fotografy: H. van Bijnen

It tsjerke

HENK WOLF – 

“De brêgeman rûn tusken de kij troch werom nei it tsjerke.”

Komt de boppesteande sin jo nuver oan? Dat die er my ek, doe’t ik him in pear wike lyn tsjinkaam yn in oersetopdracht fan in studint. Al te folle omtinken joech ik der earst net oan, mar dat feroare doe’t ik deselde sin noch in kear as fiif tsjinkaam.

Fansels is it normaalwei “de tsjerke” en net “it tsjerke”, mar as in grut part fan de jongelju “it tsjerke” skriuwt, dan kin it wêze dat wy wat nijsgjirrichs op it spoar binne. Doe’t ik in groepke jongelju lykwols frege oft se “de tsjerke” sizze of “it tsjerke”, seinen se allegear dat it “de tsjerke” wie.

Ien persoan sette my op it spoar nei de ferklearring. Dy sei: “It is ‘de tsjerke’, mar wol ‘ik gean nei it tsjerke’.” Dat heart nuver, mar dat is it net perfoarst. Wy sizze ommers manmachtich “Ik gean nei tsjerke”, as wy bedoele dat wy in tsjinst of mis bywenje wolle. En omdat “it” faak ferkoarte wurdt ta “’t”, is it net te hearren oft wy no “nei tsjerke” sizze of “nei ’t tsjerke”. As minsken faak “nei tsjerke” hearre, dan is it bêst mooglik dat se tinke dat “tsjerke” nei it wurdsje “nei” in it-wurd wurdt.

Dat de-wurden soms it-wurden wurde, dat is yn it Frysk net ûngebrûklik. Tink oan “de hjerst” neist “fan ’t hjerst”, “de soad” neist “by ’t soad”, “de spier” neist “yn ’t spier”. It omkearde komt oars ek wol foar: “it hûs” neist “yn ‘e hûs”.

De ‘nuvere’ lidwurden ferskine altyd nei in ferhâldingswurd (‘voorzetsel’). De taalkundigen Jarich Hoekstra en Willem Visser ha dêr yn 1996 dit artikel oer skreaun. Se tinke dat it wurdsje “de” nei sa’n ferhâldingswurd maklik ynkoarte wurde koe ta “d” en dêrnei ta “t”. Dy t koe maklik oansjoen wurde foar it lidwurd “it”, mar hy koe ek fuortfalle, lykas yn “nei tsjerke”. Jongelju dy’t “nei tsjerke” as “nei ’t tsjerke” fersteane, sette dus eins in stapke werom yn de taalskiednis.

 

Comments
4 reaksjes oan “It tsjerke”
  1. bouke slofstra schreef:

    Hasto ek studenten dy’t miene dat “Ljouwerta” de haadstêd fan Fryslân is?

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.