Johan Haanstra

Dizze skilderijen binne makke troch Johan Haanstra (1914 – 1994). It binne ympresjes fan Fryske lânskippen. Binne dy saneamde Fryske hege loften der ek? Snúf marris, fernimst it? Wy steane net mei beide fuotten op ’e grûn, wy sweevje der heech boppe. Haanstra skildere de wrydske Fryske loften net, mar hy skildere ympresjes fan Fryslân besjoen út dy loften wei. Hy brûkte dêrby heldere kleuren. ‘Schoongewaaide kleuren’, sei er sels. Fris as de lucht dy’tst ynazemst.

Johan Haanstra wist as jonkje al dat er skilder wurde woe. Hy folge in oplieding oan de ryksakadeemje yn Amsterdam en dêrnei wurke er as dosint oan de AKI yn Ynskedee, en as suksesfol portretskilder. Dêrnei ferhûze er nei Fryslân. Doe’t Haanstra yn 1981 wer foar it earst nei jierren eksposearre, die bliken dat syn styl feroare wie. Gjin realistyske portretten mear, mar abstrakte, dûnsjende, streamende, frije foarmen.

Haanstra hat ek yn de ôfbylde wurken de sfear fan Fryslân delsetten yn abstrakte komposysjes fan strepen en stippen. Skynber yn it wylde wei útstruid oer it wite flak. Skynber, want tink marris ien sa’n foarmke fuort en it byld begjint te wankeljen. Foar Haanstra wie Fryslân in him werheljend fleurich patroan op in kleed oer de ierde; Fryslân yn simmerjurk.

It wurk fan Johan Haanstra is, fan heal april ôf, te sjen yn Galery De Vis yn Harns en yn Museum Belvédère yn Oranjewâld.

Mirjam van Houten

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.