It ûntweitsjen fan Kulturele Haadstêd

MONIQUE FLINKER – 

In 7 meter hege fontein, in spesjale 2018-krante mei in oplage fan mear as 300.000. It binne de earste libbenstekenen fan Kulturele Haadstêd 2018. De tsjûgen dy’t 6 september 2013 yn de Ljouwerter binnenstêd seagen hoe’t ‘wy’ Kulturele Haadstêd waarden, wienen út de skroeven. It wie feest. Grut feest. En doe waard it stil. Oant begjin dit jier. Utsein fan sa no en dan in berjocht oer beneamings fanút de organisaasje, wie Kulturele Haadstêd oant jannewaris wat ûngrypber.

Mar dit jier begjint de trein te riden. Wy skeakelje op, seit direkteur Ton F. van Dijk. Hy fergeliket it enoarme projekt mei it bouwen fan in hûs. Earst keapest in stik grûn, dan komt der in plan. Mar yntusken leit dat stik grûn dêr noch hieltiten. Minsken kinne dan it idee krije dat der neat bart. Mar dan binne wy benammen achter de skermen aktyf, seit er.

No is it tiid om de fundearring fan it hûs, yn dit gefal Kulturele Haadstêd te lizzen. Al kinne wy miskien better sprekke fan in flatgebou: it projekt telt 41 grutte eveneminten, en noch tal lytse programma’s. Foar in part leit it al fêst, foar in part moat it fanút de ynwenners fan Ljouwert, Fryslân, Nederlân en Europa komme.

 

“Wat is het allesomvattende idee van Culturele Hoofdstad?”

 

Kommunikaasje
Om dat allegear nei bûten te bringen, hat de organisaasje besletten in nije webside meitsje te litten. En in nij logo. In plaatsje fol diskusje, sa die bliken. Net allinnich oer de makker, in bedriuw út Den Haach, mar ek fanwege de makkers fan it eardere logo: Barbara Jonkers en Douwe Huitema fan ûntwerpburo BWH.

Oer it earste punt is de organisaasje fan Kulturele Haadstêd helder: net alles hoecht 100% Frysk te wêzen. De titel is net Kulturele Haadstêd fan Fryslân, mar fan Europa. “We hebben een keuze gemaakt op basis van kwaliteit”, seit Van Dijk.

Jonkers en Huitema fine it benammen spitich dat se net yn in earder stadium benadere binne troch de organisaasje. “It earste kontakt mei de nije organisaasje wie begjin desimber in mailtsje. It wie in útnoeging foar ’n pitch oer de trochûntwikkeling fan ús eigen wurk”, fertelt Douwe Huitema. En dat stekt. “Wêrom hat de nije organisaasje doe’t se oan de slach gongen ús net benadere om ús wurk efkes te besjen?”, freegje Huitema en Jonkers harren ôf.

Der hat yntusken in petear west tusken beide partijen. Der bliuwt in ferskil fan miening tusken Kulturele Haadstêd en de beide ûntwerpers. Dochs wie it in goed petear, seit Huitema. “Wy witte no hoe’t wy beiden hjiryn stean, al kinne wy mekoar noch net hielendal begripe.”

Wol is it spitich dat dizze diskusje in smetsje op it projekt wurden is, fine beiden. Want Kulturele Haadstêd is sa unyk. En beiden wolle dêr mei fierder. Huitema en Jonkers binne mei ferskate projekten binnen Kulturele Haadstêd oan de gong. “En dat moat ek sa. Wy bliuwe wol loyaal.”

Ek Van Dijk fynt it spitich dat it safier kaam is. “Kritiek hebben mag, en een andere mening hebben ook. Dat is juist het leuke. Maar als wij ervan beschuldigd worden niet eerlijk te zijn, dan gaat dat te ver”, ferklearret hy de miskien wat hurde opstelling. Wol seit er begryp te hawwen foar de emoasjes dy’t meispylje mei sa’n beslissing. “Maar wij blijven erbij dat ze een eerlijke kans hebben gekregen.”

Marketing-ekspert Tadek Solarz mist yn dit ferhaal lykwols de selskrityk fan de organisaasje fan Kulturele Haadstêd. Ek de goeie toan fan kommunisearje is noch net fûn, seit er. “Wat is het allesomvattende idee van Culturele Hoofdstad?” freget Solarz him ôf.

 

“In het slechtste geval leverde het de gemeenschap van een Culturele Hoofdstad twee keer zoveel op. Maar het beste voorbeeld is Liverpool; daar kwam voor elke geïnvesteerde euro zes euro terug naar de stad en naar de samenleving.”

 

Fontein
Werom nei de projekten. Net alles fynt plak yn 2018. Guon eveneminten, festivals of oare inisjativen bestean al langer, mar fine yn 2018 plak ûnder de flage fan Kulturele Haadstêd. De besteande projekten wurde ûnderbrocht by Lab Leeuwarden, ien fan de twa by-programma’s.

Sa is it Welcome to the Village festival yn it feestjier keppele oan de organisaasje. It festival hat net allinnich in sterke line-up, mar docht ek in soad op it mêd fan duorsumens. Sa wurdt op it festivalterrein yn de Griene Stjer flak bûten Ljouwert sels griente ferboud foar de besikers. Ek de kofje is earlik.

Mar ek in part fan de 41 haadeveneminten wurdt al earder as 2018 yn de praktyk brocht. Sa bestiet der in gearwurking mei Valletta yn Malta, ek Kulturele Haadstêd yn 2018. Oant en mei dat jier fine der útwikselings plak. Sa hat Ljouwert septimber ferline jier sekken mei jirappels dy kant opstjoerd. Dêr sieten ek Fryske gedichten by. De jirappels wurde opkweekt op Malta en begjin april werom ferwachte. Dan sitte der ek wer Maltese gedichten by. Njonken in kulturele útwikseling is it ek in kulinêre: restaurant Spinoza ferwurket de jirappels yn in mobile keuken op de freedsmerk yn Ljouwert.

En dan stiet der noch al wat yn ‘e steigers. Begjin febrewaris wie de Spaanske keunstner Jaumme Plensa yn Ljouwert om syn ûntwerp fan de earste fan 11 grutte fonteinen te presintearjen. Alle âlve stêden fan Fryslân krije sa’n fontein. Plensa betocht twa gesichten fan 7 meter heech dy’t mekoar oansjogge. It wurdt gjin spuitsjende fontein, mar in nevelfontein.

It keunstwurk komt foar it stasjon te stean. Dat hiele gebiet wurdt opknapt. Benammen kuierders en fytsers krije mear romte. It wurdt ek oersichtliker. De frjemde rotondes foar it stasjonsplein ferdwine. Yn 2017 moat ik klear wêze, in jier foar Kulturele Haadstêd echt los giet.

En dat is mar goed ek, want yn totaal rekenet de organisaasje op 4 miljoen ekstra besikers. Dat betsjut folle mear as allinnich soargje dat der genôch te dwaan en te sjen is, seit Van Dijk. Tink oan sliepplakken foar de toeristen. It tal hotels en b&b’s moat flink útwreide wurde. Mar ek it ferfier fan en nei de provinsje en de stêd moat goede regele wurde.

Op dat mêd wurdt gearwurke mei gemeenten, provinsje, it Ryk en Europa. Dat binne ek de partijen dy’t oant no ta al mei jild oer de brêge kaam binne. Yn totaal is der 70 miljoen euro nedich. Hast de helte, 45%, komt fan de earder neamde partijen en is dus wis. De oare miljoenen moatte fanút subsydzjes, fûnsen en sponsoaren komme. Dat klinkt as in opjefte, mar Van Dijk hat er betrouwen yn. “We liggen op schema”, fersekert er ús.

Boppedat is it neffens de direkteur sa dat jild dat ynvesteard wurdt, ek wer werom komt. “In het slechtste geval leverde het de gemeenschap van een Culturele Hoofdstad twee keer zoveel op. Maar het beste voorbeeld is Liverpool; daar kwam voor elke geïnvesteerde euro zes euro terug naar de stad en naar de samenleving.”

Dochs past ek hjir in warskôging. Boargemaster Ahmed Aboutaleb fan Rotterdam wie begjin maart yn Ljouwert. Rotterdam wie yn 2001 Kulturele Haadstêd. It is tige wichtich om net útein te setten mei projekten as de finansiering noch net rûn is, advisearre Aboutaleb.

 

“De projecten die al bedacht zijn, komen van boven. Top-down. Ga in gesprek met mensen. Een krant verspreiden en borden ophangen in de stad, dat is niet genoeg om echt draagvlak te creeëren.”

 

Doelstellings
It projekt hinget bot op stipe fanút de mienskip. Iepen mienskip wol te ferstean. Hoewol de sjuery it mienskip-idee bot wurdearre, wie it de fraach of mienskip wol iepen genôch wie foar in Europeeske Kulturele Haadstêd. Dêrom is it tema yn it lettere bidbook feroare nei iepen mienskip, ferklearret Van Dijk.

Op alle wizen wurdt besocht om de boargers by projekten te belûken, mar ek om eigen inisjativen te ûntwikkeljen. Dochs is der in tinne line tusken genôch en tefolle ynformaasje. Van Dijk: “Het is een dunne lijn, maar met nog minder dan drie jaar te gaan is de tijd om naar buiten te treden rijp.”

Ek Solarz dielt dy miening. Al moat it bestjoer fan KH2018 oppasse dat it de mienskip wol echt meinimt. “De projecten die al bedacht zijn, komen van boven. Top-down. Ga in gesprek met mensen. Een krant verspreiden en borden ophangen in de stad, dat is niet genoeg om echt draagvlak te creeëren.”

Van Dijk fernimt lykwols dat minsken al wol mei ideeën komme. Sa hat de organisaasje fan de PC yn Frjentsjer al oanjûn nei te tinken oer in spesjale edysje yn 2018. En ek komme der alle dagen in stik as fiif oant tsien minsken by it ynformaasjekantoar yn de Blokhúspoarte del.

Wa’t mei in projekt komt, krijt net fuortendaliks grien ljocht fan de organisaasje. De eveneminten moatte passe binnen de doelstellings fan Kulturele Haadstêd: achterstânsgroepen en bern mobilisearje, mear toeristen oanlûke, duorsum wêze, in posityf ekonomysk effect hawwe en ferbiningen lizze tusken mienskippen yn Europa.

Dizze kritearia jilde ek foar de 41 grutte eveneminten út it bidbook. 1 maart wie de deadline foar it ynleverjen fan de konkrete, útwurke ynfolling fan de projekten. Lieven Bertels, de artistyk direkteur fan Kulturele Haadstêd, makket de úteinlike kar. Hy wurket no noch oan in projekt yn Sydney, Austraalje, mar begjint dizze simmer oan syn perioade yn Ljouwert.

De trein hat dan in al in pear lytse stasjons passeard. Dochs is der noch genôch kâns foar Bertels om syn eigen stimpel op de projekten te drukken, tinkt Van Dijk. “Onder meer het openings- en sluitingsfeest moeten nog helemaal uitgetekend worden. En geen project vindt doorgang als Lieven het er niet mee eens is.”

Mar it bidbook soe dochs útfierd wurde sa as it der lei? Van Dijk: “Er zit vier jaar tussen de uitverkiezing en de uitvoering. Het bidbook is zeker leidend, maar als wij praktische bezwaren tegenkomen, dan passen wij de plannen daarop aan.”

Yn de rin fan dit jier moatte de projekten goedkard wurde. Wat in soad tiid nedich hat, wurdt as earste besprutsen. Sa hawwe alle projekten harren eigen deadline. Bertels is hjir dus foar ferantwurdlik. Hy is binnenhelle fanwege syn kennis. Van Dijk is net benaud dat hy as ‘bûtensteander’ in te swier stimpel drukke sil op Kulturele Haadstêd. “Hij is de man om dit tot een internationaal succes te maken.”

 

Besjoch ek it KH2018-dossier fan de Moanne. Yn dit dossier fine jo alle stikken dy’t earder op de Moanne online ferskynden, mar ek yn ús blêd. Wolle jo sels in bydrage leverje oan dit dossier yn ‘e foarm fan bygelyks in reaksje, kollum, essay of in oar stik? Stjoer jo kopij nei de redaksje: kopij@demoanne.nl.

Comments
3 reaksjes oan “It ûntweitsjen fan Kulturele Haadstêd”
  1. René schreef:

    It binne de earste libbenstekenen fan Kulturele Haadstêd 2018

    De eerste? Er was al een krant die draagvlak onder het bedrijfsleven liet zien! Alle geinterviewden waren toen enthousiast maar de krant slecht verspreid en later betiteld als “slecht” terwijl daar al de eerste stap gezet werd. Jammer dat die stap vergeten wordt!

  2. Cornelis Venema schreef:

    Wat oant no ta untbrekt is in goeie presintaasje op internet. Ik ha my abonneare op de webside van Valletta 2018 en moat sizze dat der in protte mear dien wurdt oan promoasje fia it internet. Der steane regelmjittich berjochten op dy webside dy’t te krijen ha mei besteande en takomstige kulturele eveneminten en oproppen om mei te dwaan oan bepaalde projekten. Op de websise fan Ljouwert 2018 is hast neat te finen.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.