fotografy: Linus Harms

Jelle Post, de grafysk foarmjouwer as wolkewever

ELSKE SCHOTANUS – 

‘It is wat behelpen’, seit foarmjouwer Jelle Post (1980), as er de doar fan de net al te grutte wurkromte op de ferdjipping fan syn wente yn in bûtenwyk fan Stiens iependocht. ‘Hjir rinst myn holle binnen, hjir lizze myn gedachtegongen.’ Post, dy’t al moai wat hússtilen, boeken, tydskriften en affysjes foarmjûn hat, reizget op it stuit geregeld nei it TextielLab yn Tilburg, dêr’t foar it Fries Museum in troch him ûntwurpen wandkleed weve wurdt.

 

Magysk, datst út streepkes letters makkest
‘Tekenje is myn gedachten oarderje’, seit hy. ‘Ik doch dat tusken opdrachten foar oaren troch. Wurkje ik bygelyks foar in arsjitekt, dan bin ik ûndergeskikt, foarmje ik wat de oar wol.’ Op ’e tafel stiet de Mac, it ark foar in grafysk foarmjouwer. Der is in boekekast mei boeken oer keunst, in rek mei titels dêr’t er syn bydrage oan levere hat. Oan de muorre lytse wurken fan papier, oan it pripboerd sketsen, fierders mappen en doazen, dêryn blêden mei sketsen, soms flekken yn ekoline. ‘Tusken de opdrachten troch bin ik dêrmei dwaande, it is taal meitsje, myn eigen taal. Sa ha ik bygelyks in Benner-alfabet makke, in alfabet fan A oant Z. Guon letters werkenst as in skilderij fan Gerrit Benner. It is prutsen en pielen, ik doch it foar mysels en it leveret ek wer dingen op dy’t ik brûke kin foar it wurk foar opdrachtjouwers. It is net oars as by in timmerman: moatst dyn ark kenne.’

Foar’t Post mei it boek Piet Mondriaan – De man die alles veranderde (2017) te set gong – in útjefte by in útstalling takomme simmer yn it Haachske Gemeentemuseum – lies er de keunstner syn biografy. ‘Dan ferdjipje ik my yn him. By sa’nien moatst as foarmjouwer net sichtber wêze.’ Op de siden dêr’t it wurk ôfprinte is, is dan ek allinne it wurk te sjen, mei de byskriften. Yn it part mei de teksten is de foarmjouwer al oanwêzich, nammentlik yn de typografy. Doe’t syn âldere broer op Minerva siet en foar in opdracht mei typografy dwaande wie, siet hy der op ’e noas by. ‘Ik fûn it magysk. Datst út streepkes letters makkest, fan letters wurden, fan wurden ferhalen. Ik fyn myn ynspiraasje yn romans. Ik bin in leafhawwer fan it wurk fan Knausgård. In boek as Het vogelhuis fan Eva Meijer, oer de bân tusken in frou en fûgels, kenst dat? Tekst is wichtich, tekst is de boarne. It boek is toch it medium dat it tichtste by my stiet, it boek sil altyd oerwinne as seleksje fan ien syn tinken. In webside kinst oanpasse, in boek is klear as it klear is. Dat fysike …’

Foar útjouwerij Bornmeer joech er Oranjekoek (2014) foarm, mei de ferneamde foto’s fan Tryntsje Nauta. En koartby, foar útjouwerij Wijdemeer, Fortuin Dokkum, 175 jaar, it jubileumboek oer it sûkerguodfabryk, mei in wyt omslach fan Wilhelmina-pipermuntsjes yn 3D-preechdruk, in wol hiel bysûndere printtechnyk. Foar Tryater ûntwurp er de hússtyl en ek brosjueres en affysjes. Dochs sitte syn opdrachtjouwers net allinne yn it noarden fan it lân. Wa’t mei bern yn it Amsterdamske Ryksmuseum omstrúnt, kin ien fan de fjouwer edukative dieltsjes Rijksmuseum Familiegids oanskaffe. ‘De museumgidsen binne op bern rjochte. It museum wol lykwols net dat minsken mei pinnen of potleaden troch it museum rinne’. Prik. ‘Op ien fan de skilderijen stiet in sitroen, dy stiet ek yn it boekje, en ast mei de finger oer dy ôfbylding hinne giest, rûkst dat. En wêr komt it blau yn de skilderijen fan Vermeer wei?’ Hy wiist: giest mei de finger oer flekjes op ien fan de siden, dan tsjoenst dy fan grizich nei blau. ‘Sokke ideeën ûntstean yn petearen mei de tekstskriuwer, of de útjouwer. De tekeningen meitsje ik. Dan is it bygelyks as it giet oer oerwinterjen op Nova Zembla: “Kin dêr miskien in stripke by?” Sa’n opdracht is in feest’, fertelt er entûsjast. ‘It is in unyk museum, ik krige in privee-rûnlieding, dat wie geweldich. It giet derom in fertaling te meitsjen fan watst dêr sjochst.’

 

Toch net sa pretinsjeleas
Jelle Post hie, doe’t er goed tsien jier ferlyn klear wie mei syn oplieding foarmjouwing en kommunikaasje oan Akademy Minerva, in tal brieven de doar útdien om opdrachten binnen te heljen. Ien dêrfan kaam by it Frysk literêr tydskrift Hjir telâne. Dat seach der net út, wie er fan miening, hy soe it better ha wolle. Foar it blêd – no Ensafh – makket er noch altyd it omslach. Dêrby is er folslein frij. Op ien fan de omkaften stiet in tekening fan himsels, mei syn mem, op in oarenien de skoalmaster út syn bernejierren. Der stean hânskreaune teksten by. ‘Pretinsjeleas’, neamt hy de teksten. Hy krijt in nûmer en lêst foar: “Yn de fakânsje mien ik faak dat ik keunstner wurde moat. Ik meitsje skaalmodellen foar wandkleden, sketsen foar in takommende eksposysje. (…) Fan oaren harren ideeën / rêst my neat as in jier lang te mimerjen oer hoe’t ik myn op skaal makke dildo mei ledferljochting te pronk stel yn it Stedelik Museum.” Hy laket. ‘No, ja, toch net sá pretinsjeleas.’

 

Wolken weve
As er it oer skaalmodellen foar wandkleden hat, doelt er op de opdracht fan it Fries Museum om in wandkleed te ûntwerpen. Sûnt de simmer fan 2016 is er dwaande mei it kleed, dat as wurktitel Cloud #9 meikrige, in wurk dat likernôch njoggen meter breed en trije heech wurde sil en in wolkeloft ferbyldet. ‘Kie Ellens, talentscout moderne keunst, frege my om nei te tinken oer hoe’t it lânskip him ferhâldt ta myn wurk. Wy kenne elkoar trouwens al folle langer. Al fier foar’t Kie by it Fries Museum kaam, wie er in soarte fan mentor foar my. Ien fan myn earste boeken wie mei him, dat wie Heapsteaps (2010). It gong om in projekt fan VHDG, wêrby’t keunstners yngriepen op de iepenbiere romte. It konsept fan it keunstprojekt en de foarmjouwing fan it boek moasten opelkoar oanslute. It idee fan “yngripe op” ha ik brûkt troch alle fotomateriaal ien sintimeter op te skowen. Kie wie, en is, hiel ynspirearjend foar my.

Op in stuit woe Kie fan my witte: “Wat betsjut it lânskip foar dy?” Doe wenne ik noch yn Grins, mar ik bin opgroeid yn Hallum. Yn myn sketsen siet gauris it ferlangen nei de tún fan thús, nei it Noarderleech.’ Underwilens wennet er yn Stiens. Yn de tún stean planten en fruitbeammen út de tún fan syn âlden, dy’t ferhuze binne om’t harren wente plak meitsje sil foar in bedriuweterrein.

Hy lit inkelde tekeningen en kollaazjes sjen. ‘De rêst, de romte, it lege is bepalend foar my. Sa kamen Kie en ik by loften. Wat hy hiel goed kin, dat is dat hy fan in ôfstân nei keunstners sjocht. Sels bist dy net iens altyd bewust fan wat foar dy bepalend is. De essinsje fan de loft, hoe ûngrypber wolken binne. Hollânske loften ha altyd in rol spile yn de skilderkeunst, it is de ultime foarm. Kie frege my: “Hoe soe it wêze om wolken te fertalen nei in nij medium?” Sa kamen wy by tekstyl út. It TextielLab yn Tilburg, dêr’t it kleed weve wurde sil, is in echt lab. Ik ha it idee, mar elk hat syn dissiplinen en dat leveret in ferriking op. Wolst wat sjen?’ Jelle Post sleept stalen fan de oerloop nei de wurkromte, skikt dy oer de flier. Sjochst witen, blauwen, grizen, ferskate foarmen.‘Sjoch, dit hjir is parlemoerjern. Sketsen yn ekoline sken ik yn, op de Mac ûntstiet it ûntwerp. It ding docht wat ik wol. Mei it wandkleed is it pielen. Wat docht jern? Der binne safolle kwaliteiten en kleuren, safolle soarten biningen dêr’t de stalen yn weve wurde. Ik ha west te sjen, der komt rein út sa’n weeftou, it wie wol sa prachtich.’ Toch wie er net foldien. ‘It is sa’n oare skaal.’ Post wiist op in plak dêr’t de bining sa útfalt dat it jern yn lange lussen oer it weefsel leit, en dat is no krekt net de bedoeling. Op in oar plak sit in brún flekje dat wat fan in fûgel wei hat, ek dat hie net moatten. ‘Mooglik wie de skenner net skjin, flekken gean har eigen gong.’

Oft dat slim is? ‘It Benner-alfabet ha ik trije, fjouwer jier mei ompield, ik hechtsje oan dy pielerij. Mar ik ha likefolle plezier oan de opdracht foar “Omke Jan”. Eigener Jan Bles wennet yn Wâldsein. Hy hat de pleats neist syn hûs kocht mei it idee dêr in boergondysk moetingsplak te kreëarjen dêr’t minsken byelkoar komme en mei elkoar yn petear reitsje kinne. Net elk restaurant hat in ferhaal. De herberch leit oan it wetter, dat Omke Jan sil in startplak wurde om dêrwei de marren op te gean en de natuer te belibjen. Sy wolle wurkje mei earlike produkten, produkten dy’t streekrjocht fan de boeren út de omjouwing komme. By sa’n opdracht giet it om ien syn identiteit. Dan is it lústerjen. Dat sit ek yn jesels, je snappe dat.’

Comments
Ien reaksje oan “Jelle Post, de grafysk foarmjouwer as wolkewever”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.