fan de lêste lanlike en Europeeske ferkiezings, sitte de PVV-stimmers foaral yn Harns, Lemsterlân, de Stellingwerven en de grutte stedswiken. Ik wit net oft dy minsken oars FNP of CDA of wat oars stimden. Mar wis sille der minsken fan de FNP nei de PVV oerstappe. Mar wêrom at minsken yn in doarpke yn Dantumadiel of Achtkarspelen, dêr’t se noch noait in moslim sjoen hawwe, dochs PVV stimme…. Minsken stimme omdat se har net werkenne yn de tradisjonele partijen. Se wolle wat oars. Ien dy’t der ris bêst yn omreaget. Lang hat it sa west dat as der ien wat sei oer bûtenlanners, de polityk en de media seine: jim binne rasisten. Nee, der wurdt in probleem oansnien. Ik fyn de multykulturele maatskippij net mislearre, safolle minsken binne yntegrearre, dogge har bêst. Mar feit is dat guon minsken bûtenlanners as in probleem sjogge en datst dêr wat oan dwaan moatst. Ik wol dêr graach mei de PVV oer yn diskusje. Sa’n famke as Sahar, wêrom soe dy no werom moatte nei Afganistan? Se is ynboargere, der binne redenen om har hjir te hâlden, wêrom moat sy no fuort? Wat seist dan mei dyn stoere bûtenlannerstânpunt? Minsken yn problemen, dy’t hjir mei rjocht en reden komme, op basis fan in regel útsette, nee. De regels moatte better makke wurde, sadatst in kear mei de hân oer it hert strike kinst.’

Wat motivearret jo yn de polityk?
‘Ik kom op foar Fryslân. Ik leau dat der tefolle nei De Haach sjoen wurdt en dat wy te min tinke: wat kinne wy sels. Doe’t ik rjochten en politikology studearre yn Leien bin ik lid wurden fan de FNP. Ik wie frij Frysksinnich. Ik ha in Fryske studinteklup oprjochte, Finn, dy bestiet al net mear. Begjin jierren 80 fûn ik al dat Fryslân en syn belangen te min omtinken krije yn de polityk. Politike partijen yn Fryslân boarten De Haach nei en seine net foar harsels wat fan belang wie. Hoe komt it dat minsken sa’n bytsje selsbetrouwen hawwe?

Op de legere skoalle gong ik mei op kampen fan it Roomsk Frysk Bûn, dêr’t alles yn it Frysk gong. Prachtige ferhalen oer skiednis, troch pastoar Jan Romkes van der Wal. Dat Fryske wie ik op skoalle yn Balk net wend. Sa gau as it wat foarstelde, gong it yn it Hollânsk. In sosjale klassifikaasje dy’t net útsprutsen waard, mar dy’tst wol fieldest.

Yn myn studintetiid ha wy wolris Fryske stickers plakt op plaknammebuorden. En begjin jierren 90 hiest fan dy Flaamske Volksunie-figueren dy’t de Slach by Warns besochten te kapen. Wy stiene earm yn earm mei Ate de Jong om dy fassisten tsjin te hâlden.’

Hoe sit it mei de N yn de FNP? It ‘nasjonale’?
‘Sa no en dan wurdt der diskusjearre oer de N, en ik tink dat we dêr ek wolris skea fan hawwe, dat minsken dêrom net op ús stimme wolle. It iennichste dat we dwaan kinne is troch ús hâlden en dragen sjen litte wêr’t wy echt foar steane. De N is mar in etiketsje, dy stiet foar dat wy opkomme foar Fryslân. Mar ik ha Fryslân noait as ûnôfhinklik sjoen en ek yn de partij hat dat gjin item west. Ut it federalisme wei leau ik wol yn in beskate mate fan autonomy, wêryn’tst sels dingen regelje kinst. Diel fan it grutte gehiel, net anty-Nederlân mar wol pro-Europa. Ik tink ek dat wy ús segeningen telle moatte. Wy binne gjin Skotlân, gjin Flaanderen, Baskelân of Bretagne, mar wy hawwe op kultureel mêd in posysje opboud. Net nettsjinsteande, mar tanksij de Nederlânske steat en in positive hâlding tsjinoer it Frysk. In eigen parlemint of plysje is net reëel, mar wol kulturele autonomy op it mêd fan taalûnderwiis.

Frysk bongelt derby omdat de ynspeksje en de provinsje der net genôch achteroan sitte. It is goed dat de trijetalige Pabo der is, want ûnderwizers moatte it dwaan. Frysk is net it suertsje by de boadskippen, dy doelen dy’t wy stelle moatte neilibbe wurde. In stik foech kin út De Haach wei nei Fryslân.’

En de Ried fan de Fryske Beweging?
‘Ik fyn dat se mear dwaan moatte oan maatskiplike ferbining. It soe in Greenpeace foar it Frysk wêze moatte, of in konsumintebûn. No is it in ynstitúsjoneel ding dat himsels wat oan de gong hâldt. Der binne te min nije minsken of ynsichten.

Dy brief oan Doutzen Kroes doe’t se yn ferwachting wie, wêryn’t de Ried der op oanstie om it berntsje yn it Frysk op te fieden. Dat sloech sa de planke mis! Hoe stom kinne jo wêze, jonges, dit is krekt wat we net dwaan moatte. Dan leist de klam op it negative. Stjoer dan in taalpakketsje of sa, en lokwinskje har mei it nije wûnder. Dat famke docht it sa goed foar Fryslân, sy lit sjen: ‘Ik bin Frysk, it is in part fan myn identiteit en ik kin dêrmei de hiele wrâld oer.’ De ried moat as doel hawwe te ferbreedzjen, minsken mei te lûken, te ferlieden. Net ôfstjitte. Oars binne se in lyts klupke dêr’t net ien op sit te wachtsjen.

Alles feroaret, de taal ek. Moatst dy net fersette tsjin de ynfloed fan it Nederlânsk. As myn bern letter sizze: “Ik ken Frysk omdat ús heit dat sa belangryk fûn”, soe my dat wol spite. Ik ha leaver dat se it moai fine, dat it in klankkleur jout oan har identiteit.’

De kommende fjouwer jier wurde jierren fan besunigings. Hoefolle hat de FNP oer foar taal en kultuer?
‘Yn tiden fan krisis moat it ek gean om ymmateriële saken. Tryater, Omrop Fryslân, de Afûk, Tresoar soene eins net de dupe wêze moatte fan besunigings fan de provinsje en De Haach.  De FNP wol it hâlde sa’t it no is. Miskien binne it neffens de PVV linkse hobbys mar wy gean der dwers foar lizzen.’

Johannes Kramer is yn 1967 berne yn Harich. Iennichst bern op in buorkerij. ‘Heit en mem binne fan ´30 en ´31. Bern yn de krisis, puber yn oarlochstiid, jong folwoeksen yn de weropbou. Doe’t Nederlân wat rommer kaam te sitten wiene sy al troud, hiene se in bern en in lyts spultsje. Ienfâldige minsken, roomsk en sosjaal. Se stelden gjin fragen, wiene tankber, gesachstrou, der is in oardering en dêr hâlde jo jo oan.’

Dat roomske sit der by jo ek noch altyd yn?
‘Ja, ik bin foarsitter fan it parochybestjoer fan de roomske tsjerke fan Easterwierrum.’

Ha jo net oerwoegen om der út te stappen, nei al dy ferhalen oer seksueel misbrûk?
‘Der wurdt in soad goeds dien út namme fan de tsjerke, mar ek in soad ferkeards. Ik hoopje mar dat dy balâns goed is, ik fertrou dêr ek op. Mar op it momint dat ik dat fertrouwen net mear haw, bin ik fuort. Myn frou en ik komme beide út in roomsk fermidden. Balk en Sleat, hiele gemoedlike boereparochys. Wy binne eins noait paters of nonnen tsjinkommen, dy tiid wie al foarby. Wy ha tegearre nei Rome op fakânsje west, ek yn it Fatikaan sjoen. Dêr hie myn frou in akute geloofskrisis: “Wat is dat hjir foar rike binde!” Dêr hast it dan tegearre oer. Mar… oan de oare kant, it giet om it plak jaan fan religy yn dyn libben, hoe dreech at it ek is om it altyd te begripen en der achter te stean. It sosjale goeds dat dien wurdt, tsjinoer it ferkearde dat dien wurdt….’

Jo ha de triennen yn de eagen, wêrom emosjonearret dit jo?
‘Omdat it my hiel djip rekket. Ast tinkst oan dy freeslike dingen dy’t dêr bard binne, giet de grize dy oer de grouwe.  Miskien omdat ik sels lytse bern ha, mar ik kin der net oer. Dy tsjerke dy’t it misbrûk tadekt, dat makket my echt kûgelsk. En om ek ûnderdiel fan dy tsjerke te wêzen fyn ik hiel dreech. As ik dêr sa mei dy oer praat wurd ik emosjoneel. Ik fiel de walging yn my… it is echt in wrakseling. Mar it is net it belangrykste yn it libben, hear.’

No, miskien dochs wol. It fertrouwen dat skeind is, dêr’tst dyn hiele libben yn leaud hast.
‘Ik ha noait in modelkatolyk west, ik ha altyd myn eigen morele kompas hân. Mar dat wurdt foarme troch wat ik fan heit en mem meikrigen ha. En ik fyn it ek net slim om dêr ûnderdiel fan te wêzen, mar ik sjoch minsken om my hinne, pastors en leken, dy’t gewoan goed wurk dogge. De parochy hâldt op te bestean, giet op yn de parochy fan Ljouwert. Ik doch myn bêst om it op in goeie wize oer te dragen. De minsken dy’t dêr yn wurkje ha dat fertrouwen bot nedich. Ast der útstapst, litst harren yn de steek. Om dit ôf te sluten is foar my miskien in rouproses. It kin wêze dat op it momint dat dy parochy fuort is, dat ik der dan ek klear mei bin.’

‘Yn de polityk is it sa dat ik altyd in soarte fan bining fiel mei minsken, ek as ik it net mei har iens bin. Der is safolle haat en ûnbegryp, de ‘ikke, ikke’-maatskippij dy’t trochsjit. Dat is ek wat my tsjinstiet yn de PVV, se ferklearje elkenien foar fijân, se sette minsken tsjininoar op. Wylst ik fyn: kinst it polityk ûniens wêze, mar dochs bist ferantwurdlik foar it grutte gehiel. Dat is ek sa yn myn leauwen: bist mei-inoar ien mienskip. Op it momint datst dêr útstapst, falt dat fuort. Dy ferbining tusken minsken is wat dêr’t ik my hurd foar meitsje wol.’

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels