fotografy: Linus Harms

Jan-Dirk van Ravesteijn lit Ljouwert pronkje

MARRIT DE SCHIFFART –  

In skerpe miening dy’t fuortkomt út in passy foar kultuer. It typearret teatermakker en ûndernimmer Jan-Dirk van Ravesteijn (Zuidlaren, 1976). Ferline jier iepene er De Vier Pelikanen, in minyteaterke oan de Twibaksmerk yn Ljouwert. Dêrneist hie er in protte súkses mei de teaterkuier ‘Anna en Us Heit’ en mei ‘Mooi Mislukt’, in one-man-musical oer de bouwer fan de Aldehou. Van Ravesteijn manifestearret him sa stadichoan as in Drint dy’t Ljouwert promoatet. Heechnedich, fynt er; de stêd lit kânsen lizze.

 

Kulturele aktiviteiten soenen bestean moatte by de graasje fan publyk
Presys op ’e tiid ferskynt Jan-Dirk van Ravesteijn om ’e hoeke by teater De Vier Pelikanen. In steapel bryfkes yn ’e hân en klaaid yn it kostúm fan Loadewyk fan Nassau, alias Us Heit: ‘Ik heb net op de Nieuwestad geflyerd voor de verkiezing van de VVV Rob de Bes Award. We zijn genomineerd met de voorstelling “Anna en Us Heit” en het publiek kan nog een paar dagen stemmen. Een eindsprint kan veel opleveren, want we staan tweede. Daarom flyer ik nu elke dag, schrijf verschillende media aan en daarnaast heb ik Cambuur zover gekregen dat ik zaterdag voor de wedstrijd een oproep mag doen op de middenstip.’

 

Leeuwarden heeft veel verborgen verhalen, daarmee kunnen we laten zien wat voor een bijzondere stad dit is.

 

It is dúdlik, Van Ravesteijn is net allinne akteur en teatermakker, mar ek ûndernimmer. In rol dêr’t er sels folslein achter stiet; útgongspunt fan syn bedriuw Van Ravesteijn Entertainment is om foarstellingen te meitsjen dy’t publyk lûke. ‘De algemene opvatting is dat je als artiest geen ondernemer kan zijn en dat culturele evenementen niet kunnen bestaan zonder subsidies. Men kijkt er vaak vreemd van op als ik vertel dat ik mijn voorstellingen zonder subsidie maak. Maar ik vind dat niet meer dan logisch; als ondernemer moet ik mezelf redden. In sommige gevallen vind ik subsidie prima, maar ook dan moet er een behoefte zijn. Als er geen vraag is, kost aanbod heel veel geld. Een culturele activiteit bestaat bij de gratie van publiek.’

 

Ljouwert kin mear dwaan mei syn histoaryske figueren
Van Ravesteijn is berne en grut wurden yn Zuidlaren. As lyts jonkje hold er der al fan om yn it middelpunt fan de belangstelling te stean. ‘Mijn vader was tambour-maître en zo kwam het dat ik als vijfjarige voor het korps uit liep. Twee jaar later speelde ik kleine trom.’ De muzikale ûntwikkeling gong fierder mei gitaar en sjonglessen, en letter – op de middelbere skoalle – kamen dêr toaniellessen by. It wie dan ek gjin ferrassing dat Van Ravesteijn 25 jier lyn keas foar de stúdzje Vrijetijdskunde, dêrfoar sette er him nei wenjen yn Ljouwert. ‘Op een dag, toen ik de stad wilde verkennen, stond de deur van de Grote Kerk open. Eenmaal binnen vertelde de koster dat daar een aantal voorouders van onze koningin begraven liggen.

Ik was met stomheid geslagen, dacht: de bakermat van de monarchie woonde in Leeuwarden? Waarom weten wij dit niet?’ Van Ravesteijn rekke yn de ban fan de Fryske Nassaus en socht yn ’e rin fan de jierren út hoe’t harren libbens yn Ljouwert ferrûnen. Dat resultearre ferline jier yn de teaterkuier en musical ‘Anna en Us Heit’ – yn dy foarstelling fertelt de teatermakker it ferhaal fan stedhâlder Willem Loadewyk. Yn 2010 kaam er ek al mei ‘Mooi Mislukt’, in foarstelling oer de bouwer fan de Aldehou, dy’t holden waard yn de skeve toer sels.

 

Ik wil met mijn voorstellingen een gevoel van saamhorigheid creëren, want theater beleef je met elkaar, vind ik.

 

It is gjin tafal dat de akteur ferhalen fan âld-Ljouwerters ta libben bringt. De Drint fielt him hielendal thús yn de Fryske haadstêd en wol graach oan de rest fan de wrâld sjen litte hoe moai oft Ljouwert is. ‘Leeuwarden heeft veel verborgen verhalen, daarmee kunnen we laten zien wat voor een bijzondere stad dit is. De historische figuren liggen hier voor het oprapen, Mata Hari kwam hier vandaan, M.C. Escher is hier geboren, maar veel mensen weten dat niet. Daar kunnen we als stad veel meer mee doen. Mijn grootste wens voor Leeuwarden is een Mata Hari-museum in het huis waar ze heeft gewoond. Dat zou geopend kunnen worden in 2017, dan is haar dood honderd jaar geleden en wordt haar staatsdossier openbaar gemaakt, kunnen we ook meteen een nieuwe slogan voor de stad introduceren: Leeuwarden lonkt; dat is toch veel mooier dan Kijk, dat is ’t mooie van Leeuwarden?’

 

Teater belibje jo meielkoar
Van Ravesteijn pronket net allinne graach mei âld-ynwenners fan Ljouwert, mar ek mei de histoaryske gebouwen. Doe’t de kâns him foardie om fan it ryksmonumint De Utrechter oan de Twibaksmerk in teater te meitsjen, pakte er dy mei beide hannen oan. Yn septimber 2013 iepene De Vier Pelikanen syn doarren, mei in kapasiteit fan 35 minsken it lytste Jugendstil teater fan Europa. De ûndernimmer wie al langer op syk nei in lokaasje foar in soarte fan minyteater. Hy is derfan oertsjûge dat teater meielkoar belibbe wurde moat, in yntime sfear helpt dêrby. ‘Ik wil met mijn voorstellingen een gevoel van saamhorigheid creëren, want theater beleef je met elkaar, vind ik. Ik houd bijvoorbeeld van interactie tussen publiek en artiest. Zo’n vestzaktheater als dit leent zich daar uitstekend voor. Ik dwing mezelf altijd om een voorstelling klein te houden, geloof niet in een spectaculair decor of bijzondere special effects. Uiteindelijk beklijven die niet. Wat wel beklijft zijn de spelers, maar vooral het verhaal, dat is het allerbelangrijkste, het verhaal is de basis van je voorstelling.’

Van Ravesteijn hiert it kleurrike gebou foar in symboalysk bedrach fan Dolf Dijkstra. Dy kocht it pân yn 1980 om de glês-yn-leadôfdieling fan syn skildersbedriuw yn ûnder te bringen. Hy restaurearre it en helle de Jugendstil en art deco eleminten wer foar it ljocht. Dêrnei socht er in geskikte hierder of keaper en kaam doe út by Van Ravesteijn. ‘Dijkstra had via via gehoord dat ik op zoek was naar een pand voor een theatertje. Toen hij mij benaderde en zijn pand liet zien, was ik meteen laaiend enthousiast, De Utrechter bleek een verborgen juweeltje. Tegelijkertijd wist ik dat ik het nooit kon betalen. Maar Dijkstra bleek bestemming belangrijker te vinden dan geld en dus tekende ik een huurcontract voor twee jaar. Het is de bedoeling dat ik het gebouw daarna koop.’ Van Ravesteijn wol benammen eksposysjes, klassike konserten en bernefoarstellingen yn De Vier Pelikanen hâlde; it literêre programma fan Explore the North fynt dêr ek plak. It sealtsje is dêrneist ôf te hieren foar lêzingen, gearkomsten en brulloften, de behearder is sels ek trouamtner. Fierder is er mei de gemeente Ljouwert yn ’e slach om in hoarekafergunning foar it gebou te krijen.

 

De teaterkuier hat de VVV Rob de Bes Award úteinlik net wûn. Wol is de stedskuier mei Us Heit noch hieltyd te boeken. Sjoch foar mear ynformaasje op www.vanravesteijnentertainment.nl of www.devierpelikanen.nl.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.