J.J.M. Vegter

GERBEN DE VRIES –

Foar’t ferdwynt: Vegter yn Fryslân (en derbûten)

Doe’t ús pake begjin jierren santich fan de foarige ieu nei It Hearrenfean ferhuze, giene wy as bernsbern wolris mei him mei nei syn tsjerke oan de Europaleane. Dat wie in nij bouwurk, hiel wat oars at wat wy wend wiene. In soartemint sporthal mei wat op in klokketoer like derneist. Sels it oargel klonk oars. Ik wit net krekt oft myn ôfskied fan tsjerke en religy der wat mei te krijen hat, mar it foel wol yn dyselde perioade. Om âlde tsjerken hong en hinget no ienris mear sfear en mystearje as nijmoadrige godshuzen. Pas koartlyn kaam ik der achter dat de arsjitekt fan de Feanster tsjerke J.J.M. (Jo) Vegter wie.

Johannes Jacobus Margarethus Vegter waard yn 1906 yn it Grinzer Sappemeer berne as soan fan in ûnderwizer dy’t sels wer in ferfeanerssoan wie. Yn 1908 ferfarde it gesin nei Den Haach. Jo Vegter studearre boukunde oan de Technyske Hegeskoalle fan Delft en krige fan heechlearaar Jan Marinus Granpré Molière de niget oan lokale boutradysjes en histoaryske steds- en doarpsûntjouwing mei. Yn 1935 – midden yn de krisistiid – weage er it en naam it arsjitekteburo fan Doeke Meintema yn Ljouwert oer. Yn ’t earstoan tekene Vegter benammen wenhuzen foar Ljouwert en fiere omkriten, wylst er oars ek meidie oan in priisfraach foar in nij stedhús yn Amsterdam.

Nei alle gedachten mei troch syn houlik mei de dochter fan de lettere PvdA-minister Johan van de Kieft yn 1939 krige er ek oandacht foar iepenbiere wurken. Yn de Twadde Wrâldoarloch begûn er ek as stêdeboukundige te wurkjen foar ferskate Fryske gemeenten. Sa kreëarre Vegter in nije ynfrastruktuer fan de trije neist mekoar lizzende gemeenten Harns, Frjentsjer en Barradiel en renovearre er fuort nei de befrijiing de binnenstêd fan Harns. Hy kaam ta in synteze tusken histoarisearjende monumintesoarch en modernisearring, wol mei hieltyd mear de klam op it lêste. Mear tradisjoneel wie er dwaande mei de restoraasje fan tsjerken as dy fan Jorwert en Huzum, wylst de wettertuorren fan Dokkum en Drachten in moaie miks foarmje. Sels fûn ik it moderne postkantoar fan Snits (1956-1960) altyd in tige nijsgjirrich gebou fan Vegter.

De bekendste gebouwen fan J.J.M. Vegter steane lykwols bûten Fryslân. Op syn tekentafel waard it nije provinsjehús fan Arnhem ûntwurpen. Mei tank oan learmaster Granprée Molière mocht er him dwaande hâlde mei de weropbou fan it yn de lêste oarlochsdagen folslein fernielde sintrum fan de stêd Grins. Hjir ferriisden yn de jierren sechtich ûnder mear de studintensoasjeteit Mutua Fides (fan Vindicat), de Amsterdamsche Bank en it Stêdhús. Yn 1958 waard de arsjitekt sels ‘Rijksbouwmeester’, mar hy bleau yn Ljouwert wenjen, wylst er letter ek in twadde hús yn Sleat hie. Yn de jierren sechtich die syn buro ek projekten foar rekreaasjeparken by de Tsjûkemar en de Langwarderwiellen. Ien fan syn bekendste gebouwen is by eintsjebeslút it Ministearje fan Finânsjes, dat er yn de mande mei arsjitekten fan de Rijksgebouwendienst ûntwurp. As ‘rijksbouwmeester’ paste er ek wolris in ûntwurp fan oaren oan: sa makker er in echte toer fan de stjoermêst fan Spannenburg. Nei de iepening fan it Ministearje fan Finansjen koe Vegter yn 1975 einliks mei pensjoen.

Marieke Kuipers en Suzanne Fischer skreaune it boekje Ir. J.J.M. Vegter (1906-1982) Architect. Rijksbouwmeester (1958-1971), stedenbouwkundige. It is pas it earste oersjoch fan it wurk fan dizze boumaster. Hy hat it sels net mear meimakke, mar ûnderwilens binne al ferskeidene fan syn iepenbiere gebouwen ôfbrutsen. Yn Grins binne it stedhús en Mutua Fides al ferdwûn, lykas ek it Snitser postkantoar. It wurk fan moderne arsjitekten wurdt net mear automatysk boud foar de ivichheid, of, sa’t psalm 103 al seit: ‘Men kent en vindt haar standplaats zelfs niet meer.’ De Feanster tsjerke fan Vegter oan de Europaleane stiet der trouwens noch wol. Hat dat moderne bouwurk fan doe my doedestiids losweakke fan it geloof en de religy? Ik leau it net.

Wol wit ik dat krekt it wurk Vegter in moai staaltsje arsjitektuer fan de ‘Wederopbouw’ fan Nederlân sjen lit, wurdich om mear en breder oandacht oan te besteegjen. Op dit stuit is der yn Tresoar in útstalling oer de man syn huzen en gebouwen te sjen. Dit boekje is alfêst in moaie appetizer, mar it smakket benammen nei mear.

De tentoanstelling is oant en mei 17 maaie 2014 by Tresoar te sjen. Tagong fergees.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.