Jan Posthuma – de keunst fan it oerjaan

BART KINGMA –

Nuchtere, relativearjende minsken binne in segen foar it minskdom en in pleach foar ynterviewers. Want hoe moatte je mei immen prate oer saken dy’t foar himsels sa logysk as wat binne, of hielendal net de muoite fan it útdjipjen wurdich? De komst fan Jan Posthuma nei de studio fan Fiel de Nacht stelt ús foar dy fraach. Hy stiet bekend as bûtengewoan sympatyk, kalm, behearske en berêstend, net as ien dy’t himsels ferliest yn grutte wurden oer hichtes en djiptes yn syn libben. Krekt dêr leit syn krêft, en krekt dat is wat we graach beneame wolle. Mar ja… miskien helpt it as we in volleybal meinimme en yn de studio dellizze.

Lykwols, de kalmte en rêst fan Jan Posthuma wurkje as in waarme tekken oer de nacht. Jûns om 21.00 oere meldt er him op in paradyslik stik Amelân, en hy bliuwt de hiele nacht trochpraten. Mei leafde fertelt er oer syn ûnderfinings yn syn aktive sportjierren, syn rol as rêstpunt yn in orgy fan ego’s, ambysje, spanning en testosteron. De logika dy’t er sjocht yn al syn hanneljen en it effekt dat dat hie op syn teamgenoaten. De wearde dy’t er hechtet oan dy tiid, net fanwege de prizen mar fanwege it proses dat er meimakke om dy prizen pakke te kinnen. Jan Posthuma fertelt mei gefoel, mei oandacht en leafde.

Ek oer it wûnderlike feit dat it volleybal – dochs de sport dy’t troch syn hege snelheid en konsintraasje in fracht oan adrenaline, dopamine en watfoar stoffen ek mar frijmakket – suver totaal gjin rol mear spilet yn syn libben. Net yn syn deistige wurk, hy wol gjin trainer of coach wêze; mar sels yn syn dreamen komt it net mear foar. Gefoelens fan langstme hat er net. Hy hat him noflik oerjûn oan syn nije libben, dat sa relaxed is dat mannichien derfoar tekenje soe.

As er de oare moarns om 6.00 oere de studio ferlit en wer nei de fêste wâl ta sil, bliuwt de volleybal achter yn de studio. Hy hat him net oanrekke.

Fiel de Nacht mei Jan Postuma. Moandei 1 jannewaris op Omrop Fryslân Telefyzje, 17.15, 18.15, 19.15 oere ensafh.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.