Joadekampen

Publisearre op 8 maart 2016

GERBEN DE VRIES –

In protte minsken hawwe noch altyd it idee dat sawat alle joaden yn de Twadde Wrâldkriich troch oproppen en razzia’s oppakt en strookrjocht nei Westerbork transportearre binne. Foar in wichtich part wie dat ek sa, mar der wie ek in kategory minsken dy’t earst yn in wurkkamp sieten. Oer dizze groep manlju, want dêr ha wy it oer, giet it boek Jodenkampen fan Niek van der Oord.

Eins hat it boek twa ûndertitels. Op it kaft stiet fierders noch fermeldde: ‘Blesdijke, Diever, Elsloo, Fochteloo, Vledder, Westerbork, Auschwitz, Sobibor’. Wa’t tinkt dat it boek ek oer de trochfier- en ferneatigingskampen Westerbork, Auschwitz en Sobibor gean sil, hat it mis. Op de titelpagina wurdt dat noch net folle dúdliker: ‘Ter nagedachtenis aan de joodse dwangarbeiders die vanuit de werkkampen werden afgevoerd en later door de nazi’s zijn vermoord.’ It is oars al de tredde printinge en ek al wer de twadde útjouwer, dus dêr hie wol wat mear oer neitocht kind.

 

It boek fan Van der Oord moat it hawwe fan de foto’s en seker ek de talleaze brieven dy’t nei en foaral út de kampen stjoerd waarden.

 

Begjin 1942 – midden yn de Twadde Wrâldkriich dus – waarden tûzenen joadske manlju nei mear as 40 wurkkampen yn benammen Noard- en East-Nederlân stjoerd. Dat hie in doel, in groulik doel, al wurdt dat net mei safolle wurden yn it boek sein. Op de Wannsee-konferinsje yn jannewaris 1942 besleaten de nazi’s ta de ‘Endlösung der Judenfrage’ en wy witte allegear hoe’t dy útfierd is.

De measte wurkkampen wiene al earder, yn de jierren tritich, opset troch de Heidemaatschappij om heidefjilden om te setten yn landbougrûn. Ek nei 1940 stiene de kampen ûnder Nederlânske lieding, al waarden de regels fan hegerhân – de Dútsk besetter – binnen inkelde moannen wol hieltyd stranger. De joaden moasten mei de skeppe oan de slach en dat foel foar benammen de stedske minsken – en dat wiene de measten – net altyd ta. Dochs jout it boek net echt de yndruk dat de omstannichheden hiel swier wiene. At dat wol sa west hie, dan wiene der grif mear ûntsnappings west as yn werklikheid it gefal wie. Bizar genôch fûnen dyjingen dy’t wol útnaaiden bûten de kampen faak in ûnderdûkersplak en dat hat minsken fan in wisse dea rêden. Want doe’t yn oktober 1942 alle wurkkampen tagelyk ûntromme waarden en de joaden massaal nei Westerbork stjoerd waarden, wie harren lot besegele.

It boek fan Van der Oord moat it hawwe fan de foto’s en seker ek de talleaze brieven dy’t nei en foaral út de kampen stjoerd waarden. Dy binne jouwe in goed ynsjoch yn it libben yn de kampen. Mar dan komme wy fuortdaliks by de profesjoneel-histoaryske krityk op it boek. De brieven binne meastentiids folslein opnaam, wylst dat lang net altyd nedich wie. Wat mear seleksje hie it gehiel in stik lêsberder makke. Want lykas by de measte brieveskriuwers, giet it faak oer de lytse dingen fan it libben. Dy hoege wy as lêzer net allegearre fan in oar te witten, al sil dat faaks foar guon de reden west ha om it boek te keapjen.

Dan noch in pear fragen. Der wiene tsientallen fan dit soarte kampen, mar nearne wurdt ferdúdlike werom’t krekt Blesdike, Elsloo en Fochteloo yn Fryslân en Diever en Vledder yn Drinte keazen binne. De auteur is berne yn Assen en wennet en skriuwt no yn de Stellingwerven, mar dat is fansels gjin ôfdwaande ferklearring. Dat wêrom krekt dizze kar? Fierders wurdt Elsloo it earst behannele, mar krije wy by dit kamp gjin inkeld wurd oer de foarskiednis. Wie dit kamp in tal jierren foar 1942 ek al boud foar de Heidemaatschappij? By Blesdike en Fochteloo wurdt wol wat ferteld oer de kampen foar 1942, dat it bliuwt nuver dat dat by Elsloo net dien is. Wat al te sloarderich. Boppedat, wat rjochtfeardiget it feit dat it boek foar de helte oer it strafkamp foar de wurkkampen giet, oer Elsloo? Allinnich de omstannichheid dat de measte brieven dy’t bewarre bleaun binne fanút dit kamp skreaun binne? Lokkigernôch makket de auteur in soad goed troch te fertellen oer it libben fan de joaden dy’t de Twadde Wrâldkriich oerlibben en ek oer de monumenten dy’t koartlyn as neitins ferriisd binne.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels