fotografy: Paul de Bruin

It plak fan Lida Dykstra

FREDDY SCHELTEMA & PAUL DE BRUIN –  

Mei in paske wurde wy binnenlaat opwei nei ús ôfspraak. We rinne in steile trep nei ûnderen en in lift bringt ús noch fierder. Yn ‘e lift steane wy mei Lida Dykstra, skriuwster mei in oeuvre fan mear as sechtich titels en priiswinner fan ûnder oaren de Simke Kloostermanpriis en de Rely Jorritsmapriis. Dy lêste wûn se fiif kear. Har boeken binne fertaald yn mar leafst njoggen talen wêrûnder it Japansk en Sineesk. Dan geane de doarren iepen. Wy binne ûnder it ymposante Frysk erfguod fan Abe Bonnema bedarre: it Fries Museum.

 

Sûnder dit plak hie ik it boek net skriuwe kinnen.

 

Lida, wêr binne wy hjir?
“Wy steane hjir yn de katakomben fan it Fries Museum. Dit is in romte dat net iepen is foar publyk. By hege útsûndering meie wy hjir yn dit depot wêze.”

Wat makket dit plak sa spesjaal?
“Foar myn berneboek oer de skilder Alma Tadema en syn húshâlding, dat yn oktober fan dit jier útkomt, mocht ik research dwaan hjir yn de skatkeamer fan it Fries Museum. Hjir lizze ûnder oaren de hillichdommen út syn Ingelske perioade fan 1870 oant syn dea yn 1912. Myn boek giet oer syn twa dochters Anna en Laurence en it DNA fan dizze famkes leit hjir letterlik op harren boartersguod en beskildere buorden. Op dit plak kin ik my ferpleatse nei dy tiid yn London. Ik koe hjir fuortdreame nei in hiel oare wrâld.”

Ik doar suver net te freegjen ofst hjir ynspiraasje krigest.
“Sûnder dit plak hie ik it boek net skriuwe kinnen. Foar de research haw ik ek nei London west. Ik haw dêr ek museums besocht mar hjir is it begjinpunt.”

Hearst hjir ek muzyk?
“Nee, at ik skriuw moat ik gjin lûd om my hinne ha. Ik wurkje yn stilte. In fûgeltsje dat sjongt kin ik krekt ferneare. Dus gjin ôflieding fan radio of oare muzyk. Dêrom wie dit sa’n ideaal plak. Yn dizze bunker hearst neat.”

Dit is in fjouwerkant hok mei wite betonmuorren mei TL ljocht. Soest wat feroarje wolle oan dit plak?
“Perfoarst net. Om de keunst dy’t hjir stiet en hinget is de temperatuer konstant en ek de fochtichheid wurdt goed yn de gaten hâlden. Mar bûten dat wie dit foar my in geweldich plak om research te dwaan en koe ik fantasearje oer Alma Tadema en syn húshâlding.”

At wy efkes letter oan de kofje sitte fertelt Lida mei passy oer Alma Tadema. Oer hoe’t in jonkje út Dronryp dy’t as sechtsjinjierrige ferhuze nei Antwerpen, wrâldferneamd waard en it libben hie as dat fan in hjoeddeistige rockstjêr. En hoe’t Lida sels fen wurden is fan dizze man.

Wy nimme ôfskie en besykje fergees troch in doar te kommen. In meiwurker fan it museum mei in paske moat ús helpe en at we dan einlings bûten steane binne we ús oriïntaasje efkes kwyt. Wy stappe yn in oare wrâld. De nije wrâld, de moderne wrâld.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.