It swijen ferbrutsen

GERBEN DE VRIES – 

Om no te sizzen dat noardlik Fryslân foar my terra incognita is, giet te fier. Ljouwert en Dokkum kin ik goed, mar it tuskenlizzende gebiet kin ik allinne mar as lân fan dream en winsken. Dat wol sizze, as knaap fan in jier as tolve deidreamde ik wol oer dat terpelân, dy fiersichten mei midsiuwske sealtektsjerkjes as dy fan Ginnum en Wânswert. In lân – sa hearde ik letter ek – fan de swiersettige, swijsume minsken dy’t, as se al prate, hiel stadich prate. In oar lân hast. Noch mar in pear jier lyn ried ik foar it earst oer in prachtige kronkeldyk en doe fierder oer it wetter nei it doarpke Ie. Ik wit no dat de dyk de Wâlddyk hjit, ten suden fan it Dokkumer Grutdjip.

Ik bin folle mear oer de streek te witten kommen troch it boek fan Erik Betten, ‘Het boek van de Ee’, dat yn juny 2014 ferskynde. Dizze sjoernalist en hisotarikus skreau earder moaie boeken, ûnder mear oer kleasters yn Fryslân en de Fryske identiteit. It idee fan in lânskipsbiografy oer it libben om in wetter bylâns is net hielendal nij trouwens. Yn 2006 ferskynde al it boek ’84 Biografen schrijven biografie van de vaarweg Lemmer-Delfzijl’, mar dat wie mar in ympresje fan ien inkelde dei. Yn datselde jier kaam der yn Drinte ek in boek oer it Oranjekanaal út. Dat lêste boek wie benammen in sivyl-technysk ferhaal oer it graven fan it kanaal, mei histoaryske sketsen dêromhinne.

 

Litte wy it der mar op hâlde dat ‘Het boek van de Ee’ skreaun is foar minsken lykas ik, dy’t noch net sa’n soad witte oer de streek mar troch Betten op in treflike wize bypraat binne.

 

Betten wol it ferhaal fan de Ie yn it foarste plak fertelle troch de minsken dy’t oan wjersiden fan it wetter wennen en wenje oan it wurd te litten. Hy wol, sa skriuwt er yn syn foaropwurd, de Dokkumer Ie yn al syn ferskiningsfoarmen yn wurd en byld fange. De auteur set fuortendaliks heech yn. De Ie is yn syn eagen ‘onuitwisselbaar’, te fergelykjen mei Rubicon, Nijl en Rijn. No binnen dy rivieren ûnderinoar al net te ferlykjen, lit stean mei de Ie. Dat is ommers gjin lange, breed steamende rivier, mar mei it Dokkumer Grutdjip mar in goed 35 km lange trekfeart tusken Ljouwert en Dokkum(mer Nije Silen). De Ie is ek net in symboalyske rivier, lykas de Rubicon.

De Ie is lykwols wol krekt as de Rubicon in grinswetter, sa lear ik út dit boek. Yn earder tiden wie it ek de grins tusken in stik as wat gritenijen, mar seker tusken de ferskate lânskippen. Yn it suden lizze der earst de heide, dan de marren en de sângrûn. Op de grins fan fean en klaai leit de Ie, en ten noarden dêrfan lizze de – alteast yn myn jongesfantasijen – einleaze, ûnúteachbere klaaiflakten. Yn wurklikheid lei de see tichtby. Dyselde see hat yn de iere midsiuwen in lange earm it lân ynstutsen en de measte terpdoarpen by de Ie lizze dan ek op oeverwallen fan dy âlde see-earm.

Betten wiist der ek mar werris op dat Ljouwert lang lyn ek op in grins lei, tusken klaaigrûn en de Middelsee. De (Suder) Ie kaam út yn de Middelsee en dêr is in strjitnamme as Eewal/Iewâl noch it bewiis fan. Pas doe’t dizze Middelsee yn de midsiuwen tichtslibbe, begûnen de Ljouwerters yn stee fan nei it westen nei it easten te sjen. Yn de 13e iuw waard in ferbining groeven tusken de Suder Ie fan Ljouwert mei de Noarder Ie dy’t nei Dokkum liede. In plaknamme as Tergrêft is der noch in stille tsjûge fan. De Ie waard sa foar Ljouwert de ferbining mei de Lauwersmar en sa mei de Waadsee en fierder. Healweis leit it doarp Burdaard, dat troch syn strategyske lizzing foar skipfeart en yndustry nei de 17e iuw ta bloei kaam.

Doe’t midden 17e iuw de admiraliteit fan Dokkum nei Harns ferhúze, begûn de achterútgong fan de earste stêd. Ek de oanlis fan de Dokkumer Nije Silen yn 1727 koe dat proses net opkeare. Feitlik is Noardeast-Fryslân sûnt dy tiid al in krimpregio. It wichtigste ljochtpuntsje fan de lêste heale iuw is feitlik de opkomst fan de plezierfeart sûnt de jierren tachtich fan de 20ste iuw. De Ie hat dêr in belangrike rol by spile. Sûnder mis sil Dokkum der ek yn de neiste takomst fan profitearje. Yn maaie 2015 konkludearren de ûndersikers fan de ‘Atlas van Gemeenten’ dat in stêd mei in protte monumentale pannen yn talleaze opsichten it wol rêde soe. Dat sit yn Dokkum dus wol goed, sa kinne wy ek yn it boek fan Betten merkbite.

Myn leste opmerking oer dit boek is in fraach, miskien in wat retoryske fraach. Foar wa is dit boek eins bedoeld? Foar de measte toeristen is it wat te dreech en der binne genôch goede reisgidsen. Der binne al goede historyske stúdzjes skreaun oer Dokkum, Burdaard en Ljouwert. Litte wy it der dus mar op hâlde dat ‘Het boek van de Ee’ skreaun is foar minsken lykas ik, dy’t noch net sa’n soad wisten oer de streek mar troch Betten op in treflike wize bypraat binne. It boek is noch kreas fersoarge ek. Ynkoarten mar ris sjen oft der al wat praat yn sit, by de minsken dy’t lâns de Ie libje.

 

‘Het boek van de Ee’, Erik Betten. Utjouwerij Bornmeer, 2014. 160 siden, €25,00

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.