fotografy: Paul de Bruin

It plak fan Hidde Boersma

FREDDY SCHELTEMA & PAUL DE BRUIN – 

Eltse skriuwer hat in plakje. In spesjaal plakje dêr’t hy of sy rêst en ynspiraasje fynt. Dat kin wêze yn de frije natuer, oan de rûne tafel yn it kafee of thús yn de tún. Wy gongen op besite by Hidde Boersma, skriuwer fan de boeken ‘Fol túch de mist yn’ en ‘De gewoanste man’, en fregen him nei it plak dat him ynspirearret.


Wat is it plak dêrsto ynspiraasje fynst? Wêr binne we hjir?

“Wy steane hjir achter it Marco van Basten sportpark yn Utrecht. Dit is it puntsje oan de ein fan de Kanaalweg by it Amsterdam Rijnkanaal.”

 

“Ik ha op dit plak in gedicht skreaun oer it Amsterdam Rijnkanaal mar ik tink foaral nei oer myn skriuwen en de ûnderwerpen en thema’s dêr’t ik oer skriuwe wol. Ek tink ik hjir nei oer it Doede-isme.”

 

Wat makket dit plak spesjaal?
“Ik kin hjir de hektyk fan Utrecht ûntflechtsje. It is tsien minuten rinnen fan myn hûs mar de oergong fan de drokte nei rêst is oerweldigjend. Dit stikje grûn is in oaze yn de grutte stêd. Ik sit hjir dan op in bankje en kin neitinke. Foaral moarns betiid as de fûgels wekker wurde waan ik my yn in oare wrâld.”

Wat foar muzyk hearst hjir?
Op dat momint begjint, op tweintich meter fan ús ôf, in man op in trompet te spyljen. “Ik hear hjir gjin muzyk, ik ha ek nea myn iPod mei. Allinne it lûd fan de skippen op it kanaal en it kwetterjen fan de fûgels. En net te ferjitten de rook fan de Douwe Egberts fabryk fierderop.”

Wat foar ynfloed hat dit plak op dyn skriuwen?
“Ik ha op dit plak in gedicht skreaun oer it Amsterdam Rijnkanaal mar ik tink foaral nei oer myn skriuwen en de ûnderwerpen en tema’s dêr’t ik oer skriuwe wol. Ek tink ik hjir nei oer it Doede-isme (basearre op de haadrol fan Jeff Bridges yn de film The Big Lebowski) en oer it iten fan bargefleis.”

Bargefleis?
“Ja. Bargen binne net jaloersk. In bear fynt it net beswierlik dat oare bearen syn leafste penetrearre. No is de teory dat at je bargefleis ite je it net fout fine dat oare mannen seks hawwe mei jo partner. Dêr mei ik hjir graach oer neitinke.”

Soest wat feroarje wolle oan dit plak?
“Ferline jier stie hjir samar ynienen in hippe strântinte mei in soad fout folk. Die yuppies hienen sels in keunstmjittich stik strân kreëarre. Dat luts ek hingjeugd oan dy’t hjir sieten te blowen en te sûpen. Godtank koe de saak net út want ik wol dit plakje geheim hâlde.”

De trompettist pakt syn ynstrumint yn en wy binne ek klear. Hidde hat in ôfspraak yn Amsterdam en wy bringe him nei de haadstêd. En sa springe we fan de serene rêst nei in grôtfol terras yn de metropoal. Hidde lavearret tusken utersten.

Comments
Ien reaksje oan “It plak fan Hidde Boersma”
  1. Moai petear hear! Allinnich wennet Hidde net mear yn Utert, mar yn Maarssen. En it is ‘Fol túch de mist yn’.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.