‘Jeugdteaterskoalle Meeuw nei 25 jier faktor fan betsjutting yn Fryslân’

Publisearre op 3 augustus 2015

FROUKJE SIJTSMA – 

Jeugdteaterskoalle Meeuw yn Ljouwert fiert dit jier syn 25-jierrich bestean. Der wurdt dêrom ûnder oaren grut útpakt mei de bysûndere foarstelling ‘De Dansavond’, yn gearwurking mei twa oare jeugdferienings. ‘Meeuw is net mear fuort te tinken út Fryslân’, seit regisseur Hilde Mulder grutsk. Yn 1990 rjochte se tegearre mei Goaitsen Eenling de teaterskoalle op.

Meeuw is de lytste jeugdteaterskoalle fan Nederlân, mar Ljouwert docht absolút mei yn de earedifyzje, mei de oare, gruttere jeugdteaterskoallen yn Nederlân. Dêr is Mulder fan oertsjûge. ‘Wy steane alle teaterseizoenen mei sa’n trije of fjouwer profesjonele foarstellings op de planken. Us jongeren binne eins te beskôgjen as it Jong Oranje fan de teaterwrâld’, seit Mulder laitsjend.

 

Jongeren hawwe in soad ambysjes en se moatte by ús de kâns krije dy te ferwurklikjen.

 

Sels kriget se op de middelbere skoalle toanielles en fan dat stuit ôf wit se dat se fan teater har wurk meitsje wol. Dochs wurket se sels leaver efter de skermen. Op de regy-oplieding yn Utert ûntdiek se dat se sels net op de planken woe. ‘Ik bin gjin aktrise. Ik betink leaver in idee, dat ik dêrnei útfiere litte kin. Ik genietsje der mear fan om minsken te begelieden.’

Brabanner om utens Hilde Mulder (1960) kaam yn de jierren tachtich as teateradviseur nei Fryslân ta. ‘Ik hie sels noch nea yn Fryslân west’, laket se. ‘Hjir waard in fêste baan oanbean en dat like my wol wat. Ik besleat om maksimaal twa of trije jier te bliuwen.’ Fan dat foarnimmen is neat terjochte kaam, want ûnderwilens wennet se yn Jorwert en is se foarlopich noch net fan doel om ôfskie te nimmen fan Meeuw.

Doe’t Mulder yn Fryslân kaam, foel it har fuortdaliks op dat dizze provinsje in sterke teaterkultuer hat. ‘In soad doarpen hawwe in eigen amateurtoanielferiening en dy wurdt troch de befolking breed droegen. It hawwen fan in eigen taal spilet dêr grif in grutte rol yn.’ Wat Mulder yn dy tiid ek opfalt, is dat der hast gjin omtinken is foar toaniel en teater foar de jongerein. ‘Oeral dêr’t ik kaam wie ik likernôch de jongste. Alle minsken wienen 45 jier of âlder.’

Om dêr feroaring yn te bringen besiket Mulder fia besteande amateurtoanielferienings in jongereinôfdieling op te rjochtsjen, mar dat komt lykwols net fan ’e grûn. ‘De minsken wienen te bot dwaande mei har eigen repetysjes en foarstellings en hienen gjin tiid foar nij jong teatertalint. Wy hawwe doe kontakt socht mei teaterskoallen yn Rotterdam en Grins, dy’t har al spesjaal op de jongerein rjochten.’ Yn 1990 slagget it Mulder en Eenling om mei stipe fan de Provinsje Fryslân ek yn Ljouwert in teaterskoalle op te setten. De skoalle krijt de namme ‘Meeuw’, neamd nei it toanielstik ‘De meeuw’ fan de Russyske skriuwer Anton Tsjechov. It stik giet oer de libbensproblematyk fan minsken út de boppeklasse fan de Russyske mienskip.

 

Utdaging foar jongeren
‘Yn it earste jier binne wy mei 30 learlingen úteinset. Nynke Heeg siet bygelyks yn dy earste lichting. Ik fyn it hiel leuk om te sjen dat Nynke hjoed-de-dei in profesjoneel aktrise is, dy’t yn foarstellings fan Tryater en yn Fryske tv-searjes spilet.’ Mulder leit út dat Meeuw it fan it begjin ôf ambisjeus en serieus oanpakt. ‘Wat dat oanbelanget fart Meeuw al 25 jier deselde koers. Jongeren moatte der grutsk op wêze dat se teaterlessen by ús krije. De toanielstikken moatte har oansprekke en útdaagje. Jongeren hawwe in soad ambysjes en se moatte by ús de kâns krije dy te ferwurklikjen.’ Neist toaniellessen krije de jongeren dan ek les yn hoe’t se harren stim brûke moatte en hoe’t se mei beweging in ekstra diminsje oan har toanielspul jaan kinne.

 

Ik wol jeugdteater ferbreedzje troch mear oan te stjoeren op gearwurking.

 

Twa jier nei de oprjochting jouwe de jongeren har earste foarstelling. Dy is basearre op it toanielstik ‘Drie Zusters’ fan Anton Tsjechov. Mulder leit út dat it oarspronklike stik giet oer jonge minsken dy’t heimwee hawwe nei de grutte stêd Moskou. ‘Dat gefoel hawwe guon Fryske jongeren fansels ek. Sy kenne nei har idee allinnich de plattelânskultuer, en hawwe langstme nei Amsterdam en de Rânestêd, om’t se derfan oertsjûge binne dat dêr it echte libben him ôfspilet.’

Mulder lit har graach ynspirearje troch bekende wrâldliteratuer en besiket dan in fertaalslach te meitsjen nei de belibbingswrâld fan de jonge generaasje. ‘Yn hast alle stikken binne wol tema’s te finen dêrt de jongeren fan no ek mei te krijen hawwe.’ De foarstelling ‘Hamlet’ bygelyks fynt syn oarsprong yn de tragedy fan William Shakespeare. ‘Yn de 17e ieu, mar ek yn dizze ieu hawwe jongeren te krijen mei minne relaasjes en problemen mei har âlden, lykas Hamlet hat mei de nije leafde fan syn mem.’

Jongeren moatte dan ek sels ynput leverje foar de toanielstikken, fynt Mulder. ‘As ik mei in nij stik kom, dan fertel ik wêr’t it stik oer giet.’ Se wol dat de jongeren ek fiele wêr’t it stik oer giet, se moatte har hielendal ynlibje kinne. ‘Ik freegje dan bygelyks oft sy thús ek ûnderfining hawwe mei skieden âlden dy’t wer in nije leafde hawwe. Of miskien hawwe se wol freonen fan wa’t de âlden net mear byinoar binne. Wat betsjut dat foar harren en hoe geane se om mei dy nije relaasjes?’ Mulder lit harren dan sketches opfiere dêr’t dy tematyk yn weromkomt. ‘De ûnderfinings fan de jongeren ferwurkje ik yn it úteinlike stik, sadat it echt har ferhaal wurdt dat se fertelle.’

 

Foarstellings op bysûndere lokaasjes
Tal fan foarstellings yn de ôfrûne 25 jier binne Mulder bybleaun. ‘De jongeren hawwe echt prachtige toanielstikken opfierd. Ik bin grutsk op de foarstelling “De snatervogel heeft hoogtevrees”. In moai byldzjend stik dat ûnder oaren op Oerol útfierd is.’ Of de foarstellings op bysûndere lokaasjes, bygelyks op de redaksje fan de Ljouwerter Krante of op in plein mei leechsteande huzen yn de Ljouwerter wyk Heechterp-Schieringen. ‘Yn Drachten hawwe wy ris in foarstelling dien yn in wenwyk. De foartunen fan de bewenners brûkten wy as dekor. Prachtich!’ Meeuw makket ek alternative foarstellings. ‘Wy hawwe sels ris in “stomme” film makke. Wylst it publyk dy film seach, moasten de toanielspilers efter de skermen de teksten syngroan útsprekke. Eins in soarte fan harkspul. In behoarlike útdaging, want it kaam echt op de timing fan de jongeren oan.’

In part fan de learlingen fan de teaterskoalle begjint nei de middelbere skoalle mei in drama- of teateroplieding. ‘Wienen dat der yn it begjin miskien ien of twa, tsjintwurdich binne dat der sa’n fiif yn it jier. Dat is dochs sa’n tsien prosint en dat is bêst in soad.’ Neffens Mulder bart it de lêste jierren ek faker dat âld-learlingen by of nei har ôfstudearjen nei Fryslân komme om projekten mei Meeuw op te setten. Mulder fynt it opfallend dat ferskate âld-learlingen úteinlik yn kreative fakken bedarje. ‘De measte minsken sitte by Meeuw om’t se toanielspyljen gewoan leuk fine. Net eltsenien wol profesjoneel de teaterwrâld yn. Dochs sjoch ik in soad âld-learlingen mei kreative beroppen. Yn de fotografy, by mediabedriuwen, of se binne dwaande mei design. Teater jout absolút in kulturele basis.’

Yn de begjintiid fan Meeuw is der gjin fêste oefenlokaasje. ‘Wy sieten alle teaterseizoenen wer yn in oar tydlik gebou yn de stêd. Dat hie seker syn sjarme, mar it is ek goed dat wy no in eigen plak hawwe oan de Oostersingel, yn it gebou neist Tryater.’ Mulder seit mei klam dat Meeuw gjin ûnderdiel is fan Tryater. ‘In soad minsken tinke dat wol. Dizze strjitte is fansels in teaterbolwurk wurden, mar wy operearje apart fan inoar. Ik folgje wol al harren foarstellings en sy dy fan ús.’ Meeuw en Tryater hawwe ek wolris in teaterfoarstelling tegearre makke, mar fierder funksjonearje se los fan inoar.

Mulder sit nei 25 jier Meeuw noch grôtfol ideeën. Neffens har is der yn Fryslân ek ferlet fan nije toanielstikken troch en foar de jongerein. Op it stuit is se dwaande mei it regissearjen fan de foarstelling ‘De Dansavond’. Dy foarstelling wurdt útfierd troch hûndert Fryske jongeren fan Meeuw, it Frysk Jeugd Orkest en de Jeugd Dans Opleiding Fryslân. ‘Yn de skoalfakânsjes kinne se moai in wike lang mei-inoar oefenje en leare om goed opinoar yn te spyljen. It is fantastysk om te sjen hoefolle enerzjy en nocht oan dizze foarstelling at de jongeren hawwe.’

 

Konneksjes meitsje yn de takomst
De ôfrûne 25 jier is by Meeuw in soad itselde bleaun. Dochs wurde der ek nije paden ynslein. De gearwurkingsproduksje ‘De Dansavond’ is dêr in goed foarbyld fan. ‘It is de earste kear dat Meeuw sa’n muzykteaterproduksje delset. Dat befalt sa goed, dat ik yn de takomst faker sokke ynnovative ferbinings meitsje wol. De jongeren leare sa ek fan oare keunstdissiplines.’ Mulder is ek bliid dat Meeuw troch de Kommisje 4 & 5 maaie benadere is om in foarstelling te meitsjen yn it ramt fan de Deadebetinking. ‘It is dit jier 70 jier lyn dat der in ein kaam oan de Twadde Wrâldoarloch. Jongeren kinne mei toaniel in moaie bydrage leverje oan dy betinking.’ Mei Kulturele Haadstêd 2018 op de rol is it neffens Mulder ek logysk dat ferskillende ferienings konneksjes meitsje om mei syn allen wat moais del te setten. ‘Ik wol jeugdteater ferbreedzje troch mear oan te stjoeren op gearwurking.’

 

 

Earder publiseard yn de Moanne, 14 (2015) 2 (maart), side 56-59

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels