Jitiizer- Heitelân

Gerben Gerbrandy makke in striptekening fan it nûmer Heitelânfan Jitiizer. Wêr hellet Gerben syn ynspiraasje wei? de Moanne prate mei de keunstner.

Hoelang tekenesto al? Hoe is dy leafde oait begûn?
‘Al fanôf de beukerskoalle tekenje ik. It aardigste is dast dyn fantasy op papier krigest en it dêr dan troch it gebrûk fan ûnder oaren wetterferve en inkt wer hiel oars út komt te sjen.’

Do hast fan in tekst fan Jitiizer in strip makke. Koesto Jitiizer al?
‘Ik koe de band Jitiizer al om’t ik self ek aktyf bin yn de Frysktalige bands dEROELS en Xigatze. Op Aaipop 2014 haw ik it nûmer Heitelân foar it earst heard, dat koe ik noch net fan Jitiizer.’

Hoe hast it meitsjen fan de strip oanpakt?
‘Yn in kleare stripstyl, alles tekene en skreaun mei in swarte pen en ik haw de printsje ynkleure mei wetterferve.’

Hoe bisto ta dizze yllustraasjes kommen?
‘De reade kop, de grauwe klauwen en de striid diene my dalik oan in draak tinken en by de namme Gurbe toch ik oan it tekene mantsje fan de Ljouwerter Krante. By optredens fan Jittiizer is wol faakris in famke mei in hoannekaam oanwezich, sadwaande sit der in jonge mei in hoannekaam ferwurke yn de strip.’

Mei wat foar materiaal wurkesto meastal? Hasto al earder publisearre?
‘Ik begjin altyd mei potleadsketsen, dernei lûk ik it oer mei swarte pen of Oost-Indische inkt. Ik kleurje it dernei yn mei  wetterferve mar ik ha wek wol ekolline brûkt. Foar it stripblêd Grunn wurke ik mei in protte swart (Oost-Indische inkt en permanent markers). Ik haw earder (15 jier lien) publisearre yn it stripblêd Grunn en it Fryske jongereinblêd Pyst. Boppedat meitsje ik tekeningen foar bands (cd hoeskes, t-shirts en tekeningen dy we yn in powerpoint presintaasje sjen litte by optredens fan Xigatze).’

Gerben Gerbrandy (51, Nijlân) is tekener en gitarist bij bands as Xigatze en DeRoels.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.