fotografy: Paul de Bruin

It plak fan Geart Tigchelaar

FREDDY SCHELTEMA & PAUL DE BRUIN –  

De razende reporters fan ‘It plak fan…’ gean oer de grins. Nei Grins. We ha in ôfspraak mei Geart Tigchelaar, skriuwer fan ûnder oaren ‘Lúshâlding’ en ‘Bêste jonge’ en winner fan de Obe Postmapriis 2016 foar syn oersetting ‘Erik of it lyts ynsektenboek’. Nei in spannend ritsje troch de binnenstêd mei in doalhôf fan ienrjochtingsdiken berikke we it plak fan bestimming. Us ûnderwerp sit al te wachtsjen. Paul hellet kofje.

 

“Hoewo’t ik oeral ynspiraasje fyn, bin ik hjir begûn mei de oersetting fan ‘Erik of het kleine insectenboek’.”

 

Geart, wêr binne we hjir?
“We sitte hjir yn de hal fan it Grinzer treinstasjon.”

In stasjon is in plak dêr’t minsken op reis gean. Do hast koartlyn ek in reis makke.
“Ja, ik soe op de fyts in wrâldreis meitsje mar dat hat úteinlik mar fjouwer moanne duorre. Ik ha fytst troch Denemarken, Sweden nei de Noardkaap. En doe fia Finlân, de Baltyske steaten, Poalen en Dútslân werom. Hoewol’t it wat koarter wie as ik fan doel wie, hie wie it in unike ûnderfining. Ik ha in soad belibbe ûnderweis. Ik hoopje dy ûnderfiningen te brûken foar in nije roman.”

Wat makket dizze stasjonshal sa spesjaal foar dy?
“Dit stasjon, in stik moaier trouwens as dy fan Ljouwert, wie einliks it knooppunt fan myn libben yn Damwâld en Grins. Ik studearre Frysk oan de Ryksuniversiteit hjir yn Grins, mar ik wenne thús. Ik reizge alle dagen hinne en wer. Mei it fytske nei Feanwâlden en dan mei de trein. Yn dizze hal ha ik in soad wachte. En it moaie wie dat je faaks wol oan de praat kamen mei lotgenoaten. Je moetsje altyd minsken ûnderweis. Mar ik ha hjir ek in soad lêzen en skreaun.”

Hat dit plak ynfloed op dyn skriuwen?
“Ja. Ik makke fan it wachtsjen yn dizze hal in deugd. Hoewo’t ik oeral ynspiraasje fyn, bin ik hjir begûn mei de oersetting fan ‘Erik of het kleine insectenboek’.”

Hearst hjir ek muzyk?
“Ik lústere hjir nei metal en hardrock. Foaral nei bands as Machine Head. De lêste tiid ha ik mear doom metal op myn mp3-spiler. Dan ha we it oer bands as Woods of Ypres en Swallow the Sun. Somtiden lústerje ik nei oldschool punk fan NOFX, Offspring en Pennywise. Minsken sizze dat ik wat in iensidige muzyksmaak ha mar ik fyn it just hiel breed.”

Do wiest drummer by Kramtried, lústerest gjin Kramtried mear?
“Nee, eins net. Troch myn reizgerij, bin ik út de band stapt en ha sels myn drumstel ferkocht. Wa wit wol ik der letter wer wat mei dwaan.”

We nimme ôfskie fan Geart en stappe út de sintrale hal wei mei har renaissance en gotyske styl oer it wetter nei it Groninger Museum. Fan de skilderingen op it stasjon nei de doeken fan de Nieuwe Wilden. Dizze tentoanstelling fan benammen Dútske ekspressionisten út de foarige iuw lit in oare kant fan de keunst sjen: artistike frijheid sûnder kompromis. Sis mar fan it ynsekteboek nei Kramtried. Wy begripe de kar fan Geart foar it plak Grins.

Comments
Ien reaksje oan “It plak fan Geart Tigchelaar”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.