Dichter Jelle de Jong (1933-2015)

EELTSJE HETTINGA – 

Yn neifolging fan Lucebert, ‘de keizer der Vijftigers’, waard er yn literêre rûnten yn Fryslân ‘graaf’ Jelle de Jong neamd. As dichter makke De Jong (1993) syn debút mei de bondel Ut ’e pas, de earste as eksperiminteel beskôge bondeling poëzy yn Fryslân dy’t by syn ferskinen yn 1958 foar in protte ophef en in soad debat soarge. Fan de minor poet Jelle de Jong, dy’t as dominy ûnder oaren predikant wie yn Flaanderen, soenen mei in tuskenskoft fan respektivelik fjirtich en tolve jier noch twa bondels ferskine. Begjin desimber ferstoar ‘de graaf’ yn Zeist.

Jelle de Jong debutearre yn 1957 mei Ien doar wie iepen, in toanielstik wêryn’t de personaazjes allegeduerigen lâns inoar hinne prate en dat yn it spoar fan it absurdisme fan Camus útdrukking jaan woe oan de ferfrjemding fan wat ‘de iensume, moderne mins’ neamd waard. Tegearre mei de dichter en keunsthistoarikus Hessel Miedema, dy’t fan 1957 oant 1963 direkteur wie fan it museum Het Princessehof yn Ljouwert, wie De Jong ien fan ‘beeldbepalende redacteuren’ fan Quatrebras, sa’t Inge Heslinga harren omskreau yn Leave abonnee, in noch altiten treflike skripsje oer it tydskrift Quatrebras.

Healwei de jierren fyftich sette de yn Harich berne dichter nei Utrecht, dêr’t er oan in stúdzje teology begûn. It wie de tiid dat yn Paris, Amsterdam en oare Europeeske stêden it keunstnersdebat behearske waard troch it wurk fan Nietzsche, Sartre en Camus. God wie dea, it bestean sinleas, leech en absurd. De earste televyzjes makken opgong, de wrâld waard in iepen finster, yn de bioskopen gongen de films fan Antonioni, Fellini en Bergman om, wylst op ’e achtergrûn in begjin fan de Kâlde Oarloch klonk.

jelle de jong

Jelle de Jong (1933-2015)

Yn Dútslân hie Theodor Adorno syn ferneamde sizzen ‘Nach Auschwitz ein gedicht zu schreiben, ist barbarisch’ dien. Fansels waard der troch skreaun en dichte, mar wol yn it besef dat ‘schoonheid haar gezicht heeft verbrand.’ Alde foarmen gongen oerboard. Dichters as Lucebert, Ingeborg Bachmann of Paul Celan wienen har der as gjin oar fan bewust dat poëzy net ien of oar ûnskuldich spultsje wie. Trochgean op it foaroarlochse paad soe in befêstiging wêze fan in fallite kultuer.

‘Ofwaaid praet’.
Yn it literêre fermidden yn Fryslân makken Anne Wadman en de dichters fan Quatrebras (1953-1964) koarte metten mei de Frysk kristlike ridders fan it god, folk en faderlân-tinken. Mei de poëzy fan de Vijftigers en it eksperimintele wurk fan Jan Walravens, Hugo Claus en Louis Paul Boon as foarbyld ‘songen’ ek de jonges fan Quatrebras in modern atonaal liet. Jelle de Jong kaam mei in poëzy nei foaren dy’t foar Fryske begripen oars en nij wie, ierdsk, konkreet, lichaamlik, persoanlik en yn toan de opstannige kant neist. Syn debút Ut ’e pas (1958) hold ûnder mear dizze programmatyske rigels:

myn fersen binne smelle fiskersboaten fan rebelske geast
har mêsten lizze ûnder de kanonnen fan publike mienings
hja falle oan op skippen fan tradysjes

Gjinien dy’t hjoed-de-dei noch falt oer dat soarte rigels, dy’t goed besjoen net mear binne as in wetterige fariant op Lucebert syn fers ‘ik draai een kleine revolutie af’. Dat lei oars by it ferskinen fan de bondel, want De Jong syn debút die in soad stof opwaaien. Hold Anne Wadman yn syn besprek foar de RONO (febrewaris, 1959) in entûsjast pleit foar De Jong syn eksperimintele poëzy, in moanne letter makke Lolle Nauta yn de Tsjerne it wurk mei de grûn gelyk. Hy repte fan in ‘pseudo-poëtyske tizeboel’.

De titel fan Nauta syn besprek sei: ‘Nekrologysk dokumint’. Op karbidbuskrêft waard steld: ‘De eksperimintéle poëzij is arrivé.’ Boem! Nauta, destiids studint filosofy – hy soe promovearje op in proefskrift oer Albert Camus – naam yn syn skôging of better sein, syn filippika twa partijen op it harspit. Oan ’e iene kant de groep dy’t neat hawwe moast fan it ‘ûnbegryplik gedoch’ dat eksperiminteel neamd waard – de kristen-kritikus Fedde Schurer naam in foarpost yn en neamde De Jong in ‘psychoanalityske dweil’ – oan ’e oare kant de eksperimintelen sels, yn dit gefal De Jong waans poëzy neffens Nauta de bline neifolging wie fan wat al hast in desennium yn Nederlân yn ’e moade wie.

Sa’t de eksperimintele dichters harren stokhynderkes – it konkrete, it lichaamlike, it ierdske en it protest – foarm joegen, dat koe Nauta net mear bekoare. It nije wie der neffens him ôf, slimmer: it eksperimint sels wie tradysje wurden. Jelle de Jong woe nij lykje, woe oars wêze, mar ferkocht neffens Nauta ‘ôfwaeid praet’. Neat yn it wurk dat ‘binnen it troch de eksperimintéle poëzy skepen klimaet’ al net dien wie. ‘Pseudo-poëzij’ wie it, ‘neatsizzend’. It hong fan ‘goede bedoelings’ oan inoar, mar, stelde Nauta, goede bedoelings meitsje gjin poëzy!

FLEANE OP IERDE

wy geane fierder yn in spikerbroek
dat is the progressive form
hja kinn’ ús net keare
hja binne to swier
hja kinne net fleane
har wjokken lizze yn ’e himel
of by de uno
koartwjokke strûzen binne hja
hja hawwe de kop op yn ’e groun
hja knipe de eagen ticht
wy binn’ it publyk en wy laitsje

wy fiere krystfeest yn in spikerbroek

Hoe is it mooglik dat sok spul útjûn wurdt, frege Nauta him ôf, en yn ien sucht dêr efteroan: Hoe kin it dat Quatrebras-redakteur Marten Brouwer syn kollega-dichter Jelle de Jong ‘de greatste dichter fan nei ’45’ neamt? As dat sa is, dan kin dat inkeld mar it gefolch wêze fan ‘litteraire earmoed en poëtysk analfabetisme.’ Brouwer waard it leksum lêzen mei it sizzen dat de man ‘de greatste litteraire nul fan nei ‘45’ wie.

In mear algemiene ferklearring foar de heechstekkerij socht Lolle Nauta by it feit dat yn in literatuer, dy’t minder iepen stiet foar it nije en it oare ‘elke suggestje fan eksperimint al field wurdt as posityf’. Troch in surplus oan selsfoldienens, in tekoart oan selskrityk, mei dêrnjonken in te min oan kreativiteit wie it neffens him in kwestje fan tiid en skriuw in nekrology fan de Fryske literatuer.

Anty-hiërargysk
Anne Wadman wie yn syn RONO-besprek gâns positiver. Hy neamde de bondel Ut ’e pas ‘ruw, stekelig, weerbarstig, tegendraads, zonder duidelijk verband, daarbij van een barbaarse primitieve inslag.’ Wadman wie sels sa optein oer it unike fan dizze poëzy dat er hawwe woe dat De Jong gjin foargongers of foarbylden hân hie, sels net by de Nederlânske eksperimentelen. ‘Hij begint in het niets, in de absolute leegte, die meteen de meest verstikkende en afschuwelijke chaos is.’

1. In ferskining fan heit - Jelle de JongLit Wadman syn idee dat in dichter samar út it neat wei – tabula rasa – út de loft ploffen komt, de nayf-romantyske kant it neist wêze, hy makke de harker wol dúdlik wêr oft eksperimintele poëzy op delkaam. Wadman karakterisearre dy as anty-hiërargysk, anty-muzikaal, anty-idyllysk, mei fierders in griemmank fan magy en primitiviteit. De Jong waard priizge om syn eigen toan en syn folslein eigen wrâld: ‘metafysisch, neigende naar het buitentijdelijke, naar het bovennatuurlijke, maar op een in het oog van gerenommeerde volwassenen vaak kinderlijke en misschien zelfs kinderachtige wijze.’

Ut ’e pas revisited

Hoe lêst Ut ’e pas sechstich jier nei dato? Wat dan opfalt, is dat men jin amper yntinke kin dat guon har sa drok makken om dit wurk. De Jong syn poëzy is neffens it eksperimintele boekje, sis mar, moai yn ’e pas. Ferhevene taal komt men net tsjin. Ynterpunksje en haadletters binne der eins net. Konkrete byldspraak en deistige omgongstaal soargje foar in poëzy dy’t earder keal as barok is, earder bespegeljend as muzikaal.

Op falt ek it eksistinsjalistyske gehalte fan it wurk. Der is de (besteans)-eangst en twivel. De dichter leveret syn gefjocht mei god en goaden, mei de heit dus. Der bestiet allegeduerigen spanning tusken it himelske en it ierdske, it hegere en it legere, bygelyks yn it gedicht mei de wat mistribele titel ‘Twifelbeam’. (‘ik blaes in solo yn eangst en twifel // de twifelbeam sil waechse / en syn tûken yn ’e himel stekke //)

Mar wat makket Ut ‘e pas sa goed of sa bysûnder, sa’t ûnder oaren Anne Wadman hawwe woe? Dat sil foar in part te krijen hawwe mei de yntinsje, konkreet: it anty-karakter fan dizze poëzy. By it rychje fan de hjirboppe neamde anty’s hearre ek it anty-boargerlike en it anty-kalvinistyske. Fierders wie it De Jong dy’t lykas Hessel Miedema de bile oan de woartels fan de Fryske mite sette. Hy hie neat mei ‘het beeld van Friesland als een soort zuivere, reine, eenvoudige moeder’, sa’t er dat, letteroan, yn syn lêzing Schrijven buiten Friesland (1965) foar de RONO ferdútste. It gyng him derom dat ‘een schrijver zich de motieven waaruit hij schrijft, voor zo ver het hem mogelijk is, bewust moet maken.’

Fryslân

it is kâld op ’e dyk
dêr waeit it altiten
fan autooos en trekkers en fytsen

de dominy rydt yn in auto
de boer op ‘e trekker

de fékeapman fytst
de âlde beammen om ’e tsjerke
binne wei en jonge wurde plante

it is kâld op ’e dyk

Behalven gedichten as ‘in ferskining fan heit’, dêr’t Jelle de Jong ek mei antisipearre op Fryslân ‘als het land van de enigszins tirannike vader’, sa’t er dat sels sei, hat de rest fan de poëzy yn Ut ’e pas foar my lang net de macht, magy en betsjoening fan wat de hichtepunten fan de moderne, nei-oarlochske literatuer yn Fryslân (wurden) binne, te witten: de greate wrakseling en stadich brekke de foarmen út ’e skyl fan Hessel Miedema en Fan oer see en fierder fan Tsjêbbe Hettinga, poëzy dy’t én universeel én tiidleas is.

miedema_hessel

Hessel Miedema (1929)

Dat lêste kin net daliks sein fan Ut ’e pas. In fers as it hjirboppe oanhelle ‘Fryslân’, dêr wurdt men hyt noch kâld fan. Ferset tsjin de ‘âlde’, lês: de tradisjonele poëzy, sa’t dat ien fan de yntinsjes wie yn De Jong syn poëtika, kin in te loovjen stribjen wêze, mar dat wol noch net sizze dat de ‘nije’ poëzy ek by definysje goede poëzy jout. Of sa’t Lolle Nauta it sei: Goede bedoelings meitsje gjin goede poëzy! Dat blykt foar in part ek it euvel fan Jelle de Jong syn earste bondel. Syn realistysk-anekdoatyske poëzy dy’t destiids ûndergien waard as nij is troch de tiid ynhelle en achterhelle.

It tekoart
Yn 1996, fjirtich jier nei syn debút, kaam Jelle de Jong mei syn twadde bondel op ‘e lappen: yn ’e spegel. De poëzy is mylder wurden, bespegeljender, minder iroanysk ek as yn Ut ‘e pas. Yn it titelgedicht ‘yn ’e spegel’ docht it lyrysk subjekt alle war en spegelje himsels út ferskillende hoeken en stânpunten wei oan himsels, mar allegeduerigen fernimt er dêrby in tekoart oan each of in te min oan spegel. Misbegryp, iensumens en misferstean beskiede it minsklik tekoart. De Jong siket yn tal fan fersen syn honk en hâld by dichters en skilders lykas Manet en Picasso en Shelley en Baudelaire. Fierders wurdt yn hurde, bepaald net sentimintele taal de dea op it aljemint brocht, ûnder mear yn gedichten as ‘stjerrende frou’.

Yn ‘graaf Jelle’ syn tredde en lêste bondel ik ha fochten mei myn soan (2007) binne de foarm- en stylprosedees net folle oars as yn it eardere wurk. Ynterpunksje is sa goed as ôfwêzich. Haadletters komme net foar. It fersewurk sels is, nettsjinsteande de dichter syn iroanyske distânsje, wranger. De ynhâld fan de bondel lit him beflappe ûnder it sizzen: – De wrâld in treurspul, of in fergeze reis om ienheid en oarsprong.

Yn it spoar fan de âlde ‘pilgrimfathers’ set de heit – de dichter neamt himsels ‘in lette pylgerheit’ – nei Amearika (New England) om dêr syn soan op te sykjen, dy’t wilens ek heit is. Hy hat ferwachtings oer har wersjen, oer wat him fernijd en iepenbiere wurde sil. Dat beteart oars. De moeting krijt geandewei de bondel it karakter fan in konfrontaasje. Desepsje en ûnthilliging slagge foar master op.

Fuortdaalks yn it iepeningsgedicht ‘Amearika’ is it al raak, as de pakesizzer de hiele nacht lang te blêren leit, as woe de dichter sizze: de ferhâlding tusken in heit en in soan is fan it begjin ôf oan in spul fan razen en moardzjen. Yn ‘sneontejûn yn amearika’ krijt de heit in religieuze karakter tametten, as de famylje ‘de hillige kommuny fan de behâlden druven’ fiert. It trijelûk einiget mei ‘snein yn amearika’, in fers dêr’t de heit yn ferbân brocht wurdt mei it heitelân, soks nei oanlieding fan de Amearikaanske flagge en 9/11-oanslaggen, de alfde septimber 2001.

‘Ferdjipje jim yn de islam’,
Is it trochstrings de soan dy’t tsjin de heit rebelleart, yn dizze bondel is it omkearde it gefal. De heit fjochtet mei de soan. Hy sjocht syn wrâld, syn bestean en syn Amearikaanske kultuer, mar kin dy, útsein de natuer, it lânskip en alle fammen en froulju, wol dea sjen. It is syn kultuer net, ûntdekt er, sa’t er stadichwei ek gewaar wurdt dat syn soan syn soan net mear is. De wrâld hat him oan syn eigen oarsprong ûntlutsen. De heit wit him oan ’e ein fan syn pylgerreis ferslein en fernedere.

de lêste dei dat wy yn de nije wrâld wienen
hawwe wy wraak nommen
wy hawwe ús net langer yn de hoeke driuwe litten
wy binne assertyf oan de kokenstafel sitten gien

(…)

se seagen der raar fan op
dat wy sa bretaal wêze koenen sa mei iten
oan ‘e gong sa fretterich

mar doe’t wy op it fleanfjild kamen
wienen wy in dei te gau en moasten wy werom
en stienen efkes letter as bidlers by de foardoar
en gienen wy fernedere de lêste nacht yn

ihfmmsJelle de Jong makket yn ik ha fochten mei myn soan in salút oan de Amearikaanske de dichters Allen Ginsberg en William Carlos Williams. Mei Ginsberg dielt De Jong de maatskiplike belutsenens en it tinken oer ‘frede en geweldleas ferset’, tema’s sa’t dy bygelyks nei foaren komme yn ‘Fleanmasine’ (‘gjin oarloch mei saddam hoessein / ferdjipje jim yn de islam’). Al is in oprop as ‘ferdjipje jim yn de islam’ sympatyk, sterke poëzy smite dat soarte statemints net op.

‘Utsjoch op ‘e stêd’ (s.14), skreaun nei in fers fan Williams, kipet der yn dizze bondel oer alle boegen út. It gedicht, yn syn soarte moai lyrysk en evokatyf, set útein mei in klassyk âlderwetske ynverzje yn de earste, hast danteske rigel:

doe’t ik line tsjin in beam yn it wâld
bekommende fan myn troch mysels oproppen leafde

seach ik ôfwêzich nei de stjerren
krekt as socht ik troch de tûken wat oars yn de blauwe nacht
en in momint seach ik mysels lynjend tsjin in beam

(…)

Komt yn ik ha fochten mei myn soande de leafde op ’t aljemint komt, dan is dat gauris yn de ferskuorrende sin fan it wurd. Begearte en erotyk binne yn De Jong syn poëzy oan wierheid keppele. Yn ‘fryslân en amearika’ wurdt yn de foarm fan in brief ferslach dien fan in besite oan Harvard. De dichter is der foar ûndersyk nei de Frentsjerter teolooch Amesius en de yn Harich berne wiskundige Aenee, dy’t beide oait ferbûn wiene oan Harvard University.

It wiene minsken, seit de dichter dy’t ‘de “wierheid” sochten yn de trije boeken fan / it âlde en nije ferbûn en it boek fan de skepping.’ Dêrnei springt de tiid nei it no, mei in strofe oer de studintes yn de bieb fan Harvard dy’t, sa wurdt suggerearre, mear wierheid ynhawwe as alle boeken by inoar:

ik sit hjir midden tusken de studintes
se hawwe de bloeskes iepen fan boppen
fanwege de benaudens
ik sjoch har spierwite boarsten út ’e bústehâlders springen

Mei de wekker roppene begearte, neamd ‘de geast fan amearika’, hopet de dichter syn leafste yn Europa nochris ‘te bestoken’. Mar de geast fan it ferlangen blykt wat oars as de lang om let altyd lege werklikheid. De ôfstân bliuwt. Sa stiet ik ha fochten mei myn soan stiif fan de twadielings. Navenant binne de gefoelens fan spjalt. Allegeduerigen is der de spanning bringende kleau tusken de heit en soan, de man en de frou, it ferline en it hjoed, Amearika en Europa.

kleau

de kleau dêr’t ik nei safolle jierren troch spjalten bin
krij ik net mear ticht
ik bin ferfrjemde fan mysels, myn siele, myn eale ik,
myn ryk ferline en myn hielens

it is te let – de lêste kânsen haw ik mist
ik rik wanhopich nei in flechtsjend perspektyf

en bid en bid ek net
om ‘t ik my net bekeare wol en kin

By De Jong is de minske fan de minske ferfrjemde. Der is it bewitten fan de ûnmooglikheid om de Oare te berikken. It hat de dichter ta ‘in bûtensteander’ makke, in frjemdling, wêr oft er ek komt, oft it no Brugge, Ljouwert of it eigen (sloopte) bertehûs is. Hy is de heit allinne, mei in soan ferlern en in begearen ûneinich. Wat oarsprong wie, hat syn sintrum en kearn ferlern. De tebrutsen ienheid. Goddeleas.

Wat de dichter (oer)bliuwt, is de natuer, mar sels dy is him frjemd. Yn ‘floara en fauna’ (s. 41), it lêste fers yn ik haw fochten mei myn soan, sit de ik-figuer ‘op ôfstân en wat skou’ mei de iikhoarntsjes te praten, dierkes dy’t earder (s. 24) opfierd waarden as metafoaren fan frijheid en ûnskuld.

(…)
ik skamje my sa – sis ik –
dat jimme noch mar mei in pear binne
en dat ik jimme soartgenoaten hieltiten
yn it floara en faunaboek opsykje moat

De skynber ienfâldige, mar feitliken djip skôgjende en yn wêzen tragyske poëzy, sa’t dy nei foaren komt yn ik ha fochten mei myn soan soe wolris mear kâns fan oerlibjen hawwe kinne as de oait as eksperiminteel bestimpele poëzy yn Ut ’e pas. Ek al is de ynhâld fan dy bondel bepaald net mear skokkend of nij, it feit dat it yn de jierren fyftich ien fan de wurken west hat dy’t foar in breuk mei it ferline soarge, rjochtfeardiget de dichter syn adellike status as ‘graaf’ Jelle de Jong.

.
Ljouwert, 20 desimber

Comments
2 reaksjes oan “Dichter Jelle de Jong (1933-2015)”
  1. Steven H.P. de Jong schreef:

    In deade literatuer
    Reaksje op it ‘In memoriam Jelle de Jong’ fan Eeltsje Hettinga
    (De Moanne, 21 Desimber 2015, http://www.demoanne.nl/jelle-de-jong )

    Op ‘e webside fan ‘De Moanne’ stie in wiidweidich ‘In memoriam’ fan Eeltsje Hettinga oer de dichter Jelle de Jong. Wat dêryn opfalt is dat Hettinga it fernijende karakter út ‘e begjinperioade fan Jelle suver wei relativearret. No hat fansels elkenien rjocht op syn miening, mar Hettinga fertoant him hjir as de alleswittende 21e ieuwer dy’t syn miening wol ris sizze sil oer de domme âlderwetske 20e ieuwers om 1950 hinne, de lju fan flak nei de oarloch. No ja, hy hat dy tiid net meimakke, dat ensfh. Mar men wurdt wol kjel fan it bytsje gefoel foar de grutte púnheappen, dy’t de wrâldoarloggen net allinne yn Europa of wêr dan ek, mar benammen yn ‘e breinen fan jonge yntellinginte Fryske studinten yn Amsterdam (ticht by hûs ja) neilitten hawwe. En dat yn dizze tiid, nou’t yn gâns kranteberjochten, tv-reportaazjes, skôgingnen en politike mienings de spoeken fan ‘e 20er en 30er jierren fan ‘e foarige ieu driigjend weromkomme. Dizze studinten bemuoiden har mei in hast net mear besteande literatuer (de Fryske) en makken dêr har artistyk ynstrumint fan. Dat Hettinga dêr gjin gefoel foar hat, nim ik him net kwea ôf. Mar hy brûkt in misser fan ien fan ‘e bêste kritisy út ‘e Fryske literatuer, ntl. de jonge studint Lolle Nauta (dy’t, doe’t er dy misser skreau, tafallich mei uterst konservative redakteuren yn ‘e Tsjerneredaksje siet) om syn grutte gelyk te bewizen. Dit is in misser dêr’t de lettere prof. dr. L.W. Nauta my persoanlik syn ekskuzes foar oanbean hat. Dêrmei faget Hettinga de bêste kwaliteiten út Jelle syn begjinperioade ûnder de tafel. It sil in toer wurde om Hettinga hjiryn serieus te nimmen nei alles wat dêroer skreaun is.

    Eeltsje hellet de hele wrâldliteratuer oer de kop (noja) om sjen te litten dat de Fryske eksperimintelen slaafske neifolgers binne fan wrâldferneamde Amearikaanske en Europeeske foar- bylden en dat alle poëzij op ‘e wrâld sa gearhinget. Dy gearhing is in deade konstruksje, sa abstrakt as in net lêzen boek. Wurdkeunst bestiet útsoarte altyd út klisjees, om’t de measte wurden noait troch de skriuwer sels betocht binne. Byldspraak mei inselde betsjutting is yn alle poëzij wol te finen. Goeie poëzij bestiet net yn ’t algemien. It giet by my om it konkrete persoanlik autentike fers en benammen dêryn de details. Hettinga besprekt de trije bondels fan Jelle. As wy de dichter Jelle de Jong mei in beam fergelykje, dan binne syn fersen de fruchten. De beam hat lykwols syn libben te tankjen oan ‘e woartels, dêr’t er útgroeid is. Krekt dy woartels skuort Hettinga út ‘e grûn en smyt se yn it jiskefet. Dêrmei slacht er in hiele generaasje quatrebrasdichters en gâns oare (avantgarde?) artysten oer.

    Fansels, mûnlinge ekskuzes hawwe gjin dokumintêre wearde, mar dat hat de miening fan de lettere Lolle Nauta wol. Op side 170 en 204 fan syn essayboek ‘Stasjonearre yn Fryslân’ is de miening fan Nauta oer it wurk fan Jelle de Jong hiel posityf, yn alle gefallen it tsjinstelde fan ‘in nekrologysk dokumint’. Troch in misser fan ‘e jonge studint Lolle Nauta as skerpsinnige grûnslach fan in ôfbrekkende skôging oer de Fryske eksperimintelen te brûken, hat Hettinga krekt as doetiids Jabik Veenbaas, aardich wat gatten yn ‘e loft slein en is dêrtroch ferfrjemde fan in komplete Fryske literatuer. Spitich! Ik soe him en ek oaren freegje wolle dy saneamde wrâldliteratuer ris even oer te slaan en de Fryske ekperimintele poëtika mei oandacht te bestudearje. By Anne Wadman, Lolle Nauta, yn ‘e tydskriften Quatrebras, Asyl en Trotwaer is der genôch oer te finen. Dy eksperimintelen wienen in gefolch fan in net mear te stuitsjen modernisearring yn ‘e hiele westerske keunstwrâld of wêr ek op ‘e wrâld. Dat oerslaan betsjut, sa’t Hessel Miedema it neamde ‘it mei opsetsin achterbliuwe by wat der yn ‘e kulturele wrâld geande is.’

    Steven H.P. de Jong, Burgum, 20-2-2016

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.